De slange yn 'e mage
Der wenne op 'e heide in jongfaem dy't forkearing hie mei in kreaze feint. It waerd iens wurk. Se sei: ‘Ik wol wol mei dy trouwe, mar op ien bitingst: dou moatst myn trouboeket helje út it Bitsjoende Gat’. Dat wie in greate dobbe yn 'e heide, dy't midden yn 'e sompen lei en dêr't prachtige wylde blommen groeiden.
De jouns foar de brulloft gong de jongfeint de sompen yn om de blommen foar syn breid to teppen. Mar hy kaem net werom. En de jouns doe't de faem op bêd soe kaem troch it dakfinster in slange by har op it keammerke. Se waerd ôfgryslike kjel, mar de slange sei tsjin har: ‘Wês mar net bang, hwant ik bin dyn feint. Ik bin bitsjoend en foroare yn in slange. Myn master, dy't by it Bitsjoende Gat wennet, hat my hjirhinne stjûrd om dy to heljen’. En it fanke hâldde safolle fan him, dat se gong mei, efter him oan, de sompen yn nei it Bitsjoende Gat, dêr't in tovener wenne. Sadré't se by it Bitsjoende Gat wiene, foroare de slange wer yn har feint en hy sei tsjin har: ‘Wy binne hjir nou wol togearre, mar ik bin in slaef fan myn master; dou moatst him ek tsjinje as tsjinstfaem en wy meije net bymekoar sliepe’. Se sei: ‘Dat is neat allegearre, as ik mar by dy bin’. Hja kamen yn it paleis fan 'e tovener en dêr moast se fammewurk dwaen.
Op in kear sei de tovener tsjin har: ‘Ik wol by dy sliepe’. Dat woe se net en se praette der mei har feint oer. Dy sei: ‘Ik soe dy graech helpe wolle, mar hwat moat ik? Allinne yn 'e sompen bin ik feint, sadré't ik hjir wei flechtsje foroarje ik wer yn in slange’. It fanke tocht efkes nei. ‘Lit my mar gewurde. Ik sil my der wol mei rêdde’, sei se, en doe gong se nei de tovener en sei: ‘Ik wol jo wol to wille wêze, mar dat kin hjir net yn 'e sompe; dat kin allinne mar by my thús op 'e heide’. Dat wie goed, sei de tovener en hy gong mei har nei de heide. Har feint kaem der efteroan, mar sadré't dy syn fuotten op 'e fêste groun sette, foroare er yn in slange.
De faem en de tovener gongen yn 'e heide lizzen. ‘Hou-hou!’ sei se, ‘dat kin samar net. Ik wol jo earst kidelje’. De tovener liet him graech kidelje; hy moast ôfgryslik laitsje en skuorde de mûle yn 't wiidst iepen. Doe die de slange hwat de faem him hjitten hie: hy skeat de tovener yn 'e strôte; dy slokte him troch en hy kaem yn 'e mage to lânne. Dêr lei de tovener; hy wie deaforlegen. Doe boun de faem him mei de hoasbannen oan in beam fêst - forsette koe er him net, hwant