Lytse Pychem
Lytse Pychem wie in fisker, dy siet yn in âld krot en dêr hie syn wiif skjin har nocht fan. Doe't se trouden hie er har al warskouwe, se moast noait rekkenje dat se yn 'e weelde kamen to libjen, mar se hie bidroefde graech in man ha wollen en doe hie se him mar nommen. It hie in ûntofreden, grynderich frommis west, dêr't de measten omhinne roun wiene. Mar Pychem wie in lyts ûnsjoch mantsje. Dêrom hie er dy namme ek. Sjoch, yn myn bernejierren seine se hjir fan in lyts keardeltsje: ‘Hwat is dat in Pychem’. In flot, feardich frommis hie er net krije kinnen en op 't lêst hie er tocht, dizze kin 't my ek wol dwaen.
Op in moarntiid fandele er de fûken yn 'e trekgatten - it is in turfmakkersforhael, witt' je - en doe foun er yn ien fan 'e fûken in frjemd soarte fisk, in hiel apartenien. Hy tocht, dêr kin 'k in moaije hael mei dwaen, hwant dy bringt noch al hwat op. En fordeald, dy fisk koe prate! Hy sei: ‘Jonge, dou moatst my gewurde litte. Ik bin by ûngelok yn dizze fûke syld, trochdat it wetter sa grommich wie, mei't de trekkers der yn om bargen. Mar ast my der wer yn goaiste, dan kinst mar komme en doch in winsk’. De fisker sei: ‘Dan soe 'k wol graech in nij hûs ha wolle’. Nou, de fisk sei: ‘Smyt my der mar yn en gean mar nei hûs, dan sjochst it wol’. Dat hy goait de fisk oer board en giet nei hûs. Ja, in kreaze went stie dêr en syn wiif siet by in nije tafel mei nij knap húsrie om har hinne. Se sei: ‘Hoe blikstien hast dat hawn?’ Sjoch, it wie de moarns ier en bitiid, se hie noch op bêd lein en doe't se wekker waerd, wie se yn in moai hûs. ‘Hoe kin dat?’ woe se witte. Hy biet der earst net op, hwant hy wist dat de mear by syn wiif noait fol rekke, mar op 't langelêst krige se der doch út, hoe't er dat hawn hie. ‘Och hea, slûge sokses’, sei se, ‘dat hiest oars ynpikke moatten. Wy hiene wol folle mear krije kinnen, as dat sa maklik giet’. ‘Ja mar’, sei er, ‘dou woest altiten in nij hûs ha, mei knap húsrie, en nou hast it - it moat ek ris ien kear genôch wêze’. Nou ja, dat wie dan ek sa.
Mar der forroun hwat tiid oer, doe sei se: ‘Ik woe doch wol in greater hûs ha’. ‘Hoe'nen dan?’ ‘Krekt sa'nen as dêr't de kening yn wennet, in soarte fan paleis en dan dêr jild neffens, en tsjinstfolk, en in koetsier en riderij’. Lytse Pychem lei der tsjin yn: ‘Mar om dêr nou om to freegjen, dat komt doch wol hwat to bot oan’. Mar se die gjin lichten, se sangere en seurde mar troch, dat lang om let krige se him safier, hy foer wer nei it plak dêr't er de fisk fongen hie. Dêr hie er noait wer west sûnt dy moarns, krekt as skoudere er dat sté. Nou rôp er:
Ja, it fiskje stiek de kop ta 't wetter út en frege: ‘Hwat is der oan, jong?’ Sa en sa, sei er. ‘Ja’, andere it fiskje, ‘ik wist al dat dyn wiif net gau tofreden is, mar dit moat se nou noch mar ha’. Dat doe't er thúskaem, koe er syn hûs amper werfine. Der stie in moai paleis yn 'e beammen en de lakeijen heinden him op. Ja, dy woene him der net yn litte, hwant se koene him net, mar doe kaem syn wiif der oan yn pronk en