Hwa is 't?
Op in winterjoune foun in âld minske midden op 'e heide ûnder in beam in lytse poppe. It wie stjerrende kâld en se birôlle it yn 'e skelk en roun sa hurd as se koe nei hûs. Se wenne yn in spitkeet en it iennichste dat se bisiet wie in geit. Se lei de lytse pop by in fjurke, dat se gau fan kouweplakken en dinne-apels makke. Se molk de geit en joech it lyts jonkje fan 'e waerme molke.
It jonkje bleau by har. Se paste goed op him en hy woeks op ta in kreas jongfeint. Hy hie oars noait witten of it wie syn mem. Faek hie se jouns by syn bêd sitten en him teltsjes forteld út lang forline tiden. Dêr wie ek it forhael by, dat der earne fier fuort in greate bosk lei mei dêr middenmank in mânsk kastiel, midden yn in djip roetswart wetter. Dêr wenne in kweade tovener yn en dy hold dêr yn dat kastiel in moaije jonge prinses opsluten. Hy hie har bitovere en se koe net prate. Nimmen wist, hoe't se hiet en hwer't se wei kaem. Der wie mar ien ding dat de bitsjoening forbrekke koe en dat wie as der immen kaem dy't har namme sizze koe. Soms, as de folle moanne boppe de heide stie, hiene guon har sjoen. Dan fleach se op 'e rêch fan in sniewite swan troch de loft en om har hinne fleagen hûnderten wylde wite guozzen mei. In hiel inkelde kear wie se delsaeid fuort by in jongfeint, mar sa gau as dy ek mar ien biweging makke om har to pakken, stoude se as in simmertwirre de loft yn, op 'e rêch fan 'e wite swan, en de wylde guozzen rôpen: ‘Hwa is 't? Hwa is 't?’
Op in simmerjoun wie de jongkeardel de heide op roun. De moanne stie as in greate keatseballe boppe de beammen en oeral boarten wylde kninen en hazzen om him hinne. Hy gong op 'e rêch op in plak sân lizzen en seach nei de ûntelbere stjerren boppe him. Ynienen hearde er, hoe't hûnderten wjukken oer him hinne strûsden. Even letter saeide der in sniewite swan mei in wûndermoaije jongfaem op 'e rêch flak by him del. De jongfeint bleau deastil lizzen en seach nei har. Se hie lang ljocht hier, om 'e skouders droech se in manteltsje, dat makke wie fan it douns fan 'e wylde guozzen. Op 'e foarholle hie se in bân mei stientsjes, dy't krekt sa skitteren as de stjerren oan 'e loft boppe him. Hy bleau lizzen dêr't er lei en lake har oan. Súntsjes sei er: ‘Wist ik jou namme mar, dan koe ik jo helpe’. Se glimke werom, mar hy seach dat der har in pear triennen oer de wangen rounen. Licht as in fear sprong se oerein en klom de swan op 'e rêch en as in simmertwirre fleach de swan omheech, mei alle guozzen om him hinne. Hiel yn 'e fierte hearde er de guozzen noch roppen: ‘Hwa is 't? Hwa is 't?’
It âld minske kaem to forstjerren en de jongfeint stiek de wide wrâld yn. De jierren forgongen, de spitkeet foel ynelkoar en gjin minske wist iens mear hwa't dêr wenne hiene. Op in simmerjoun, wylst de moanne wer as in greate keatseballe boppe de beammen stie en de wylde kninen en hazzen boarten yn 'e ljochte nacht, kaem der in swerver oer de heide. Hy roun hielendal krûm en line swier op in tsjûke knûst.
Midden yn 'e heide gong er op in sânplak lizzen en seach omheech nei de stjerren. It boarst pipe him, syn lippen wiene fordroege en der lei in flues oer syn eagen. Doe wie der in lûd fan hûnderten wjukken om him hinne en in amerij letter saeide de sniewite swan flak by him del. Licht as in fearke sprong de jongfaem fan syn rêch en hoeden liet se har op 'e knibbels by de swerver delfalle. Mei in finger