| |
De geasten út 'e flesse
Der wie ris in boer dy wierre it net mei yn syn trouwen. Alle jierren de húshâlding greater en it gemaek lytser. It wiene minne tiden. Hy en de boerinne wiene beide wol op har plak, likegoed gong it spul efterút. Hy hie in aeklike, minne, gjirrige lânhearre. De boer wie de guodlike kant neist en dêr makke de lânhearre misbrûk fan. Hy skonk him neat, as de boer in part fan 'e hier net opbringe koe, mar hy liet him dêr hege rinte fan bitelje. Dat op 't lêst siet er oan 'e earen ta by de lânhearre yn 'e skuld, de rinte woech hwat langer hwat swierder. Hy makke ek suver neat mear, hwant hy hie bist nei bist forkeapje moatten, krekt sa lang dat er mar ien kou mear oerhâldde. En doe't alderheljen, de tiid fan hierbiteljen, yn 't sicht kaem, moast dy iene kou ek noch fuort. Dêr koe er dan krekt de rinte mei bitelje, de hier moast mar stean bliuwe. ‘Dit is nou foar it lêste jier’, sei de boerinne, ‘wy kinne út hwat wy út 'e fruchten meitsje de hier noch bitelje en dan moatte wy fan 'e pleats’. De boer hie oars neat leard as buorkjen, dat boerearbeider wurde wie syn foarlân. As er tominsten plak krije koe, hwant mei dy minne tiden joegen de boeren earder in arbeider dien as dat se ien wounen.
De boer wachte net lang om mei de kou nei de merk, flak foar alderheljen koe de priis der wolris ôf wêze. Underweis komt him in mantsje op 'e side. Hwat in frjemd biskik. It wie in dwerch - it wie net in dwerch. Sa'n romme keapmanskile hinge oer alles hinne, in giele stôk hie er yn 'e hân en giele klompen oan. De boer seach him al ris op en del oan; it wie him altiten foarhâlden: ‘Wacht u voor de getekende’, dat hy woe mar gjin hannel mei him dwaen. Mar de keapman frege: ‘Wolle jo dy kou kwyt, boer?’ De boer biet net, hy mompele hwat. ‘Jo geane der doch mei nei de merk, net? Nou, hwat freegje jo der foar?’ Hy neamde in dikke priis. ‘Och hwat!’
| |
| |
sei de keapman, ‘dat is fierstentofolle. It liket nearne op’. Mar de boer woe net sakje. De keapman sei: ‘Ik wit wol, hoe't it der by jo foarstiet. Earmoed en noch ris earmoed, ta de doar út. Skielk de stôk yn 'e hals en de bern stjerre fan 'e honger. Ik sil jo in útstel dwaen. As jo forstannich binne, dan nimme jo it oan’. De boer wie al hwat bitûmele. Hy sei: ‘Lit mar ris hearre’. ‘Sjoch, dizze flesse krije jo foar de kou’. Hy liet him in lege flesse sjen mei in stoppe der op. ‘Hwat miene jo, dat jo my by de poat nimme!’ rôp de boer. ‘Hwat sil myn wiif wol sizze, as ik thúskom mei in lege flesse! Se kin my de biezem wol op 'e kop stikkenslaen’. ‘Nou’, sei it mantsje, ‘ik warskouje dy. Ast it net dochste, dan geane jimme to lider, mar ast dizze flesse oannimste, dan komst der wer boppe op’. Se rounen in eintsje meiïnoar op. De dwerch koe omraek syn wurdtsje dwaen, dat op 't langelêst seit de boer: ‘It kin my ek neat skele, om hals gean 'k doch. It moat mar wêze’. Doe learde de dwerch him hwat er mei de flesse dwaen moast. It mantsje krige de kou oan 't tou en de boer stiek de flesse yn 'e binnenbûse.
Mar doe't er allinne wer op hûs oan sette, liet er de moedfearren wer hingje. Hy tochte, dy blinder, hwat sil der hwat waeije! Hwant hy hie in boas wiif. En dat kaem ek sa út. Se makke him út foar sokses en alles hwat mâl wie. Hy liet in pear swiere suchten, krige de skeppe en gong nei 't lân. De frou sette lilk de flesse op 'e kast.
De jouns sieten se meiïnoar om 'e tafel. Se foelen op it iten oan as wolven, mar it wie skraebjen om 'e kant en de bern rekken lang net sêd. Doe gong de boer oerein, stapte nei de kast en sette de flesse op 'e tafel. Nou, de bern allegearre sjen, hwat dat moast, sa'n lege flesse. De boer docht hiel bidaerd de stoppe der ôf en doe seit er: ‘Nou mannen, kom mar ris foar 't ljocht!’ De flesse bliuwt earst gewoan stean, mar op in stuit bigjint er samar to dinderjen op 'e tafel. De boerinne wie al binaud dat hy der ôf rûgelje soe, sa gong it der om wei. Mar hy bleau noch helder. En dêr ynienen, dêr wurdt er grommich, se kinne der net mear trochhinne sjen. En hwat wol it gefal? In hiele ploech lytse keardeltsjes komme der út, hiele lytse keardeltsjes. Doe't se der út wiene, waerden se al hwat greater sa stadichjesoan, mar it bleauwen lytse mantsjes en se fleagen op 'e tafel om as gekken. De bern hiene der niget oan, dy tochten dat it boartersguod wie. Se seagen mar nei de flesse, hwant se tochten dat it dêrút komme soe. Doe ynienen, ja hoe en hwat wit ik net, mar dy mantsjes stouden der allegearre wer yn. De boer docht de stoppe der op, hwant dat hie de dwerch him sein, se sjogge op 'e tafel, en och, och, och, dêr stiet doch in steal iten op! It wie der sûnder dat ien it murken hie. En gouden en sulveren boarden, it hiele bistek fan sulver, foar in formogen stie of lei dêr op 'e tafel. Nou, se foelen der op oan fansels. It smakke allegear like lekker, dat alle pannen rekken skjin leech. Mar se wiene sêd. Se wachten der op dat dy mantsjes werkomme soene om de tafel op to romjen, mar dy kamen net, de flesse waerde helder. Dat doe bigoun de boerinne mar ôf to waskjen en se sette de boarden yn 'e kast. De oare jouns. hiene se deselde fortoaning en de boarden bleauwen wer stean. Doe bigriep de boerinne dat dy foar harren wiene en se reizge mei it earste stel nei de stêd ta. De goudsmidden wiene der sljocht op en de boer koe der fjouwer kij en in hynder foar keapje. Sa gong dat hyltyd troch. Mei gauwens hie er syn hiele bislach wer en de skuld by de lânhearre koene se ek lykmeitsje.
Mar de lânhearre krige yn 'e rekken, dat hjir hwat efter siet. Mar hwatte? Hy naem de boer al ris op 't harspit, mar dy fortelde it net. Mar doe woe de boer de
| |
| |
pleats wol keapje. De lânhearre sei: ‘Hoe komstou oan safolle jild? Ik sil mar ris by it gerjocht oanhearre. Dou silst it wol stellen ha’. Doe fortelde de boer fan de flesse. ‘Dy flesse moat ik keapje’, sei de lânhearre. ‘Ja’, sei de boer, ‘mar dat forpof ik. Dy flesse wol ik net kwyt’. De oare deis lykwols dêr is de lânhearre al op 'e pleats. ‘Dou moatst it sels witte, ik haw al by it gerjocht west. Ast my dy flesse net forkeapest, dan liz ik de hearen krekt út hoe't it yninoar sit en dan wurdst ophinge as tovener’. De boer lit him biprate en foar in prikje docht er de flesse oan 'e lânhearre. Hy tinkt, ik ha nou jild genôch - ik kin my sa wol rêdde. Mar hy wie sa gau de flesse net kwyt, of it spul roun him wer efterút. It jild forsille, it fé koarte yn en it gewaeks waerd minder. Al hoe't se der tsjinoan skrepten, hy kaem wer by de lânhearre op 'e latte to stean. Dat wie de lânhearre tige nei 't sin, nou koe er him wer knoeije, it boerestrûpen wie syn lust en syn libben. Op 't lêst hie de boer mar wer ien kou mear oer. It wiif seurde alle dagen, dat er dy flesse weidien hie. Mar it wie al sa.
Op in moarn naem er de kou mar wer by 't tou. Underweis nei de merk komt him wer in keapman op 'e side. Hy sprekt him oan - Forhip, it is dyselde dwerch. ‘Jonge, moat de lêste der wer oan?’ ‘Ja’, sei de boer, hy rôp net sa lûd. ‘Dat hie 'k wol tocht, dat hie 'k wol tocht!’ sei de dwerch. ‘Dou hiest de flesse hâlde moatten. Nou hat de lânhearre him. Mar hy hat der safolle wille net fan astou hieste. It slagget him mar inkeldris en dan komme der mar in pear gouden boarden út. Hy hoecht der ek gjin jild mear by’. De dwerch roun wer in ein mei him op en hâldde him oan 'e praet. Op 't lêst frege er: ‘Wolst wer ruilje? Ikke de kou en dou in flesse?’ Nou, dêr wie de boer dalik oan ta. Se praetten der diskear net lang oer. ‘En tink der om’, sei de dwerch, doe't er him de flesse oerjoech, ‘datst troch dizze dyn oare flesse werkrigest, hwant oars - foar de tredde kear kin 'k dy net wer helpe’. De boer biloofde it, hy hie njonkenlytsen wol leard, dat er dy lânhearre op healwei tomjitte komme moast. Hy tochte, dêr docht dy bliksem ek neat oan. Al klaget er my as tovener oan, hy moat it mar biwize.
Hy kaem thús en helle de flesse út 'e binnenbûse. ‘Hast al wer in flesse? Nou, dou hiest dommer slaggen dwaen kind’, sei de boerinne. De jouns wie it wer skjin op en krap sêd. En doe sette de boer de flesse op 'e tafel, die de stoppe der ôf en rôp yn 'e flesse: ‘Mannen, kom mar ris foar 't ljocht!’ Mar de flesse bleau helder en bigoun net to dinderjen. Doe sei de frou: ‘Mar nou hat de dwerch dy bisjachele. It is in gewoane flesse’. ‘Ja’, sei er biteutere, ‘ik leau it ek’. Se seagen noch ris goed: gjin biweging. Mar njonkenlytsen waerd er doch hwat swarter, op 't langelêst wie er sa swart as inket. En ja, hear! Dêr krûpt in hiel lyts keardeltsje ta de flesse út. Noch ien, en noch ien, en noch ien. Wol in stik of sawn, acht kamen der út. Ta eintsjebislút kaem der noch ien út, dy hie hwat om 'e hals hingjen. Doe't dy op 'e tafel stie - hy hie him samar by de flesse del glide litten - doe sprongen de oaren yn 'e hâlding. Hy krige it fluitsje dat him om 'e hals hinge (se koene amper ûnderskiede hwat it wie, sa lyts wie alles) en it snerpe troch de keamer, it gong har troch ieren en sinen. Se seagen dat de keardeltsjes greater waerden. Doe wie dat in hiele ploech dragonders, en dy feegden der yn. De boer en de boerinne krigen in wân bruijen dat alderforskriklikst wie. Se sloegen hwer't se har reitsje koene. De bern hals oer de kop de keamer út, hwant dy seagen it ek oankommen. Mar op 't langelêst fluite de kommandant wer, de mantsjes takken wer ôf en gongen ien foar ien yn 'e flesse. Doe't de oanfierder as lêste binnen wie, die de boer de stoppe der op. Dat koe er ek mar mei earmoed rêdde, hwant hy hie gjin gefoel mear yn 'e earms, sa hiene se him
| |
| |
slein. Forwêzen sieten se by de tafel. Dat wie hwat oars as lekker iten en gouden boarden.
‘Ik leau doch dat ik dizze flesse ha moast’, sei de boer de oare moarns, doe't de boerinne oars net die as krimmenearen. ‘Ik wol hjirmei nei de lânhearre ta. Ik moat sjen dat ik dy oare flesse weromkrij. Mar hjoed net, hwant ik kin de iene foet net foar de oare sette’. Mar in dei of trije letter koe er de reis nei de lânhearre oannimme, de flesse yn 'e bûse. De feint kaem by de doar. It gong der tige omwei op it slot. ‘Ja, der is feest’, sei de feint, mar hy sei der net by hwerom - miskien wist er it ek net. Mar de lânhearre hie heard, dat de boer syn lêste kou wer forkeapje moatten hie en dat woe er mei oare lânhearren en har froulju fiere. Dy boeren moasten útpûle wurde. De feint gong nei de feestseal: ‘Mynhear, hjir is dy boer. Hy hat in boadskip oan jo’. ‘Lit him hjir mar komme’. De lânhearre fortelde syn selskip hwa't der oan 'e doar wie. ‘Dêr moatte wy aensen noch in goeden op keapje. Wy sille dy keardel der efkes knap tusken sette’.
Mynhear seit brimstich, as de boer yn 't selskip komt: ‘Hoe krigest it yn 'e kop en kom hjir joun op dit feest!’ ‘Wist ik dat hjir feest wie! Ik kin moarntojoun wol werkomme’. ‘Né, fortel nou earst dyn boadskip mar!’ ‘Nou, ik hie hjir noch in flesse. Dy woe 'k jo ek wol forkeapje’. Doe foroare mynhear syn toan al. ‘Hwat fregest der foar?’ De boer sette him op jild. ‘De helte tofolle’. ‘Nou dan gean 'k mar werom’. ‘Né, né, dy flesse moat ik ha en dat krigest der foar’. De boer gnyske efkes, mar de lânhearre hie al in pear glêzen tofolle op om der erch yn to hawwen. De keap gong oan, de lânhearre lûkt de pong en smyt it jild op 'e tafel, mar der wie fiif en tweintich goune to min. ‘Dy sil 'k mei in pear dagen wol bringe’, sei er. Hy hie der by bitinge, dat de boer yn 't folle selskip it spul yn wurking sette moast. ‘En tink der om, al hwat der út komt, is foar my!’ Hy tocht fansels oan 'e gouden boarden. De boer appellearre sabeare wakker tsjin, mar der holp neat oan, hy moast tajaen. Der waerd in stoel by in greate tafel skoud en dêr mocht er op sitten gean. De lânhearre hâldde in taspraekje. Nou soene se hwat sjen dat se fan syn libben noch noait meimakke hiene.
De boer bleau rêstich sitten. Hy sette de flesse op 'e tafel, die de stoppe der ôf en flústere der sunich hwat yn, nimmen koe hearre hwat er sei. Doe lûdop: ‘Mannen, kom foar 't ljocht!’ De flesse bleau ryklik lang skjin. De lânhearre tocht al, hy hat de sinten yn 'e bûse, en nou lit er my foar skut stean, mar dat sil him smoarch ôfgean! Mei de tiid lykwols gong it deselde wei op as by de boer thús. De flesse waerd donkerder en donkerder, op 't lêst wie er pûrswart. En dêr komme dy keardeltsjes der út rûgeljen. Alle gasten krongen op om 'e tafel, de eftersten stiene to langhalzjen, om doch mar neat to missen. Op 't lêst dêr stie de oanfierder op 'e tafel. Wer in snerpjend lûd fan it fluitsje, sa skerp, dat it har kâld by de rêch del gong en ta de teannen út loek. En dy mantsjes wurde hwat langer hwat greater, samar is 't in ploech folsleine dragonders en dy springe fan 'e tafel ôf. De oanfierder sjit fuort op 'e lânhearre ta en jowt him in klap foar de kop, dat hy slacht efteroer. Hy springt him fuort op 'e hûd en timmert der op. De oare dragonders slagge lofts en rjochts, dat de breedgouden earizers fleane de froulju fan 'e holle ôf en de sulveren bûgels sûzje troch de seal.
De lânhearre skreaude moard en brân en de oare lânhearren ek: ‘Doch dy keardels der wer yn!’ De froulju gûlden it út. Mar de boer bleau der rêstich by sitten, de hannen oermekoar. De dragonders sprongen finael oer him hinne. Doe
| |
| |
raesde de lânhearre noch ris: ‘Doch dy keardels der doch wer yn, hwant se slaen my dea!’ ‘Ja’, sei de boer, ‘dat kin al, mar dan ik dy oare flesse. Earder net’. Mar dêr woe mynhear neat fan witte. De haedman jowt de oare dragonders in teken en dêr springe noch twa boppe op him, en dy huffe der ek yn. Dat op 't lêst ropt er: ‘Dêr stiet de flesse! Krij him en dy keardels yn dat oare ding. Nim dat ek mei!’ De boer rint nei de kast, kriget de flesse der út en stekt him yn 'e binnenbûse. Mei dat de haedman dat sjocht, stapt er fan 'e lânhearre ôf, blaest op it fluitsje, de mannen krimpe ynelkoar en wurde wei yn 'e flesse. De boer docht de stoppe der op en stekt him yn 'e oare binnenbûse. De measte gasten leine noch oer de flier to spinfuotsjen. It like wol in slachfjild. ‘En nou der út!’ raesde de lânhearre.
‘En hoe is 't gongen?’ frege de boerinne. ‘Sjoch!’ seit er, ‘ik ha de beide flessen’, en hy fortelde hwat der bard wie. ‘Nou hat er hwat!’ sei de frou. Der forrounen in pear dagen oer, mar al hwa't kaem, gjin lânhearre mei syn fiifentweintich goune. Mei de buorkerij gong it nou wakkere bêst en de boerinne forkocht wer gouden boarden en sulveren leppels, foarken en messen. Doe sei nei forrin fan tiid de boer: ‘Ik moat mar ris nei de lânhearre ta’. ‘Och’, sei de boerinne, ‘dan litst dy wer oer de staech sette, lit him hjir komme’. ‘Né’, sei de boer, ‘ik moat noch fiifentweintich goune fan him ha. Boppedat wol 'k de pleats keapje’.
Hy liet him oantsjinje, mar de feint hie ynstruksjes fan mynhear krige, as dy boer kaem, dan mocht er him der perfoarst net yn litte. ‘Is mynhear thús?’ ‘Ja, mynhear is thús’, sei de feint, ‘mar jo meije der net yn’. ‘O’, sei er, ‘dat is neat!’ Hy wie bretaler wurden, dat hy reage de feint oan 'e kant en roun nei de lânhearre ta. Mynhear siet yn in greate noflike stoel, hwant al wie der in skoftke tiid oer forroun, hy koe noch amper rinne, safolle katoen hie er hawn fan dy dragonders. De boer sei: ‘Ik soe myn fiifentweintich goune helje, hwant jo binne net by my kommen’. De lânhearre makke kapsje - hy hie op 't lêst de flesse ek net krige. ‘O’, sei de boer, ‘as it dêr op fêst sit...’, en hy taestte nei de binnenbûse. ‘Hâld dat ding! Hâld dat ding’, rôp de lânhearre. ‘Ja, mar dan ik myn fiifentweintich goune!’ ‘Noait! Noait!’ skreaude mynhear. Doe krige de boer de flesse út 'e bûse en sette him op 'e tafel. Sels bleau er stean, hwant der wie him net in stoel oanbean. Hy seach de lânhearre stiif oan. Doe raesde dy oan 'e feint: 'Krij fiifentweintich goune út 'e sekretaire en lit dy keardel opkrosse!. De boer krige syn jild. ‘En nou der út!’ ‘Jo kinne wol mear sizze’, antwurde er bidaerd en joech him del yn in moaije greate stoel. ‘Ik hie tocht, ik moat de pleats mar fan jo keapje’. ‘Nimmer en noait’, sei de lânhearre, ‘dy is net to keap, mar dou kinst maeije oppakke!’ ‘En ik gean hjir net wei, foar't jo jou klerk opdracht jown ha om in keapakte op to meitsjen en foar't jo tekene ha. Ik sil jo fuortendalik bitelje, en sa net, dan moatte jo it mar witte’. De boer loek de flesse hwat nei him ta. De lânhearre sette de hannen oan 'e mûle, sa lûd rôp er om 'e klerk. Mar doe wiene se it noch lang net iens, hwant de lânhearre soe him it fel noch gau efkes oer 'e nekke helje. De boer bea in normale priis en mear net. Doe't er gjin útslútsel krige, sei er: ‘Dat kostet jo fiifhûndert goune. En as jo noch fiif minuten wachtsje, giet der wer fiifhûndert fan myn bod ôf, en de tredde fiif minuten wer; dan binne jo yn in kertier tiid fyftjinhûndert kwyt’. De lânhearre aksele wer tsjin, mar de boer lei de hân oan 'e stoppe en doe rôp de lânhearre: ‘Skriuw op!’ tsjin 'e klerk. Hy tekene, de boer bitelle en stiek ôf. Mar doe't er foar 't slot stie, wie de lânhearre nei it iepen finster hompele en rôp nei bûten: ‘Nou is 't gloeijend forsein, datst hjir oait noch ien foet op 't hiem setste, ik keapje in pear bloedhounen
| |
| |
en dy forskuorre dy!’ De boer lake ynwindich, mar hy taestte noch ris nei de flesse en de lânhearre sloech hastich it finster ticht.
‘Hoe is 't gongen?’ frege de boerinne wer, doe't er thús kaem. ‘Sjoch, de pleats is uzes, troch dy flesse, en de lânhearre ha wy neat mear mei to rêdden. Ik mei ek net mear by him op 't hiem komme’. Dat wie 't slimste net, tocht har. Mar doe't de jonges greater waerden, gong er doch noch in kear nei it slot en sei: ‘Ik moat noch in pleats fan jo keapje’. En doe't de boer de flesse krige, woe de lânhearre wer om lyk, al hoe't er earst to kear gongen wie. Us boer stie mei help fan syn flesse ek wol ris in oare boer by tsjin dy syn lânhearre. Dat de lânhearren krigen it ynklauwen dien njonkenlytsen. Se koene sokke greate feesten net mear hâlde, mar dêr draeide de wrâld wol om troch.
|
|