De duvel en de smidsfeint
Der wie ris in jongfeint, dy woe smid wurde. Mar beide hannen stiene him dwersforkeard, hy seach sels kâns om mei de hammer by it ambyld troch to houwen. Der wie gjin smid dy't him yn 't wurk hâlde woe en dêrom koft syn heit in âld ambyld foar him, dan koe er dêr hwat op oefenje.
Op in sneintomoarn, wylst syn heit en mem nei tsjerke wiene, stie de jongfeint yn 't hok foar 't ambyld en hy sloech der wakker op om. Se wennen pûr op 'e romte, dat der wie gjin minske dy't der lêst fan hie. Ynienen draeide de hoksdoar súntsjes iepen en der stie in man op 'e drompel. Der hong him in swartsiden mantel om 'e skouders en hy hie in stôk yn 'e hân. ‘Jo hawwe it mar drok op sneintomoarn’, sei de frjemdling, ‘wol it hwat slagje mei it wurk?’ De jongfeint smiet de hammer oer de groun en sei mei in grou flokwurd: ‘Nei de hel mei dy hammer! It liket wol oft de duvel der mei spilet. Ik lear it noait!’ ‘Jo moatte net sa mâl!’ sei de man, ‘as jo wolle, dan lear ik jo it fak sa goed, dat der gjin better smid op 'e hiele wrâld is. Jo tochten dat de duvel der mei spile en dat jo it dêrom net ûnder de slach krije koene, mar ik bin de duvel sels en ik bin hjir kommen om jo to helpen’. De feint seach him forheard oan en frege hwat de duvel dêr dan wol foar ha moast. De duvel hie mar ien bitingst - as de jongfeint oait noch ris troude, dan wie de earste jonge dy't berne waerd foar him. De duvel soe him helje, sadré't er fjirtjin jier waerd. De jongfeint tocht efkes nei. Dat mocht hinnebruije. Dan troude er ommers net. Hwat koene him de froulju skille! Hy wie it ba om altyd troch syn maten útgniisd to wurden. Sa'n kâns krige er miskien noait wer.
De duvel naem hwat bloed út in ier fan 'e jongfeint en liet him der in kontrakt mei ûndertekenje. Hy sei him ta, dat er fan nou ôf oan alles meitsje koe hwat syn eagen mar sjen soene of hwat him yn 'e holle opkaem. Earst woene de minsken net leauwe dat dy knoffelige jonge nou in smid wie dy't alles koe, mar doe't der in nij hôf by it tsjerkhôf oan kaem, makke hy dêr in hek foar fan sok moai smeiwurk dat elkenien kaem to sjen. It duorre net lang, doe wie er ien fan 'e forneamdste smidden fan 'e hiele wrâld.
Dat gong jierren sa troch en hy fortsjinne jild as wetter. Doe mette er in fanke, dêr't er bistek op krige en ear't hy der erch yn hie, wie er troud. Hy hie net sa faek mear oan syn oerienkomst mei de duvel tocht, mar doe't it earste bern kaem en dat in jonkje wie, doe waerd er raer to moed. Hy doarst syn frou neat fortelle en de jierren gongen foarby. Mar doe't de jonge hast fjirtjin jier wie, moast er wol. Hy gong nei de pastoar en fortelde him alles hwat der bard wie. De pastoar lei him út hwat de jonge to dwaen hie om rêdden to wurden. Hy moast de deis foardat er fjirtjin jier waerd yn 'e tsjerke komme, dêr moast er op it alter sitten gean en der net ôf komme. Trije dagen en trije nachten moast er sûnder iten en drinken sitten bliuwe en lûdop út 'e bibel foarlêze. De duvel soe wol fan alles bisykje om to meitsjen dat er ophâldde mei lêzen of om him fan it alter ôf to lokjen, mar hy mocht him nearne oan steure.
Dat gong oan en de earste nachts krekt om tolve ûre hearden se yn 'e tsjerke, dat de doarren iepengongen. De jonge siet op it alter en lies lûdop út 'e bibel. Troch de tsjerkedoar kaem in alderleafst fanke. Se roun nei it alter en frege him hwerom oft er dêr siet. Mar de jonge sei neat en lies troch. It fanke bigoun him hwat to narjen