Hjoed in jier...
Op ien fan 'e eilannen wenne in jongfeint, hwaens heit fiskerman wie. Doe't de heit âlder waerd, naem er de jonge mei de sé op to fiskjen en doe't er wei kaem to reitsjen, foer de jonge der allinne op út. Hy krige kunde oan in faem en dat waerd sib wurk. Hy sei tsjin har: ‘It fiskjen is in rûch en noedlik birop. Ik wol der wol mei ophâlde, mar earst moat ik safolle fortsjinne hawwe, dat we trouwe kinne’. Op in kear sieten se yn in dúnglopke en doe sei er tsjin it fanke: ‘As ik nou noch in jier fiskje, dan haw ik genôch oergarre. Hjoed krekt in jier sitte wy hjir togearre wer. Dan bin ik werom om dy to heljen en dan trouwe wy’. Sa praetten se ôf.
De earste tiden gong it goed. De jonge fong aerdich en hy hâldde knap hwat oer. Mar op in kear yn 'e hjerst, wylst de manlju wer útfearn wiene, kaem der in swiere stoarm. De froulju, en ek de faem, gongen nei de dunen ta en stookten dêr fjurkes om de fiskerlju sjen to litten hwer't se op oanhâlde moasten. Doe't de stoarm útraesd wie, kamen alle skippen bihâlden thús, bihalve de boat fan 'e jonge. De oare fiskers fortelden, se hiene de wrakstikken yn sé driuwen sjoen, dat hy soe wol fordronken wêze. Mar it fanke koe it net leauwe. Se praette mei nimmen mear en alle jounen gong se nei it dún en brânde har fjurke foar har feint dy't noch op sé wêze moast. De minsken bisochten wol om it har út 'e holle to praten, mar se woe net oars.
En doe, it wie yn it foarjier, gong se wer nei it dún, se stiek it fjurke wer oan en siet op 'e dúntop oer de sé to digerjen. En ynienen seach se yn 't tsjuster, oer de banken, in fiskersboat oankommen. En doe't er tichter by kaem, seach se dat it it seil en de boat fan har feint wiene, en hy foer dwers oer de banken en dwers troch de brânning nei it strân. Hy sprong der ôf en roun oer it strân nei de dunen dêr't se siet. Hy gong by har sitten en sei: ‘Dou witst hwat ik dy biloofd ha. Krekt in jier lyn haw ik tsjin dy sein, dat ik weromkomme soe en dat wy trouwe soene. Nou, hjir bin ik’. Se hawwe dêr in setsje sitten to praten en doe hat er har yn 'e earms nommen en oer it strân nei de boat ta droegen. Togearre binne se oan board gongen en dwers troch de brânning en oer de banken de sé yn syld. En doe't de minsken de oare moarns by it dún kamen, founen se it lyk fan de faem op 'e top. Mar der is noait in fanke foun mei sa'n lokkige glim op it antlit.