wie oerbleaun: se woe graech witte, hwat der fan har soan wurden wie.
De jonge waerd greater. Och, yn 't bigjin koe hy der noch net oer prate, mar it duorre net sa lang doe frege er syn heit, hwer't syn mem doch wie. De man makke him der ynearsten ôf, mar doe't de soan opwoeks, fornijde er him dat syn mem har oan 'e duvel forkocht hie en dat hy dêrút fuortkommen wie. Hy, de heit, hie har fuortjeije moatten. De jonge naem him dat tige nei. Hy tocht, ik moat hwat dwaen, net allinne foar mysels, mar ek foar myn mem, dêr't ik net fan wit hwer't se keard is. Sa waerd er to riede om pryster to wurden. Doe't er klear wie, waerd er pryster fan in tsjerke yn syn berteplak.
De jierren gongen foarby. Doe op in joune foun er yn 'e foartsjerke in âlde biddelfrou. Hy spriek har oan, omdat har wanhopich gesicht him oandearde. De frou sei tsjin him, se woe graech bychtsje en hy naem har mei yn de tsjerke. Doe die se him yn 'e bycht har libbensforhael. De soan bigriep dat it syn mem wie, mar hy fortelde it har op dat stuit net. Hy sei allinne: ‘Gods genede is folle greater as it kwea dat de duvel oanrjochtsje kin. As jo wierlik birou hawwe, gean dan mei nei foaren, nei it alter en bliuw de hiele nacht op 'e knibbels foar it kristusbyld dat dêr stiet lizzen. Moarnier kom ik wer by jo. Mar bitrou, dat jou sûnde jo forjown wurdt’.
De frou lei dêr de hiele nacht yn gebed, sûnder in trien to litten. Mar doe't de oare moarns de earste sinnestrielen troch in finster op har skynden, doe liet se twa triennen falle en út dy twa triennen groeide it skaed en foel oer de tsjerkeflier. Op dat stuit kaem har soan op har ta. Hja kaem oerein en sei tsjin him: ‘Ik haw myn skaed wer!’ Doe sei er: ‘Nou is alles goed. Ik bin jou soan. Troch jo bin ik pryster wurden en troch my is jou sûnde forjown’.