Forjitte jo it bêste net?
Der wie ris in earm minske, dat roun mei in lyts bern op 'e earm oer de heide. Doe kaem se in greate hoale foarby en mei't se har efkes foar de yngong deljoech seach se dat yn dy hoale in keppel lytse mantsjes oan lange tafels goudjild sieten to tellen. Se fortelde har, hoe earm as se wie en dat se graech hwat fan dat goudjild ha woe. Doe sei ien fan dy mantsjes: ‘Kom der mar yn en hwat jo der út drage kinne is foar jo, mar hwat jo lizze litte is foar ús’. De frou gong de hoale yn en lei it bern op 'e groun. De skelk laedde se fol mei goud en doe soe se wer fuort, mar ien fan 'e mantsjes frege: ‘Witte jo fêst dat jo genôch hawwe? Forjitte jo it bêste net?’ De frou antwurde: ‘Sa ha 'k mear as genôch’. Se roun de hoale út en dy gong mei-ien efter har ticht. Mar doe't se bûten stie, bisaude se, hwant dêr stie se mei de skelk fol goud, mar har bern wie efterbleaun yn 'e hoale. En it skeat har yn 't sin, dat it mantsje sein hie: ‘Hwat jo lizze litte is foar ús’. Ynienen koe it goud har neat mear skele, hwant it bern wie har it alles.
Sawn dagen en sawn nachten hat se dêr foar de hoale sitten to skriemen. En doe op de achtste moarn gong de hoale wer iepen en de mantsjes sieten wer to jildtellen. Omdat se mear om it bern joech as om it jild, waerd har tastien om it mei to nimmen. De goudstikken mocht se ek noch hâlde.