De prins dy't de tael fan 'e dieren learde
Der wie ris in kening, dy hie mar ien soan. En omdat er ha woe dat de soan alle wiisheit leare soe dy't nedich is om de kroan mei eare to dragen, stjûrde er him nei de alderbêste skoallen yn it bûtenlân. Mar doe't de prins op dy skoallen studearre, kaem er ta it ynsjoch, dat der yn 'e wrâld mear ûnrjocht ûnderwiisd wurdt as rjocht en hy joech it learen der oan. Doe kaem er to lânne boppe yn 'e bergen by in kluzener yn in hoale en fan him learde er de tael fan 'e dieren. En doe't er de tael fan 'e dieren koe, gong er werom nei syn heit en dy frege him hwat de wiisheit wie dy't er dêr yn it bûtenlân op al dy skoallen leard hie. Hy sei: ‘Op dy skoallen haw ik neat oars leard as ûngerjochtigens, mar it wiiste dat ik leard haw is de tael fan 'e dieren’. Doe waerd de heit sa lilk dat hy jage syn soan fuort, hwant hy achte him net yn steat om kening to wêzen. En de jongfeint gong mei in keppel skiep nei de heide.
Mar yn 'e tiid dat er op 'e heide forkearde, briek der in oarloch út en syn heite ryk waerd oanfallen troch in frjemde kening, dy't it linkendewei bisette, oant lang om let de keningsstêd sels ynsluten rekke. En doe't de kening gjin útkomst mear seach, stjûrde er geheime boaden troch it hiele ryk en liet freegje oft der dan nimmen wiis genôch wie om it lân út dizze need to forlossen. Doe stjûrde de keningssoan fan 'e heide in dou nei syn heit mei in brief dêr't yn stie dat allinne de dieren him noch helpe koene en dat er ôfwachtsje moast.
De jonge prins woe de oarloch winne sûnder dat der deaden foelen. Hy stjûrde de luzen en de flieën om de soldaten fan 'e fijân sa to biten dat se net wisten hwer't se wine soene; hy stjûrde de fûgels om oer de kampeminten to fleanen en alle wettertonnen to bismoargjen, dat it wetter net mear dronken wurde koe; hy stjûrde de mychammels om allegear in dripke wetter mei to nimmen en yn 'e krûdfetten to krûpen, dat der net mear sketten wurde koe; hy stjûrde de ealjebijen om, sadré't in frjemde soldaet in wapen yn 'e hannen naem, him sa to stekken, dat him de eagen tichtsieten en hy net mear sjen koe; hy stjûrde ûngedierte om yn 'e moalfetten to krûpen, dat der gjin brea mear bakt wurde koe; hy stjûrde mûzen en rotten om it oare iten op to fretten. En de need yn dat frjemde leger waerd sa heech, dat it him ôfjoech oer de grinzen en syn heite stêd wer frijkaem.
Doe't de fijân weromtein en de haedstêd wer frij wie, liet de kening in oprop útgean oan dejinge dy't him dat briefke stjûrd hie. Doe kaem de prins werom en fortelde syn heit dat hy it west hie dy't mei help fan 'e dieren it keninkryk fan 'e fijân bifrijd hie. En de heit seach sa heech by him op, dat er ôfstân fan 'e troan die en de soan folge him op. En hy bistjûrde syn ryk mei sa'n greate wiisheit, dat it lân kaem ta bloei en alle minsken wiene tofreden. De dieren hie er noch altyd yn syn tsjinst en dêr koe er mei prate. Hy stjûrde se as boaden it lân troch en rounom wei brochten se him forslach út. Hy krige tofoaren al tynge, hwannear't de rispinge mistribelje soe en dan koe er krekt op 'e tiid yngripe. Yn 'e winter diene de roeken him to witten, dat der wolven út fiere kontreijen op komst wiene en dan stjûrde er syn eigen wolven der hinne en dy hellen de oare wolven oer om it lân net binnen to fallen.
Doe't er sawn jier regearre hie, forstoar de paus to Rome en de rop fan syn wiisheit wie sa great, dat syn eigen folk him foardroech om paus to wurden. Mar