De tankbere duvel
Der wie ris in earm man dy hierde in stik lân fan 'e rjochter. Mar de hier wie fierstento heech, de man hie der hymjen oan om dy opbringe to kinnen. Op in kear wie er ûnderweis nei hûs en doe hearde er in eintsje fan it paed alderearmhertichst krimmenearjen. Hy roun der hinne en doe foun er immen dy't mei de foet yn in hazzeklemme siet. Doe't er goed taseach merkbiet er dat de man in bokkepoat hie, en doe frege er: ‘Binne jo de duvel?’ Ja, sei dy persoan, dat wie er, mar hy woe graech holpen wurde. ‘Toe dan mar’, sei de man, ‘oft it nou de duvel is of net - dy't yn in hazzeklemme sit moat holpen wurde’. Hy makke him los en de duvel joech him ôf.
Der kamen jierren fan droechte. It lân joech neat en de man koe de hier net meitsje. De rjochter liet him ophelje en frege him: ‘Hwerom bitelje jo de hier net?’ ‘Ik ha neat’, antwurde de man. De rjochter sei: ‘As jo binnen trije dagen net bitelje, dan lit ik jo wer helje en dan sil 'k jo wol krije’. De man gong nei hûs; hy seach gjin kâns om it jild by elkoar to krijen. Mar de lêste jouns, wylst de man mismoedich by de tafel siet, kaem de duvel der yn. Hy sei: ‘Jo ha my in kear holpen, doe't ik mei de foet yn in hazzeklemme siet. Ik ha 't hiele forhael heard, moarnier gean ik as abbekaet mei jo nei de rjochtbank’. ‘Hwa hawwe jo dêr by jo?’ frege de rjochter de oare moarns. ‘Dat is myn abbekaet’. ‘Hwat abbekaet!’ sei de rjochter. ‘Dy binne jo net nedich. Hawwe jo lân fan my hierd?’ ‘Ja’. ‘Hawwe jo de hier bitelle?’ ‘Né’. ‘Dan binne jo it kontrakt net neikommen. Alles hwat jowes is forfalt oan my. Ik foroar-