feint: ‘Dy kou moat dea! Nei de slachter! Ik kom net wer ûnder dy kou. Hy is bitsjoend!’ ‘Hui, hui!’ sei de feint, ‘boer, it is ien fan ús bêste kij. Dy mei net dea! Ik sil dy kou wol melke’.
Nou, sa stapt de feint ûnder de kou en bigjint ek to melken. En mei dat Tomke-biis dat heart, bigjint er to sjongen: ‘De knecht die plukt de koe! De knecht die plukt de koe!’ En de feint dy wurdt sa kjel, dy falt deselde kant oer - yn 'e groppe en ûnder de stront! Doe sei de boer: ‘En nou is 't foargoed út. Nou moat er dea!’ ‘Och’, sei de faem, ‘net dwaen, boer! Sa'n goed bist! Jim binne allebeide net lekker. Ik sil dy kou wol melke’.
Nou, en de faem kriget amer en tuolle en giet ûnder de kou sitten to melken. Mar meidat se in stik of tsien speten yn 'e amer dien hat, bigjint Tomke-biis wer to sjongen: ‘De meid die plukt de koe! De meid die plukt de koe!’ It fanke waerd al sa kjel - ek yn 'e groppe! Doe wie de boer dan dalik bisluten. Hy sei tsjin 'e feint: ‘En nou dou dalik nei de slachter! Hy moat op slach komme en helje dy kou op. Dat bist is bitsjoend’.
De kou waerd slachte. Tomke-biis siet yn 'e pânse, en doe't dy foar 't ljocht kaem, sei de slachter tsjin 'e feint: ‘Goai dat ding mar bûten, dêr sit doch neat oan to plúzjen. Dêr ha wy oars net as wurk fan’. Sa bidarre de pânse bûtendoar. Dêr hie er in skoftke lein, doe stie der ynienen in biddelman yn 'e slachterij. ‘Och baes’, sei er, ‘soe ik dy pânse ha meije, dy't dêr bûtendoar leit? Dêr sit foar my noch wol in lekker hapke oan’. ‘Wel jawol jonge, nim dou dy pânse mar mei’. De biddelman de pânse yn 'e koer, de koer op 'e rêch en dêr sjoude er hinne, wakkere bliid. Tomke-biis bisocht yn dy pânse hwat by de útgong to kommen, syn lyts hantsje koe der krekt ta út en sa pakte er de biddelman by ien fan 'e kroltsjes fan 't nekhier en dêr loek er oan. Doe song er: ‘'k Zit in de bedelmans mand! 'k Zit in de bedelmans mand!’ De biddelman waerd ôfgryslike kjel; hy sette de koer del en frege himsels ôf, hwa hat my dit lapt? Mar hy seach neat, dat hy tochte, ik ha 't my faeks mar forbylde. Sadwaende naem er de koer wer op 'e rêch en teach wer fierder. Mar nei in skoftke docht Tomke-biis wer itselde. En foar de tredde reis noch ris. Dat dy biddelman waerd op 't lêst sa binaud, hy soalde de hiele pânse yn 'e ûnderwâl en fuort, op in draef.
Nou, dêr lei Tomke-biis. Hy die alle war om der út to kommen, mar it woe him mar net slagje. Mar ik bin in eintsje ûnderweis, tocht er, en dêr hearde er ynienen snuffeljen. Der wie in greate, hongerige houn en dy friet yn in stik twa, trije, fjouwer happen de hiele pânse op. En doe siet Tomke-biis yn 'e houn. Ja, tocht er, mar wer sjonge. Hy song: ‘'k Zit in de hond z'n kont! 'k Zit in de hond z'n kont!’ mar it holp neat. Doe waerd Tomke-biis wol hwat bang. Hy krûpte de hiele hounemage troch. En fan dat gegriem en gekribel yn syn mage waerd de houn sa mislik, dat hy koarre alles der út. Dêr lei Tomke-biis oer de groun. Hy wie wol freeslike fiis en ûngedien, mar it wie flak by de feart, dat hy nei 't wetter, hy wosk him hwat ôf en doe nei hûs. Hy roun by syn heit en mem foar de glêzen lâns; se sieten by de tafel, en doe hearde er syn mem skriemen: ‘Och, och, ús earme Tomke-biis! Hwer soe er doch sitte?’ Tomke-biis glûpte efterom en troch it kaeisgat nei binnen. Doe die er hiel foarsichtich de keamersdoar iepen en rôp: ‘Hjir bin ik al!’
Nou, doe kaem dan de forneamde baerch mei de wite snút en dy blies it hiele forteltsje út.