| |
| |
| |
De prinses dy't in herberge hâldde
In soldaet hie dien krige en hy wie ûnderweis nei hûs ta. It bytsje traktemint dat er oerhâlden hie, woe er leafst thúsbringe. Hy libbe sa sunich as er mar koe; meastentiids sliepte er yn 't hea of ûnder de beammen en as er it rêdde koe, iet er by de boeren. En doe op in joun kaem er by in greate bosk en dêr joech er him del. Hy wie wurch fan it rinnen en foel ridlik gau yn 'e sliep. Mar nei in toarntsje waerd er wekker fan gepraet. Tichte by wie in iepen plakje yn 'e bosk en dêr brânde in fjurke. Hy seach der trije reuzen by sitten mei ôfgryslik rare koppen. Hy slûpte hwat tichter by en harke nei har healwiis ôfwaeid praet. Hy woe him wer ôfjaen, mar doe hearde er, dat dy reuzen de prinses stelle woene en dat ien fan harren se ha woe as wiif.
De soldaet hie allegearre forhalen oer dy prinses heard. Neffens de kening wie it in eigenwiis snichel, mar dat kaem omdat se syn sin net dwaen woe. De kening woe har oan 'e man ha, mar by dejingen dy't er har ta hawwe woe, wie net ien dy't se lije mocht. Dêr wie er pûrrazend om, hwant der siet soms in goede partij tusken, en hy makke har foar alles en noch hwat út. It moast oars, neffens it sizzen fan 'e minsken, in goedaerdich fanke wêze en ek in kreazenien, mar se woe allinne trouwe mei de man dêr't se sels sin oan hie en net mei ien dy't har heit har taskikte. Dat it tongere en wjerljochte gauris yn it paleis. De keninginne koe der ek neat oan dwaen; dy hie neat yn to bringen by de kening. De kening harke winliken allinne mar nei de ritmaster fan 'e paleiswacht. Hwat hy sei wie wet en evangeelje en dy stookte der in fjurke mei ûnder. Hy hope dat se op 't lêst wol yn goedens wolle soe, en dan wie it syn tiid ...
It soe ivich skande wêze, tocht de soldaet, as dy aeklike reus der mei sa'n skoan fanke op ôf gean soe. Hy roste syn degen hwat ôf, slingere de rânsel op 'e rêch en roun by it fjurke lâns. De trije reuzen waerden kjel, mar hy groete se. Doe spriek ien fan harren him oan: ‘Komme jo faeks by de kening wei?’ ‘Ja’, sei de soldaet drystwei - hy hie fansels fan syn libbensdagen de kening net sjoen; hy hie net iens foar syn eigen lân fochten, hwant yn dy dagen tsjinnen se hwer't se mar de measte sinten fortsjinje koene. Mar hy sei ‘ja’ - hy moast dy reuzen oan 'e praet hâlde. ‘Ja, ik bin dêr thús, man, op it paleis, as yn myn eigen bûse’. ‘Wel’, seine se, ‘dou krigest in moai dofke jild fan ús ast ús ta it paleis yn loadse kinste, hwant it is ús om de prinses to rêdden’. ‘O’, sei de soldaet, ‘as der jild mei to fortsjinjen is, bin ik oeral foar to finen. Mar dan moat ik it wol efkes oan tiid ha - ik bin al in deimannich út it paleis wei, sjoch, dat ik moat earst al poalshichte nimme; der kin ûnderwilens maklik hwat foroare wêze. Bliuwe jim hjir hjoed yn dizze hoeke? Dan kom ik joun wol wer by jim’. Hy tocht by himsels, ik sil se krije, dy smoarge skobberts! Dat de soldaet der op ôf. En trochdat er in soldatepakje oan hie, skoudere de paleiswacht him net. Dat hy makke in praetsje, hoe't it der foarstie, folle net genôch. Hy rekke sa mar mei har thús; der wie ien bisûnder flotte prater by. Sa kaem er der efter, hwer't de prinses har sliepkeamer lei en ek hoe't men stikem yn it paleis komme koe. Och, se wiene sels net altyd op 'e tiid op 't appèl; dan glûpten se der troch in geheime yngong yn en dêr wisten de hegere mannen neat fan. Hjasels hâldden har stil, hwant as it útkaem wie 't dien fansels; boppedat krigen se der mear wurk troch, hwant dan soe dêr ek in skyldwacht stean moatte. Dy yngong wie
| |
| |
oan 'e oare kant fan it paleis, dêr't hege toarnehagen stiene en men moast al sekuer witte hoe dêr troch to kommen.
Sisoa, dat wie er dan gewaer wurden. Dat hy wer nei de reuzen ta. Se sieten noch by itselde fjurke dêr't se de moarns ek sitten hiene. Hy sei: ‘As it joun skimerich is, dan moatte jim dêr en dêr hinnegean en der forside krûpe, net to fier fan it paleis ôf. It is mar om in pear ûren to rêdden’. Dat biloofden de reuzen graech en se soene him bitelje sadré't se de prinses to pakken hiene.
De soldaet liet de sabel thús; hy hie allinne mar in flymskerpe dolk by him en dêr makke er de ridde troch de toarnehagen sa wiid mei dat der in reus troch koe. Ridlik gau foun er it poartsje. Dat siet los en der lei in smel gonkje efter. Hy meat it út, mar de soldaet fan 'e wacht hie him wol goed úttsjut, hoe't it der hinne lei. Dat er foar in lûk. Dat avenseart er der foarwei en dan stiet er yn in portealtsje. Dêr baernde in lyts kearske, dat doe hie er hwat ljocht. Der kamen allegear doarren op út, mar de soldaet fan 'e wacht hie him wol goed úttsjut, hoe't it der hinne lei. Dat op goed gelok sette er in gong yn, en ja, dêr wie in doar. Hy tocht, ik moat mar efkes om 'e hoeke sjen. Fordoarje, hie er it gelok net mei - dêr lei de prinses to sliepen! Doe't er har seach, stie it noch fêster by him - dy reus sil har net ha! De prinses har skuon, dy't mei sulver bislein wiene, stiene ûnder it bêd. Dêr stiek er ien fan yn 'e bûse. Se hie in prachtich nachthimd oan; dêr snie er mei syn dolk in tippe ôf en dy stiek er ek by him. Doe joech er him ôf.
Hy rint de gong yn en dêr falt syn each op in swurd. It is mar in bihindich swurd, mar hy sjocht wol dat it fan hiel bisûndere kwaliteit is. Hy nimt it yn 'e hannen, hy bisjocht it - it keninklik wapen stiet der op. O! tinkt er, dat is de kening syn swurd en hy nimt it mei. Hy komt wer yn it portealtsje dêr't it gonkje op útkomt en dêr set er it swurd tsjin 'e kant oan.
It paleis lei yn 'e djipste rêst; de paleiswacht sjoude hwat hinne en wer, mar dat wie mear foar 't sin as needsaeklik. Hy krûpt it gonkje troch nei bûten, en siket de reuzen op. ‘Jim kinne wol komme, mar efter my oan. Ien foar ien’, flústert er, ‘en mûsstil, oars binne we forlern’. Dat hy foarop; hy krûpt troch it lûkje en nimt it swurd yn 'e hannen. Dêr komt de earste reus oan en doe't dy de kop goed en wol troch it lûkje hie - pats! de kop der ôf. Hy hyst de romp der troch en smyt him oan 'e kant. En ja, dêr komt nûmer twa oan. Dêr giet it deselde wei mei op, en mei nûmer trije ek. Hy sleept se in ein de gong yn, snijt har de tommen ôf en dy nimt er mei. Doe't er troch de toarnehage wie, skoude er de tûken wer sa goed mooglik yninoar, net ien dy't der mear hwat fan sjen koe.
De oare moarns doe't de prinses fan 't bêd kaem en de skuon oandwaen soe, ja, der wie mar ien skoech. En doe't se it nachthimd biseach, miste dêr in tippe ôf. Dat hja nei de kening: ‘Dit doocht hjir lang net! Der ha hjir guon yn 't paleis en by my op 'e sliepkeamer west’. De ritmaster waerd der by helle. Nou, dy sei earst net folle. Hy en de kening setten wakker hinne en wer. ‘Myn swurd is ek fuort!’ rôp de kening en hy wie raer fan 'e wize. Mar efkes letter founen se de reuzen en doe wie er alhiel oerdwealsk. Hy skreau fuort in proklamaesje, dat dejinge dy't de reuzen deamakke hie, dy krige syn dochter ta wiif. Nou, dêr wie de prinses net sa bot mei forgulde. ‘Ik hie leaver dat dy reuzen my deamakke hiene, as dat ik mei ien trouwe moat dy't ik net ha wol!’ rôp se. Mar doe stapte de ritmaster nei foaren en sei, dat hy hie de reuzen ôfmakke. Ja, niis hie er him stilhâlden, omdat er der net fan hâldde om de moaije man to wêzen, mar nou wie it hwat oars. Nou't hysels de
| |
| |
reuzedeader wie, hoegde dy proklamaesje de doar net út. En hy die in hiel fantastysk forhael, hoe't er it allegear hawn hie.
Nou, de kening leaude him fuortynienen. Mar it wie in earsten lilkert, boppedat in sûphals, in gemiene stjonkert, in bangeskiter, dy't der in oar foar opdraeije liet, en tagelyk in greate swetshals - dat de prinses koe him wol spuije en se wegere finael om mei him to trouwen. De kening breinroer. De ritmaster ek fansels. Dy hie tocht, sjesa, dêr draei ik it gat moai yn - in kreas frommis en ik op in dûr kening. Mar it feest gong net troch, hwant de prinses hâldde de kop der foar. De kening waerd stikemwei opstokele troch de ritmaster, dat doe't se mar gjin bilies joech, sei er: ‘Ast it net dochste, kinst mar fordwine út it paleis, en dan bist prinses ôf’. Se antwurde: ‘Alles leaver as mei dy fint trouwe!’ ‘Wy sille dy wol helpe!’ rôp de kening. Dat sy koe de keninklike klean mar útdwaen. Der wiene al guon op út stjûrd om in suterich pakje fan in fiskwiif op to heljen. Doe sette de kening har op 'e hoeke fan 'e strjitte del, mar sa dat er har út ien finster fan it paleis wei op 'e kuer hie. Dêr moast se mei keapwaer sitte, mar se krige gjin jild mei - se moast sels mar sjen, hoe't se der oan kaem. Nou, hja alles ôfsykje, mar gjinien fan 'e keaplju wie der hjit op om sa'n sjofel frommis hwat foar to sjitten. Op 't langelêst fynt se doch in pottebakker dy't har út syn foarrie it ien en oar meijowt - dan kin se jouns wol ôfrekkenje.
Trochdat it in flot frommis wie, en in kreas frommis, forkocht se noch wol aerdich. Dat seach de kening út it paleis wei ek wol. Hy tocht, potfordoarje, nou biteart it noch mis! Dêr sit se as in skoarem frommis en se lûkt der har neat fan oan. Wy moatte der in skoatteltsje foar strike. Hy hâldde hwat in sleauwe jonge dy't mei de jiskekarre troch de stêd ried, oan en hy sei: ‘Sjoch ris, myn jonge, hjir hastou in goudstik, dan moatst dat hiele diske mei potten en pannen dêr op 'e hoeke fan 'e strjitte ûndersteboppest ride. Dat wol 'k dêr wei ha’. De jonge wie hwat ûnnoazel. Hy naem it goudstik oan en jage de hiele boel ûndersteboppest. De kening hie sein: ‘Der mei gjin pot en gjin panne hiel bliuwe, tink der om!’ Nou, dy't er net stikken ried, dy skopte er wol oan diggels. Dêr siet de prinses to skriemen. De pottebakker wie lilk en dy nei de polysje ta. Mar de kening hie de polysje en it gerjocht ek al warskouwe - bimuoi jimme der net mei!
‘Nou’, sei de pottebakker, doe't er weromkaem, ‘hwat hjir efter sit wit ik net, mar ik kin der gjinien foarspanne’. De prinses wist it wol, of dy koe it fan tinken wol ha, mar se makke de man net wizer, hwant se woe har net bikend meitsje. ‘Ik soe jo graech bitelje wolle’, sei se, ‘mar hwat ik hie is fornield en jild ha 'k net’. Se sjoude hwat yn 'e stêd om en doe liet de kening har ophelje. Hy sei: ‘Dat is misroun, h'n! Wolst nou om lyk?’ Né, dat woe se net. Hy sei: ‘Ik ha noch in plak foar dy. Dou giest it hounegat yn en dou sjochst it deiljocht net wer, ast net mei de ritmaster trouste!’ Mar se hâldde hoek. ‘Noait en to nimmer mei dy fint!’ sei se.
De kening woe it noch ien kear mei har bisykje en sette har yn in âld forfallen herberehje yn 'e bosk en dêr moast se itensiede foar alleman dy't der mar kaem. Mar se mocht der gjin jild foar nimme. De kening soarge foar de foarrie, mar de prinses hie der it wurk mei. Hy liet in úthingboerd skilderje: ‘Hjoed forgées, mar moarn moat der foar biteile wurde’. Nou, dêr kaem it folk machtich as de miggen op ôf. It wie dêr oars net in drok paed, mar se koe fan moarns ier oant jouns let doch mar yn 'e skrangen wêze en hyltyd mar opdisse. De kening hie der by sein, der moasten gjin klachten oer komme, oars gong se de sel yn. Dat se wie jouns, as de
| |
| |
lêste bisiker fuort wie - en dat wie soms al net sa hiele bitiid - skjin ende skjin ynein. Se hie der wol oan, dat se it folhâlde koe en dêr spekulearde de kening op. Lang om let soe se in kear yn goedens moatte.
De soldaet hie al dy tiid hjir en dêr hwat yn 'e stêd omstrúnd. Hy tocht, ik sil wol ris it ien of 't oar hearre fan hwat der yn it paleis foarfallen is. Hy klampe de paleiswacht ek wol wer oan, mar dy liet neat los. Se hiene ynstruksjes fan 'e ritmaster krige, alles moast binnendoarren bliuwe. De lakeijen, de paezjes en al hwat der fierder yn it paleis omsjoude hie itselde leksum krige. Dat it stedfolk wist fan neat, ek net dat de prinses dêr as potteforkeapster stien hie, hwant se hiene har der net fan kend yn har âlde klean. Se hie al in pear wike yn 'e herberge sitten, doe kaem de soldaet der ek efter dat him der hwat yn 'e hals waeide. Hy hie de deade reuzen wol hwat jild út 'e bûse helle, mar neat tofolle, hwant it wie him net om stellen en roven to rêdden, mar allinne om in pear sinten foar ûnderweis. Hy hie oare klean oantúgd foar dy sinten, sadwaende wie der net iens folle mear oer - op syn eigen gaezje dan nei, mar dêr woe er mei thúskomme, dat in miel iten forgees paste him krekt. Mooglik koe er der ek wol in deimannich sliepe. Krekt as haw ik dat gesicht earder sjoen, tocht er by himsels, doe't de prinses him bitsjinne, mar hy koe se doch net thúsbringe. Doe't der efkes net folle folk wie, bigoun er in praetsje mei de kastleinske: ‘Hoe hast dat hjir sa, datst dit om 'e nocht dochste?’ ‘Och’, sei se, ‘dêr sit de kening efter. Dat is noch al in goederjowske man’. ‘Dat is moai fan 'e kening’, sei er. ‘Nou ha 'k hjir wol iten en drinken, mar ik sykje noch in hinnekommen foar in nacht of hwat, ear't ik op hûs oan tsjoch - soe 'k hjir ek sliepe kinne?’ Dêr hie de prinses it net op stean, hwant se freesde de spionnen fan 'e kening. ‘Ik mei nachts gjin sliepers hâlde’, sei se. ‘As it net mei, dan mei 't net’, sei er, ‘mar is hjir net in hokje dêr't ik lizze kin?’ Se sei: ‘Der is noch al in foech keammerke, mar as de kening der efter komt, dan bin 'k net gelokkich’. Mar se seach him ris op en del oan. Hy hie himmele klean oan; it wie in kreaze fint, en hwat har noch noait oerkommen wie - se hie suver wol sin oan him. Hy bleau ta de lette joun, en doe sei se: ‘Ik sil dy it keammerke wize - ik weagje it der op’. De soldaet fornaem wol, dat se wol hwat bistek op him hie. Hy tochte, ik moat sjen, dat ik har meikrij as frou. Mar se wiene noch net genôch meiïnoar yn 'e kunde kommen om oer soks to praten.
De oare moarns wosk de soldaet him by de pomp en hy fortrêdde him in bytsje. Yntiid kaem hja op dat keammerke om it hwat op to rêdden en dêr seach se it swurd stean, dat er oars yn in greate tas biwarre, mar nou hie er forgetten om it op to bergjen. Blinder, tocht se - dat is ús heite swurd, hoe komt hy dêroan? Se hie it forhael heard dat de ritmaster ophongen hie, doe't de kening him frege hwer't it swurd doch bleaun wie, as hy dy reuzen deade hie. ‘Sa't ik sei, majesteit’, hie er forteld, ‘ik haw se de koppen ôfhoud, doe't ik gewach hearde. Mar ik hie gjin wapen by my en doe ha 'k jou swurd brûkt. En de fjirde reus dy't der wie sette ik it swurd op 'e kop, mar dy is mei swurd en al ôfdrost. Ik ha alles ôfsocht, mar ik koe him net werfine. Dat dy hat it grif meinommen’. Doe't de prinses dêr dat swurd seach, frege se harsels ôf, hat hy faeks de fjirde reus deaslein? Der wie sa bitiid noch gjin folk yn 'e herberge, dat se rôp him yn en se frege: ‘Hoe komstou oan dat swurd, hwant dat is de kening sines?’ Hy seach har goed oan: ‘Noustou dat sa goed witste, sjoch ik it ek - dou bist de prinses!’ Se krige in kleur. ‘Ja, dat is sa’. Hy frege hoe't se hjir sa bidarre wie en doe die se him it forhael. En hy lei har út, hoe't er by
| |
| |
har yn 'e sliepkeamer west hie. Hy helle de skoech en de tippe fan it nachthimd foar 't ljocht. ‘Soa’, frege se, ‘hastou sa'n bilang by dy sulveren skoech?’ ‘Né’, sei er, ‘hjir hast him werom’. ‘Of hastou dy held west dy't de reuzen deade hat?’ frege se wer. ‘Ja! Mar ik ha der noait wer hwat fan heard en dêrom bin ik hjir yn en by de stêd bleaun’. ‘Ja, en dêrtroch sit ik nou mei dy smoarge ritmaster’. Sa en sa. De soldaet wie troch 't mâlle hinne: ‘Ik sil him de kop ôfslaen mei dit swurd!’ ‘Doch dat mar net’, sei se, ‘ús heit is tige wiis mei him’. Se leine oer en hy fortelde har, dat er de tommen fan 'e reuzen ek yn syn tas hie. Doe't de prinses dat hearde, fleach se him om 'e hals. Nou, doe wie it klear, en hy bleau der nachts.
Mar in dei trije-fjouwer letter dêr kaem de kening mei syn gefolch en mei in boerewein oanriden. Hy sei tsjin 'e prinses (de soldaet wie op dat stuit net yn 'e tapkeamer): ‘Dou slachst mei in keardel om, en dy is hjir nachts ek by dy!’ Dat wie him troch syn spionnen al trochdien. Hy tocht, as dy fint jild fortsjinnet, dan is se my net mear brek. ‘Mar nou is 't út’, rôp er, ‘yn 'e sel mei dy!’ - ‘Set se yn 'e boerewein’, hiet er syn mannen. ‘Wachtsje even!’ sei se, ‘safier is 't noch net’. ‘Jowst it oer?’ frege er, ‘troust mei de ritmaster?’ ‘Nou net, en yn der ivichheit net!’ sei se. ‘Byn se!’ joech er bifel. ‘Hou, ik sil jo earst noch hwat sjen litte!’ De kening waerd nijsgjirrich. Dêr kaem se mei it swurd op 'e lappen. ‘Is dat jowes?’ ‘Ja’, sei er, ‘hoe komstou dêroan?’ ‘Dat hat net in reus yn 'e kop hawn, hear! Jo hawwe jo hwat troch dy stjonkert fan in ritmaster yn 't ear naeije litten’. Nou, de kening wie al hwat forbjustere. Doe sei se: ‘Ik sil jo noch hwat oars sjen litte!’ en se toande him de skoech en de tippe fan it nachthimd. ‘Och’, rôp de kening, ‘hoe komstou dêroan?’ ‘Nou sille jo de wiere held sjen’, sei se en rôp de soldaet. Hy hie kreaze klean oan en trochdat er oppasser by in generael west hie, wist er wol hoe't er him hâlde en drage moast. ‘Bistou de man dy't de reuzen deamakke hat?’ frege de kening. ‘Ja majesteit’, sei er en hy fortelde hoe't it yn syn wurken gongen wie. ‘Wiene der nou fjouwer, of wiene der trije?’ frege de kening. ‘Der wiene mar trije, en de fjirde hat it swurd sikerwier net meinommen; dat woe ik hâlde’. ‘Mar ik wol it wer ha!’ rôp de kening. ‘Wis, ik jow it jo wer, mar net earder as yn it paleis’. De soldaet hie der hwat mei foar - hy hie wol fornommen dat it ôfgryslik snije woe. ‘Hoe ûntmaskerje wy nou de ritmaster?’ frege de kening, ‘jim steane nou foar mekoarren oer’. De soldaet sei: ‘Dan moatte jo him mar ris freegje, hoefolle tommen oft dy reuzen hiene. Sjoch, hjir ha jo de seis tommen yn in pûdtsje’. De kening stiek it pûdtsje mei de tommen yn 'e bûse en se rieden nei it paleis; de soldaet en de prinses elk op in hynder - de soldaten hwaens hynders it wiene, moasten mar yn 'e boerewein.
Se kamen yn it paleis en de ritmaster tochte, sjesa, myn koarn is ryp! De prinses hat bilies jown. Dy fint dy't dêr by is, dêr sil se wol mei hokke ha, nou hawar, ik lit him wol ophingje. Dat hy sette in hiel krop. Se komme yn 'e paleisseal, de keninginne jowt har der ek by, en dan stelt de kening de soldaet, om gjin erchtinken to jaen, oan de ritmaster foar. En hy seit: ‘Nou moatte jo noch ien kear fortelle, hoe't jo dat mei dy reuzen hawn ha’. De ritmaster die syn forhael en dat wie njonkenlytsen noch helte moaijer wurden. De soldaet forbiet him fan argewaesje. Doe sei de kening: ‘Nou ha jo de koppen der ôf slein, mar hoefolle tommen hiene dy reuzen oan 'e hannen?’ De ritmaster forskeat fan kleur, hwant op sa'n fraech hie er net rekkene. Mar hy sei drystwei: ‘Dy reuzen hiene gjin tommen’. ‘O’, sei de kening, ‘en hwat binne dit dan?’ en hy liet him de reuzetommen sjen. De ritmaster nimt in sprong en sil ta de doar út, mar de soldaet wie him krekt foar en de ritmaster syn holle kaem
| |
| |
earder by de doar as syn romp.
De kening wie aerdich bitommele en de prinses krige fuortendalik tastimming om mei de soldaet to trouwen. Hy hie net iens frege, oft er fan adel wie of net - hy skamme him sa dat er dat glêd forgeat. De flaggen kamen op it paleis, herauten rieden troch de stêd en diene de boade dat de prinses de oare deis trouwe soe. De soldaet - sa sil ik him noch mar neame - waerd letter kening en it folk hie noch noait sa'n goedenien hawn, hwant hy wie oeral mei op 'e hichte, mei earm en ryk, en hy bihannele se allegearre like rjochtfeardich. Se libben noch jierren, se krigen bern; alles gong foar de wyn, en miskien is hy, jan-soldaet, noch wol kening.
|
|