De Magneetberch
Der wie in kening yn 'e súdlike lannen dy hie altyd in bulte nocht oan farren en hy mocht graech skippen lije. In oarlochsfloat hoegde hy der eigentlik net op nei to hâlden, hwant hy hie sa'n great ryk, dat der net ien wie dy't him oanfoel en sels wie er net foroveringssuchtich. Doch hie er fyftich oarlochsskippen bouwe litten, allegear fan hout fansels, dat wie doedestiids sa, en in hiel great jacht, dêr't er faek mei foer. Soms woe er der hwat fortoan by ha. Dan sweefden dy fyftich oarlochsskippen der allegearre as miggen omhinne, mar hy gong ek wol mei dat greate jacht allinne fuort.
Op in kear dat it moai waer wie, sei er tsjin de kaptein fan it jacht: ‘Wy moatte mar ris út to farren, en slach gâns proviant yn, hwant de reis duorret grif langer as in dei en in moarnsskoft’. De tocht foldyng harren skoan. Se foeren by de kust lâns en hwer't se in haven oandiene, roun it folk út en weau de kening ta. Dêr wie er mear as in bytsje mei forgulde. Doe op in joun, se hiene al fjirtich dagen en fjirtich nachten fearn, se soene al hast wer op hûs oan, dêr krije se in fleanende stoarm op 'e hûd. Alderforskuorrendst, der wie gjin hâlden en kearen oan - it skip stoude foar de wyn ôf.
Mar de nachts om tolf ûre bilune de stoarm. Se seine: ‘Hoe kin dit nou? Net allinne dat it blakstil is, mar der binne ek gjin weagens mear to sjen’. Mar it frjemde wie, se koene it roer omgoaije safolle as se woene, it skip dreau altyd mar ien kant út. It bigoun allinne mar dwers to hingjen, it wie gjin farren gelyk. Se seine: ‘Dit witte wy net!’ De kening wie der ek mei oan en frege de kaptein: ‘Hoe sit dit?’ ‘Ja’, seit dy, ‘dit spul doocht net. As spile der tovenerij mei ûnder!’ Nou, dat leauden se dan ek wol. Se dreauwen al mar troch. Hwer't se wiene koene se net mear bipale, mar dat se fier fan hûs wiene, wisten se wol. En doe't it goed op 'e middei wie, sei de kaptein: ‘Nou is 't ek hwat! Wy binne allegear forlern. Sjogge jo dy heuvel wol, dêr midden yn 'e sé?’ ‘Jawol’, sei de kening, ‘dat is in eilân’. ‘In kwea eilân! Dat is de Magneetberch. Dêr haw ik wol faek fan heard. Dizze oarde wurdt altyd mijd troch de sélju, hwant al hwa't hjir komt dy fart him to pletter. Hwat tichter as jo by de berch komme, hwat hurder de skippen oanlutsen wurde, hwant dêr sit in stof yn dy't se magneet neame. De skippen wurde tobrizele, mei sa'n gong fleane se der tsjinoan. De spikers wurde op 't lêst út 'e planken lutsen’. ‘Is dêr dan gjin forwin op?’ frege de kening. ‘Né’, sei de kaptein. ‘Of ja, der moat al hwat wêze, dat ha 'k heard fan âlde sélju. Der stiet sa'n ruter boppe op 'e berch, en as dy nei ûnderen dondert, dan is men der ôf’. ‘Mar hoe krijt men dy der ôf’, frege de kening wer. ‘Der moat hwat bigroeven wêze op it eilân - as ik it goed ha in pylk en in bôge. Mar fyn dy ris! En hwa komt libben op it eilân? Ik wik it jimme: wy fleane aenst to pletter tsjin dy hege rotsen. It is ien bonke stien út sé wei’.
Allegearre sieten se yn noed en soarch, wylst it skip hwat langer hwat hurder troch 't wetter glied. En op in stuit, dêr fljocht it tsjin 'e rotsen oan en de hiele boel oan flarden. Mei grypt de kening - it skipsfolk bisocht it ek wol, mar dy hiene de gelegenheit net - in swiere planke, dêr't de spikers al út skuord wiene. It is krekt as wolle se der him fan los skuorre, mar hy hâldt him út alle macht beet en hy rêdt it der ôf. Hy dreau mei de planke by de rotsen lâns en oan 'e oare kant fan it eilân, dêr't it flakker wie, waerd er op 'e wâl wipt. Mear dea as libben en heal yn 'e sûs