It fjouwerûrebrea dat yn stien foroare
Der wie ris in man dy hie de hiele dei yn 't fjild swalke mei hwat negoasje. Hy forkocht sa'n bytsje, dat it koe der net ôf en oernachtsje yn in herberch. Hy moast it fan jowne stikken hawwe en by in boer yn 't hea sliepe. Doe kaem er op 'e neidei op in pleats, der wie de boerinne oan 't fjouwerûrebreasnijen. Hy frege om in stik brea. Mar oft dat minske sa'n min sin hie of dat se sa gjirrich wie, de frou pakte ien fan 'e stiennen dêr't de bern yn 't mulhús mei oan 't boartsjen wiene en sei: ‘Sjoch, hjir hast hwat. Kauje dêr mar op, dat is foar dy goedernôch. En pak nou mar op!’ Hy antwurde: ‘As dat foar my goedernôch is dan is it foar jo ek goedernôch. Ik hoopje dat jou brea yn stien foroaret’, en hy joech him ôf. Mar de boerinne koe har mes net iens mear troch it fjouwerûrebrea krije, it wie stien wurden. Dat se koene dy jouns foarbygean.
Fan dat foarfal wie dy frou sa kjel wurden, dat se hat noait wer ien mei lege hannen foarbystjûrd. Se kocht in dit of in dat, se joech in stik brea of by need in kop drinken, mar altyd die se hwat. Soms frege se har ôf, oft dy negoasjeman in ingel west hie, of faeks ús Leaven Hear sels.