De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 141]
| |
in ploech dwergen en in kweade hekse. Dat folk waerd forhûddûke en koe alles mar útfiere hwat dy binde har oplei. It wie dy dwergen slim yn 'e wei, dat dat oare lân sa fleurich en woltierich wie. Se smieten der bigearige eagen op en hysten it folk dêr't se de baes oer spilen oan en dy foelen ûnforhoeds yn it lân fan 'e freedsume kening en plonderen it út. De kening sels sloegen se dea en de prinses fierden se finzen mei. Ien fan 'e dwergen woe har ta wiif hawwe, mar dat forsei se ivich. De hekse hie har leafst yn in baerch foroare, dan goed oanmeste, slachtsje en opfrette, mar de dwergen seine: ‘Wy kinne har better brûke foar de smoarchste kerweikes’. Deis krige se mear stokkebrea as streksum iten en nachts waerd se op in souderkeammerke yn 'e toer opsluten, mei in tsjokke ikene doar der foar, dêr't swiere izeren skoattels foar strutsen waerden. Dêr siet se allinne yn 't tsjuster en moarnsier waerd se der út helle en dan bigoun it earme lijen wer. It paleis of greate kastiel dêr't se yn sieten waerd swier biwekke, dat oerdei wie der ek gjin inkele kâns om to ûntkommen. Doe op in kear wie der in heislik tumult. Se mocht net by har wurk weirinne; as se mar efkes stie to praten of to sjen, dan krige se in feech mei de swipe, mar doch koe se it net litte en sjoch efkes. Doe wie der in kloft dwergen en dy wiene sa dronken as ûlen. Se hiene it yn 'e kop krige om in nêst mei slangen dea to meitsjen. Nearne om, hwant dy slangen wiene hielendal net kwea en dat wist de prinses wol, né inkel út nocht oan marteljen en moardzjen. Ien slange hiene se al dea en doe koe de prinses har net langer bidimje, dat se grypte in dwerch en dêr houde se in oarenien mei op 'e kop. Se sloech se beide yn ien kear kroandea, de iene mei de oare. Doe sprongen in pear oare dwergen op har oan, mar dy gongen deselde wei op. Troch dat trelit rekken de dwergen efkes fan 't sintrum, en dêr makken dy slangen gebrûk fan. Oars waerden se biwekke, mar nou glûpten se ta it kastiel út en de bosk yn. De oaren fan 'e ploech dwergen soene nou oer de prinses gear falle, mar se rinkele se útinoar en hâldde se op in distânsje. Dêr kaem de âlde hekse oan en dy skreaude: ‘Mar nou sil 'k dy helpe! Ik foroarje dy yn in baerch’. ‘Né, né!’ rôpen guon fan 'e dwergen, ‘dat is fiersten to maklik foar har. Dat kin mei in skoftke noch wol ris. Se moat hjir earst mar ris goed foar bliede’. De dwergen bistelden oar folk, guon dy't har tsjinnen. Meimekoarren pakten se har oan, bounen har en tôgen har by de treppen op nei it souderkeammerke. Dêr waerd se op in izeren ledikant smiten. Se krige deis mar mear de helte fan it iten dat har oars tapart waerd en trije kear safolle swypslaggen. Fan it gemartel kaem se der út to sjen as in beest en fan it hongerlapjen as in geest. De twadde jouns kaem it de âlde hekse yn 't sin om it glês iepen to setten. De prinses moast al sûnder tekkens op dat izeren ledikant lizze. ‘Sisoa’, sei de hekse, ‘lit se mar siik wurde, en dan giet se wol dea’, hwant dy hekse woe har wol slite. De prinses wie dy nachts noch folle kâlder as de foarige, se lei dêr to skodzjen en to klaptoskjen, se bistoar it omtrint fan 'e kjeld, wylst se oerdei biswit west hie fan it arbeidzjen. En doe hearde se de nachts hwat gerissel. Se lei fêstboun op it ledikant, mar se koe doch safolle skeuke, dat se de holle dy kant út draeije koe. En ja, doe seach se dat dêr in slange by har op bêd kroep, dy hie in kroantsje op 'e kop. De slange seach wol, dat de prinses it net op har stean hie en sei: ‘Wês mar net bang, hwant ik woe dy bitankje foar datst dy oare slangen rêdden hast. Der hat noch noait earder ien west dy't dy dwergen oandoarste’. | |
[pagina 142]
| |
De prinses harke frjemd op, dat dy slange prate koe. ‘Ja’, sei de slange, ‘dat fortel ik dy letter allegear wol. Ik bin bitovere troch dy hekse. Mar nou ha 'k in fleskefol guod meinommen en dêr sil ik dy in leppeltsjefol fan jaen; dan hast gjin hinder fan 'e kjeld en dou bist twa kear sa sterk as oars en fielst gjin pine mear fan 'e swypslaggen. En dan sjogge wy letter wol, hoe't it komt’. Sadré't de slange har it guod ynjown hie, joech se har wer ôf. Mar salang as se der wie, striele dat kroantsje safolle ljocht út en it skittere sa fel, dat it hiele keammerke wie der forljochte fan. De oare deis krige de prinsesse wer trijedûbele swypslaggen, en se moast noch helte hurder arbeidzje, it lette har lykwols neat. Mar it wie krekt as hie de hekse dat yn 'e rekken en doe sei se tsjin in pear keardels dy't dêr stiene: ‘Seamje har noch mar ris goed om’. It bloed roun der nei, sa'n wan krige se, mar se koe it útstean en lang om let waerd it wer joun. Oars krige se dan noch hwat iten, mar doe lieten se dat ek gewurde en de hekse sette diskear de greate finsters hielendal iepen - de prinses koe doch net ûntkomme, hwant se lei dêr fêstboun. Dat wie yn alle gefallen better as dat de finsters hielendal ticht bleauwen, hwant nou koe de slange der wer yn komme. Goed middernacht dêr wie se al. De prinses fortelde, hoe't it har dy deis ôfgongen wie. De slange sei: ‘Ik haw wer in leppelfol guod foar dy en dan rêdst it noch wol in dei’. En doe't de prinses dat ynnommen hie, waerd de slange wer wei. De oare deis moast de prinses dan wer oan 't wurk en foardat se in byt iten krige, waerd se omreitsen ôftichele. De foarige deis hie mar ien de swipe hantearre, mar nou hiene se der twa man oan set - as de iene wurch wie, dan sloech de oare. Kofjetiid krige se wer in kromke iten, mar de hekse seach sels de hiele tiid ta en it minste koe der net wêze of se joech in teken en dan waerd der wer yn houd. Op in stuit dat de prinses kibich oan 't wurk wie, seach se efkes op, mar justjes, en doe sei de hekse: ‘Feech der mar yn, bar om bar in slach, en dek op!’ Mar hwat se net wist, it guod dat se de twadde kears krige hie, dêr hie hwat yn sitten dêr't se op in minsten trije kear sa sterk as normael fan wurden wie; boppedat siet der oar guod troch dêr't se koart oanboun fan wurden wie. En doe't se ûnforwachts dy slaggen krige, doe waerd se sa razend, dat se grypt ien fan 'e beulen by de bealich en slacht him mei de kop op 'e stiennen dat er mjek seit. De hekse rôp der noch in tredde keardel by, mar de prinses pakt dy deade fint op en sa by de skonken beet meant se mei him om har hinne en se slingert dy oare beide fan 'e skonken. Doe soe de âlde hekse har dan mar omtoverje yn in beest, mar der hie ek guod yn dat leppelfol sitten dat de macht fan de hekse tsjingong. De hekse soe har efkes mei in pear toverspreuken omtsjoene, mar sadwaende mislearre dat. De prinses krige dit foar 't forstân en waerd sa fel op 'e hekse, dat se grypt de stôk fan ien fan 'e swipen dy't de oppassers ûntfallen binne en se jowt it âld wiif in klap op 'e kop, dat dy siicht ynmekoar en dea. De dwergen stiene forwêzen om in hoekje to sjen. Nou hiene se net folle mear om by to setten, hwant se hiene de krêft wer fan har. Dêr stie de prinses. Se frege har ôf, hoe kom ik hjir nou wei? En dêr bigjint it hwat to bolderjen. Ja, it hiele kastiel bigjint to bolderjen. En dêr komt in dame oan rinnen. De prinses tinkt, hwer komt dy sa gau wei, ik ha dy dame noait earder sjoen. Dy dame langet har in briefke oer en dêr stie yn, se moat meitsje dat se it suden yn komt, sa hurd as se kin. Fleane! It oare folk dat dêr is moat se ek warskouje om har op slach ôf to jaen. En frjemd-frjemd: sa ynienen wie it dêr | |
[pagina 143]
| |
allegear minsken - hwer't dy sa gau wei kamen? Hwant oars sjouden dêr hounen om, der strieken katten om har hinne, der setten hinnen hinne en wer, it wie in hiele beesteboel. It die bliken, dat hiene allegear minsken west en nou wie de bitovering fan har ôffallen. Mar de iene koe de oare net, hwant se hiene inoar allinne mar as hin of as houn en kat sjoen. Dy moasten dus meitsje dat se fuortkamen, en ek it oare folk dat net ûnder de bitovering sitten hie. Doe rôp de prinses sa lûd as se roppe koe: ‘Jow jim ôf! Meitsje dat jim it noarden yn komme!’ Hwant dy moasten in oare kant út. Doe joech se har sels ek ôf en se wie noch mar amper fuort, of dêr ynienen dêr dreunde en plofte it yn it hiele kastiel, alderforskriklikst. Alles skodde en knapte en kreake. En doe't se omseach wie it ien fjûrsé, dat hiele kastiel. Letter waerd se gewaer hwer't dat fan kommen wie - de slangekeningin hie dêr nachts omspoeke en rounom ûntplofber guod delsmiten. Hwant dy hie konneksjes hawn mei in kluzener dy't midden yn 'e bosk húsmanne. Dat wie in ûneachlik mantsje mei in bult op 'e rêch, immen dy't mei gjin minske gedoente ha woe. Hy libbe dêr fan boskbeijen en oare fruchten. Doe't de dwergen de oare slangen snapt en opsluten hiene, wie de slangekeningin allinne ûntkommen en op 't langelêst by dy kluzener yn 'e hoale to lânne kommen en dêr hie se har thús hawn. De kluzener hie ienris in feardich persoan west, mar de hekse soe him bitoverje en doe't se dêrmei dwaende wie, ûntkaem er har op 'e iene of oare manier. Mar hy wie al heal dwerch en de buchel hie er der fan oerhâlden. En doe't de slangen in pear dagen lyn ûntglipt wiene, hie de slangekeningin dy yn 'e bosk oantroffen en meinommen nei de kluzener syn hoale.
De prinses hie it earste ein hurd roun om mar safier mooglik fan it kastiel ôf to kommen, hwant stiennen en alles fleach de loft yn. Se hearde it jammerjen fan 'e dwergen, dy't it boadskip dat op it briefke stie net krige hiene en dy't yn 'e brân omkamen. Ek it lyk fan 'e hekse moat yn dy fjûrsé forbrând wêze. Doe is de prinses in ein op in paed en dêr komt har in koets tomjitte mei twa hynders der foar. As de koetsier har sjocht swaeit er it reau en freget: ‘Wolle jo soms meiride? Hwant ik sjoch dat ik my forriden ha - ik moat de oare kant út. Se stapt yn 'e koets en út in fjouweren giet it fuort. Tsjin 'e joun, as se in hiel ein riden hawwe, komme se by in greate boarch oan. De koetsier hâldt stil, de falbrêge wurdt dellitten en se ride it binnenplein op. In lakei helpt har út 'e koets en nimt har mei nei in hiele greate seale. Dêr sit in keninginne op in troan en in prins, de prinses hâldt him tominsten foar in soan fan 'e keninginne, stiet der njonken. Se roun tusken allegear hofdames troch nei de troan, en dêr bigoun de keningin tsjin har to praten. Doe skrille se tobek, hwant it wie deselde stimme as fan de slangekeningin. ‘Ik bin deselde’, sei de keningin, ‘mar ik wie bitovere. En myn hofdames hjirre, dat wiene dy oare slangen. Ien fan harren is deaslein mar dizzen hawwe har bihâld oan dy to tankjen. Oars hie it forkeard kommen, dy dwergen hawwe wol mear ôfmartele en deamakke, en der wie noait ien dy't in hân útstiek. Sadré't ik fornaem dat der ien wie mei genôch koeraezje om foar har op to kommen, seach ik in kâns. De earste nachts hie ik ek al op it kastiel west, mar doe koe ik net by dy komme; lykwols de twadde nachts, doe't it finster op stie, slagge my dat’. En doe fortelde de keninginne hwat der yn it guod sitten hie, dat se de prinses ynjown hie. ‘Hoe kamen jo oan dat guod?’ frege de prinses | |
[pagina 144]
| |
‘Dat hie ik fan myn soan’, sei se. - De soan dat hie dy heal bitovere kluzener yn 'e hoale west, dy hie hwat fan 'e tovermachten en -kunsten fan 'e hekse ôfwitten. ‘Sjoch’, sei de keningin, ‘hjir haw ik it slangefel noch! - En doe ha jo de hekse deaslein’, forfette se, ‘en dêrtroch binne wy forlost. Fuortdalik haw ik ien fan myn hofdames mei in briefke nei jo ta stjûrd, hwant oars wiene jo en dy oaren dêr noch omkommen, omdat ik dêr nachten lang ûntplofber guod yn 'e kelders fan it kastiel dellein hie, guod dat myn soan makke hie. - Mei myn oare hofdames bin ik hjir sa hurd mooglik hinne reizge en dy koets dy haw ik stjûrd om jo as it koe hjir ek to krijen. Jo moatte witte, wy binne hjir bûten it lân dêr't de dwergen de baes oer spilen’. Doe't de prinses dêr oan dat hof op it forhael kommen wie en har eigen omstannichheden forteld hie, ornearre de keningin, it wie de baes foar de prinses en gean nei har eigen lân werom, mar dêr woe de prins (dat nou wer in kreas jongkeardel wurden wie) neat fan witte. Hy hie ûndertusken bistek op har krige en woe wol mei har trouwe. Sa net, de prinses mocht him ek hiel wol lije. ‘Nou’, sei de keningin, ‘nei alle aeklikheden dy't ik ûnderfoun ha, haw ik winliken myn nocht fan it regearjen ôf. My tinkt, wy moasten ús riken mar gearfoegje, dan binne jimme kening en keningin oer ien great ryk. En lit ús it lân dêr't de dwergen de macht hiene, ek mar anneksearje - dêr stiet de troan nou doch leech’. Dat lêste barde ek en it krige sûnder bloedforjitten syn bislach. De nije foarst en foarstinne hiene al safolle leard, dy bistjûrden har ryk tige forstannich en it bloeide hielendal op. De minsken yn it anneksearre lân dy't troch de dwergen glûperich en kweadaerdich makke wiene, kamen njonkenlytsen wer ta harsels en waerden ek in diel fan in lokkich en ryk lân. Miskien is it der noch wol, mar hwer't it krekt leit dat wit ik net. Ik haw it net fine kinnen. |
|