In pot yn 't boenderlân
Der wiene twa arbeiders dy't wakker meiinoar koene. Hoe earmoedich as se it faek hiene, de iene holp altyd de oare. Op in kear namen se oan om in stik boenderlân to kearen foar in stûr de roede. Dat boenderlân soe bou wurde. Se moasten oanbealigje, woene se deis in roedemannich hawwe - it gong net fansels. Doe op in dei, it roun al tsjin 'e joun, stjitten se op in pot mei jild. Dat wie in stik bûter yn 'e brij! Se seine: ‘Wy hâlde ús hjir stil oer, thús ek. As de froulju har forprate en de eigener komt der efter, dan moatte wy it jild ek noch kwyt. Wy steane foar de winter, it kin ús tige fan pas komme. En as it mei de winter hwat tafalt en wy hâlde der hwat fan oer, dan keapje wy takomme maitiid in pear bistkes, safolle jild is der wol’. Se woene de pot mei jild earst mar wer bidobje. De oare deis soene se in sek meinimme, dan eage dat sa bot net.
Dy nachts koene se der beide net fan sliepe. En doe kaem de oergunst boppe. De iene tochte, as ik dat nou allinne hawn hie, dan hie 'k knap boer wurde kinnen. De oare hie altyd al sin oan hanneljen hawn. Ja, hy koe keapman wurde, as er dat jild mar allinne foun hie. It krige har yn 'e macht. Op 't lêst wie de iene út 'e rie. Hwat let my, tocht er, en nim in bile mei. Dan slaen ik him de harsens yn. De oare wist lang om let ek hwat him to dwaen stie: ik bin altyd de kofjesetter - ik ha noch hwat rottekrûd: as ik dat spul der yn doch dan bin 'k mei in ûre fan him ôf.
Op it wurk wiene se beide bêst op 't skik. Hiele forhalen hongen se op oer hwat se it wiif wysmeitsje soene. Mar de iene koe healwei tsienen amper ôfwachtsje.