It kleijende liet
Der wie in âlde keninginne, de kening wie dea en se hie twa bern, in jonge en in fanke. Neffens de wetten fan it lân moast de soan kening wurde, mar hy woe net doge, it wie in earsten loskop. De dochter hie in goed karakter en in skerp forstân. De keninginne hie dan ek sa leaf wol, dat de dochter har opfolge as de soan, mar hoe moast se dêrmei oan?
Doe sei se op in kear: ‘Sjoch, hjir haw ik in blom, dat is in keningsblom. Dit is in papierenien, mar hy komt ek foar yn 'e natuer en dan sjocht hy der krekt sa út. Hwa fan jimme it earst mei de echte, libbene blom thúskomt, kriget de troan’. Se tocht by harsels, de soan fynt him doch noait, hy hat syn nocht gau fan 't sykjen ôf.
Beide stieken se it fjild yn. Nei in pear dagen krige de prinses foar it forstân hwer't sa'n blom likernôch stean moast. Dêr gong se hinne en se foun him. Hja sette de stap op hûs oan, mar de prins hie noch neat. Hy hie der ek net bot om socht, hy siet yn 'e herberch oan 'e buorrel. En doe seach er syn suster rinnen mei in blom yn 'e hân. Se moast oer in iepen fjild en hy sette har efternei en sloech har dea. It lyk bigroef er dêr yn it fjild en mei de blom kaem er by de keninginne. Ja, der siet neat oars op - hy wie earlik earst. De keninginne wachte al mar op har dochter, mar dy kaem noait werom. De soan hie syn mem wysmakke, dat er wakker om syn suster socht, mar har net fine kinnen hie en dat er doe mar nei hûs ta gongen wie. Hy waerd mei de tiid kening. Mar dat gong op in feestjen en oangean, krekt as koe 't net op.
Der wiene ûnderwilens al in jiermannich oer forroun, doe is dêr in jonge skeper mei syn skiep yn 't fjild. Hy sit der op in balstien, pjukt hwat mei syn stêf yn 'e groun om en fynt dêr in bonkje. Hwat in eigenaerdich bonkje, tinkt er. Hy wosk it hwat ôf en doe wie it hagelwyt. Hy ornearre, dêr koe er moai in fluitsje út meitsje. Hy hie it wol oan tiid, dat hy bigoun to fykjen en snie der in fluitsje fan. Doe wie it eigenaerdige: hy koe der mar ien wize út krije. En hwat noch eigenaerdiger wie - op dy wize koe er wurden forstean:
Mijn doodsbeen moet uw speeltuig zijn.
Ik had de koningsbloem gevonden -
Maar mijn broeder sloeg mij dodelijke wonden.