boel smiet se yn 'e kiste en bigroef him efter yn 'e tún. Doe't har man thúskaem fortelde se him, dat it bern fuortroun wêze moast. De man socht mei de buorlju alles ôf - sels die it wiif ek wakker mei - mar se founen it famke net.
Jierren letter kaem de man to forstjerren. Doe dage syn earste frou op en woe it bern wer ha. Se kaem by de styfmem to lânne en frege hwer't har dochterke wie. Nou, dat bern wie fuortroun, sei dy, en se hiene der noait wer hwat fan heard. It minske koe oppakke, sa gau mooglik.
De frou joech har ôf, en doe't se it sânpaed delroun dat yn 'e tuskentiid oer it efterste stik fan 'e tún oanlein wie, seach se oan 'e kant tusken de blommen in bernehantsje ta de groun út stykjen. De frou is fuortynienen nei it doarp gongen om it oan to jaen. It spul is dêr opgroeven en doe kaem de kiste foar 't ljocht, dêr't de klean en hwat oerbliuwsels fan it bern noch yn sieten.