De ring fan it ljocht
Kening Salomo wie ien fan 'e wiiste minsken dy't der ea west ha. Sels de wetgelearden en de prysters gongen wol nei him ta as se mei it iene of it oare oan wiene, en fregen him om rie. En yn rjochtsaken wie der op 'e hiele wrâld nimmen dy't him bilykje koe. Der waerd him wol ris frege, hwer't er dy oermjitte greate wiisheit wei hie, mar dêr woe er nea oer prate.
Der wie wol in geheim. Doe't er noch prins wie, hie er ris dreamd, dat de ingel fan 'e gerjochtichheit by him kaem. Dy joech him de ring fan it ljocht en hiet him om dy ring net to dragen salang't er noch gjin kening wie. En doe't Salomo wekker waerd, hie er de ring om 'e finger. Mar hy die hwat de ingel fan 'e gerjochtichheit him oplein hie en burch de ring ynearsten wei.
Salomo waerd kening en doe ûnderfoun er, hoe'n formogen dy ring hie om him de wierheit to iepenbierjen. As er de ring fan it ljocht droech, dan seach er alles hwat der yn 'e herten fan 'e minsken omgong. Dat wie sa forskriklik om oan to sjen en dat die him sa'n fortriet, dat hy koe en woe de ring allinne mar drage as er foar hiele swiere fragen stie of as er rjocht sprekke moast. Yn de ring siet in greate stien. Dy bigoun to ljochtsjen, as immen wierheit tsjin him spriek, mar hy waerd dof, sadré't der leagen of ûnrjocht yn 't spul kaem. Boppedat waerd him dan tagelyk iepenbiere, hwerút de leagen bistie en hwat dan wol de wierheit wie. Mar sadré't de rjochtsitting of de oare slimme saek efter de rêch wie, burch Salomo de ring wer op yn 'e timpel.
Doe kaem der op in kear út in fier lân in keninginne by him op bisyk, de keninginne fan Seba. En Salomo, sadré't er har seach, krige har leaf en de keninginne krige Salomo leaf. Se wie kommen foar in koart bisyk, mar hja hagen inoar sa tige, dat it forbliuw duorre gjin wike en gjin moanne, mar it waerden jierren en yn dy tiid bigoun Salomo hyltyd mear fan har to hâlden. Mar doe wie der in espel prysters, dy woene minlike graech witte, hwatfoar geheim Salomo eigentlik hie. By de kening sels wiene se foar de winige doar kommen en nou praetten se der mei de keninginne fan Seba oer. En se krigen har safier, dat se tasei om de kening ris to tantsjen, hwer't er doch syn wiisheit wei hie.
En doe op in joune dat se wer bymekoar leine en Salomo him lokkich en tofreden fielde, sei de keninginne tsjin him: ‘Ik haw in greate biwûndering foar dy. Dou witst oeral rie ta en dou fynst útkomst yn dingen dêr't ik machteleas foar stean. Siz my, hwat is nou it geheim fan dyn wiisheit?’ En doe sei Salomo tsjin har: ‘Dy greate wiisheit komt oer my, byhwannear't ik de ring fan it ljocht draech. Ik mei him allinne mar om ha op stuiten dat ik it djipste ynsjoch fanneden bin, en dan helpt de Hear my’. De keninginne, dy't út harsels al in tige skerp forstân hie, krige in oeribel sterk forlangst om ek ien kear dat kleare ynsjoch to hawwen en frege de kening: ‘Mei ik dy ring dan ek wol ris om ha?’ Salomo antwurde: ‘Né, hwant dat soestou net forneare kinne’. Mar krekt omdat er har dêryn net to wille wie, hie se der nammensto greater hertsear fan en op in kear dat de kening fan hûs wie, gong se nei de timpel, dêr't de ring fan it ljocht opburgen wie, en helle him to foarskyn.
Se siet der in set nei to sjen. Doe waerd har op 't lêst de oanstriid oermânsk en se skoude him oan 'e finger. Sa gong se wer nei it paleis en dêr kaem se har tsjinners en har freonen tsjin. Lykwols, diskear seach se net allinne hwat foar eagen is, mar