De beamkapper
Der wie ris in âlde beamkapper, dy moast om itende to bliuwen altyd noch beammen roegje. Mar hy waerd al mar âlder en stiver en de formogens waerden minder. Op in kear dat er in mânske beam heal trochkappe hie, koe er de haksebile net mear risse. Mismoedich siet er oan 'e foet fan 'e beam, mei de rêch tsjin 'e stamme, en sei lûdop by himsels: ‘Ik koe mar better dea wêze, hwant it beamkapjen wol net mear en nou moat ik fan honger omkomme’. Mei stie de dea foar him - to minsten dat miende er, mar it wie de duvel dy't it stal fan 'e dea oannommen hie. Dy sei tsjin him: ‘Jo miene tink dat ik kommen bin om jo op jou winsk to heljen, mar sa is 't net. Ik wol jo wol helpe. Ik sil jo de pine en it lijen ôfnimme en jo sille de lêste jierren fan jou libben wer soun en goed wêze en jou wurk mei wille dwaen kinne. Lykwols - op ien bitingst: jo binne foar my, sadré't jo de lêste beam fan dizze bosk kappe hawwe, hwant dan is jou libben om’. It like de âld man ta, dat er dêr neat mei forlieze en gâns mei winne koe. Dat hy sei sûnder birie: ‘As jo dat dwaen kinne, is it my bêst’.
Op itselde stuit wie er wer in feardich jongkeardel en hy koe arbeidzje lyk as er alear kinnen hie. Hy kappe de beammen en oaren fierden se ôf. It wie gâns in bosk en hy die der lang oer, mar op 't lêst wie de ein doch to sjen. Hy hie tofoaren nearne gjin euvelmoed yn hawn, mar nou kaem him yn 't sin hwat de dea sein hie: ‘As jo de lêste beam kappe hawwe, binne jo foar my’. It hie doch nuver praet en nuver dwaen fan 'e dea west! Hy krige der erch yn, dat it de duvel wol wêze moatten hie, ynpleats fan de dea.
Op in joune lei er op bêd en hy hie 't neat to rom, hwant der stie noch ien beam oerein en dy moast der de oare deis oan. Hy bigoun to bidden en doe't er syn gebed dien hie, hearde er in stim, dy't sei: ‘Kapje de lêste beam!’ De oare moarns naem er de haksebile, hy gong nei de bosk en hy kappe de lêste beam. En doe't de beam omfoel stie de duvel, mar nou yn syn eigen stal, njonken him en sei: ‘It is jou tiid’. Mar tagelyk stie der oan 'e oare kant njonken him in ingel en dy sei tsjin de duvel: ‘Sjoch ris om jo hinne! De ikebeammen hawwe har fruchten falle litten, ek de oare beammen hawwe harsels siedde - oan alle einen en kanten slacht it jonge grien op. As jo útlizze kinne hwat in beam is en hwat gjin beam is, dan hawwe jo it rjocht en nim dizze man mei. Mar jonge beammen binne ek beammen en dy sille waeksje salang as de ierde bistiet’. Mei wie de duvel fuort en ek de ingel wie fordwoun. De man siet op 'e omfallene stamme fan de lêste beam, en hy wie wer âld. Rounom om