wite pûdtsje fan 'e riem en struide it jonkje in pear sniewite sânkerltsjes yn 'e eachjes. It snokte noch efkes nei en bigoun yn 'e eachjes to wriuwen. It gappe noch in kear en dêr sakken de eachlidden ticht en foel it yn 'e slomme.
It sânmantsje kaem alle jounen krekt op 'e tiid en struide syn sân. Mar it jonkje waerd hwat âlder en trochdat der gjinien wie dy't echt fan him hâldde, bigoun er him sa allinne to fielen. Midden yn 'e nacht waerd er faek wekker en bigoun to gûlen. As de kening dan njonken de widze stie to flokken, seach it jonkje him oan mei syn greate blauwe eagen en gûlde noch lûder. De kening rôp it sânmantsje wer op en sei, hy moast meitsje dat it bern net mear gûlde en hy woe net wer sjen dat it sa gemien nei him lei to loeren. ‘Foar myn part helje jo him alle ljocht út 'e eagen, mar dit moat ôfroun wêze of ik brui him fan 'e toer ôf!’
It sânmantsje hearde de kening oan en sei: ‘Jou winsk is wreed, hurder as ik ea fan in heit heard haw, mar ik sil him forfolje - jo sille der nea gjin lêst wer fan hawwe dat dit bern jo mei syn blauwe eagen oansjocht!’ Hy heakke it swarte pûdtsje fan syn riem en liet hwat swart sân yn syn iene hân rûgelje. ‘Kom tichter by!’ sei er tsjin de kening, ‘en sjoch hoe't jou winsk neikomt’. De kening kaem tichter by en it lytse mantsje blaesde him de swarte sânkerltsjes yn 'e eagen. Op itselde stuit wie de kening blyn en hy hearde de tsjiltsjes fan it weintsje fuortriden. Yn 'e fierte klonk noch de stim fan it sânmantsje: ‘Yn der ivichheit sille jo blyn wêze’. Om him hinne taestend en stoarteljend roun de kening it lûd efternei. De keamersdoar stie iepen en hy foel fan 'e toer to pletter.
Op slach foroaren de hûnderten katten, deafûgels en wolven wer yn de minsken dy't se ienris west hiene. De mem naem har lyts jonkje wer yn 'e earmen. It bern die syn blauwe eagen wiid iepen en it lake foar de earste kear.