De faem en de ruter
Der wie ris in kreas jongfaem. Alle feinten hiene der bistek op, mar se woe op gjinien bite. As de rjochte man kommen wie, dan hie it goed west. Op 't lêst krige se dan doch forkearing, mar eigenaerdich, har folk stiene him net, mar hwat der oan mankearde koene se net sizze. Lykwols, dat joech allegear neat - de faem wie sljocht mei him en it soe trouwen wurde. Doe kaem er om har to heljen; se sprong by him efter op 't hynder en sa binne se ôfstutsen. Har folk sei se net iens goendei en se rieden de frjemdte yn. Mar hwat wie 't gefal? Har breugeman wie de dea. Hja hie de tarring en is mei in moaije kleur op 'e wangen stoarn.