ôfskie. De dreamer frege him ek diskear, hwerom't er dat die, mar hy krige gjin forklearring to hearren, de man sei inkel: ‘Folgje my!’
Wer rounen se de hiele dei en de jouns kamen se by in arbeiderswentsje, dêr't de minsken joegen hwat se hiene en dêr't se fornachten. Mar de oare moarns by it fuortgean stiek de man dat hûs yn 'e brân, dat it platbaernde, wylst de minsken der nauwerneed út kamen. Hy frege wer nei it hoe en hwerom, mar hy krige oars gjin antwurd as: ‘Folgje my!’
Doe rounen se noch in dei en de jouns kamen se by in âld man mei in lyts famke. Dat wie syn bernsbern en it iennichste dat him oerbleaun wie. Se krigen in bêd en it ûntbriek har oan neat. Mar de oare moarns frege de frjemde de âld man, oft syn bernsbern wol mei mocht om har oer de rivier to bringen. En doe't se midden op 'e brêge wiene, naem de man it famke op en smiet it yn 'e stream, dat it fordronk. Doe koe hy dy't dreamde him net langer bidimje en hy sei tsjin de frjemdling: ‘Alderfreeslikst is it, hwat jo dogge. Ik wol net fierder mei jo!’ De man sei: ‘Dan krije jo nou de forklearring’.
Sjoch, dy kostbere beker wie in forgiftige beker en dy't er him ûntstiel bleauwen bihoede foar in great gefaer, mar dejingen dy't him krigen, dronken der har de dea oan. De arbeider hwaens hûs ôfbaernd wie, groef yn 'e groun om de founeminten fan in nij hûs to lizzen. Hy foun in greate skat en kaem ta wolstân. It famke dat er fordronken hie, koe troch de âld man net goed opfieden wurde en it hie in biderveling wurden. Dêr wie se foar biwarre troch har ûntidige dea.
De frjemdling yn 'e dream makke him net bikend, mar de man twivele der by it wekkerwurden net oan, dat him yn dizze bylden de ûnbigryplikheden Gods iepenbiere wiene, dy't wysels net trochtinke kinne.