alwèr in ierdmanneke. Dy joech er ek in pankoek en sa gie dat hieltyd fierder.
Doe't it op 't lêst tiid wie om de klok to lieden, doe hied er noch mar trije pankoeken klear. En doe't Anske en de moundersfeint thúskamen doe wienen se der mar min oer to sprekken dat de bakkersfeint safolle pankoeken weijown hie en dat se nou sels tomin hienen. De oare deis soe dêrom de moundersfeint mar yn 'e moune bliuwe to pankoekbakken.
Sa gienen de oare deis Anske en de bakkersfeint nei it lân ta en de moundersfeint bigoun to bakken. Mar hy wie noch mar krekt oan 'e gong doe hearde er al in stim: ‘Ma'k 'n pannekoek, meneer?’ Mar hy die krekt as dat er neat hearde en bakte gewoan troch. Mar it ierdmanneke houde salang oan dat op 't lêst forfeelde it de moundersfeint en hy joech him in pankoek en bigoun wer to bakken. Mar hy wie noch mar krekt oan 'e gong doe hearde er al wer fan: ‘Ma'k 'n pannekoek, meneer?’ En sa gie it troch en doe't it op 't lêst tiid wie om de klok to lieden, doe hie er noch mar in lyts steapeltsje pankoeken klear.
En doe't Anske en de bakkersfeint fan 't lân kamen, doe wienen se fansels min to sprekken oer de moundersfeint, dat er sa dom west hie. ‘Sa moat it net wer’, tocht Anske by himsels. En de oare deis gienen de moundersfeint en de bakkersfeint nei 't lân ta en Anske bleau yn 'e moune to pankoekbakken. Hy wie noch mar krekt oan 'e gong, doe hearde er in stim: ‘Ma'k 'n pannekoek, meneer?’ Mar Anske die krekt as dat er neat hearde en bakte troch en de steapel waerd hieltyd greater. Mar it ierdmanneke frege fierder: ‘'n Pannekoek meneer? 'n pannekoek meneer?’ En wylst de steapel woeks waerd Anske hieltyd lilker oer dat gefreech. En op 't lêst waerd er sa mâl, dat hy naem de pankoek dy't er krekt bakt hie en smiet dy it ierdmanneke ta. ‘Dêr dan’, raesde er.
Mar it ierdmanneke hie de gleone pankoek op 'e holle krigen en it wie allegearre bloed. Doe samar ynienen wie it ierdmanneke fuort. Der wie allinne noch mar in spoar fan bloeddrippen to sjen.
Doe lette Anske de klok en de moundersfeint en de bakkersfeint kamen thús en Anske fortelde har hwat der bard wie. Doe namen se in lang tou en folgen meiïnoar it spoar fan bloeddrippen troch de heide. Op 't lêst kamen se by in djip gat yn 'e groun en dêr houden de bloeddrippen op. Se praetten dêr hwat oer en doe soe as earste de bakkersfeint mar nei ûnderen. Stadich lieten se him sakje en hy rôp: ‘Laat maar sakke, der is wel grond; laat maar sakke, der is wel grond’.
Mar op 't lêst waerd er binaud en hy rôp: ‘Haal op, haal op, der is geen grond!’ Doe waerd er wer nei boppen lutsen en nou soe de moundersfeint mar nei ûnderen. Se lieten him sakje en hy rôp: ‘Laat maar sakke, der is wel grond’. It duorre wol hwat langer as by de bakkersfeint, mar doe ynienen rôp er ek: ‘Haal op, haal op, der is geen grond!’ Se loeken him wer omheech en nou soe Anske it mar ris bisykje. Dy kaem noch djipper as de moundersfeint, mar op 't lêst like it him dochs net goed ta en hy rôp: ‘Haal op, haal op, der is geen grond!’ Mar de beide oaren tochten: ‘Dy greatske Anske kin dochs altyd alles it bêste, lit him der nou mar bliuwe’. En se lieten it tou los, dat Anske dy foel en foel hieltyd djipper ont er op 'e boaijem wie.
Doe't er dêr hwat oan it tsjuster wend wie, seach er in lange gong mei doarren en foar de earste doar siet in skodholle mei ien kop. Doe ûnderhelle Anske syn ûnderhânsk stokje fan twahûndert poun en sloech de skodholle op syn kop en doe gie dy oan 'e kant. Anske die de doar iepen en dêr siet in hele moaije prinsesse. Anske naem har mei nei it tou, boun se dêr oan fêst en rôp: ‘Haal op, 'n prinses!’