Hoe't de duvel syn sturt kwytrekke is
Der wie ris in jongfaem, dy waerd nachts altyd bisocht troch de duvel en dan slepte er by har. En hoe't se de doarren ek ôfskoattele, hy kaem altyd mar wer, en dan koe se har net tsjin him forsette. Op in kear gong se nei de duvelbander en lei him de saek foar. De duvelbander sei: ‘Dan moat der in iepening wêze, dêr't er troch komme kin. Mar dêr is rie ta’. En doe joech er har in bibel en sei: ‘Nou moatte jo út dizze bibel safolle blêdden skuorre, dat jo der de hiele binnenkant fan 'e keamer mei biplakke kinne; elke kier en elke naed moat ticht. As de duvel dan werkomt, kin hy der net troch hinne komme, en as er ien kear foar de doar stean bliuwt, komt er der noait wer yn’.
It fanke gong nei hûs, makke stisel en biplakte de hiele keamer fan ûnderen oant boppen mei blêdden út 'e bibel. Se gong op bêd, mar deselde nachts kaem de duvel wer en slepte by har. Op 'e nij socht se de duvelbander op en sei: ‘Ik ha krekt dien hwat jo seine. Ik soe net witte hwer't ik de keamer net mei blêdden út 'e bibel biplakt ha en likegoed hat de duvel fannacht wer by my west’. Doe sei de duvelbander: ‘Dan is der dochs in gatsje dat jo net fine koene en net tichtmakke ha. Ik sil jo noch in oar middel meijaen. Sjoch, as de duvel nou wer by jo yn 'e keamer komt, dan moatte jo him dit krús foarhâlde. Dan moat er wike, hwant dêr kin er net tsjin. Jo geane nei hûs en dan moatte jo fannacht op 'e rânne fan 't bêd sitten bliuwe en jo meije net yn 'e sliep falle, mar wachtsje oant de duvel komt’.
It fanke die hwat de duvelbander har oplein hie. Se siet op 'e rânne fan it bêd en om klokslach tolve ûre seach se ynienen de duvel syn sturt troch in mûzegat efter de doarpost wei kommen en dy striek de skoattels fan 'e doar. It fanke wie ynearsten sa forbjustere dat se gjin hân to weech slaen koe. Doe seach se, dat de sturt nei de kaei fan 'e doar taestte, dy't yn 't kaeisgat siet, en dat er bisocht om de doar fan 't slot to draeijen. Se wie ynienen wer biret. Se pakte it krús en joech de duvel sa'n tik op 'e woartel fan 'e sturt dat se de hiele sturt der ôf sloech. De duvel joech him ôf en de faem krige de sturt en smiet him ta 't finster út yn 'e tún. Doe't se de oare moarnes wekker waerd, wie út 'e sturt fan 'e duvel in plantsje groeid. Dat wie de klimop en dy krûpt noch by alle huzen op en siket gatsjes om der wer yn to kommen. En sûnt dy dei is de duvel altyd sûnder sturt sjoen.