De fûgel dy't de gouden aeijen lei
Der wennen op 'e heide in man en frou dy't it krap hiene, hwant dy keardel wie stjonkende lui. Se hiene twa bern, en op in kear dat der hielendal gjin iten mear yn 'e hûs wie, sei it minske: ‘Ik gean mar to aisykjen; fyn ik guon, dan ha wy tomminsten hwat yn 'e mage’. Mar se swalke de gânske dei oer de heide sûnder dat se ien aei foun. En doe't se de jounes op hûs oan soe, seach se ynienen in fûgel op it nêst sitten. Se roun der hinne en doe seach se dat er siet to brieden op ien aei. Se sei tsjin 'e fûgel: ‘Dat aei nim ik mei’. Mar de fûgel antwurde: ‘Dat moatte jo net dwaen - ik ha mar ien aei en dat is in gouden. Jo ha twa soune bern en iten krije jim altyd noch wol. Lit my dit iene aei hâlde’. Doe bigreate it de frou en se sei: ‘Dat is ek sa. Wy rêdde ús wol. Ik ha twa bern en jo mar ien aei - hâld it mar’. En doe sei de fûgel: ‘Nim my en myn aei mei nei hûs. Dan sil ik alle dagen in gouden aei foar jo lizze en as jo dat forkeapje, is der foar jim genôch om to libjen’.
De frou naem de fûgel mei nei hûs en dy lei alle dagen in gouden aei foar har. Dat forkocht se en dan hie se krekt genôch om der fan to libjen. Mar se fortelde it hiele forhael oan har man en dy easke in part fan it jild dat se foar it aei barde. It duorre net lang, doe naem er har alles ôf. Hy rekke oan 'e drank en hy krige forkearde maten, boppedat krige er kunde oan in frommis dêr't er mear sin oan hie as oan syn eigen frou. Dy woe er wol slite en dan mei har trouwe. Doe sei dat frommis: ‘Ik wol allinne mar trouwe mei in rike fint’. ‘Ryk bin ik net’, sei er, ‘mar wy ha thús in fûgel dy't alle dagen in gouden aei leit’. ‘Nou’, sei se, ‘ast mei in hiele berch gouden aeijen komste, dan kinne wy der ris oer prate’. Hy antwurde: ‘Mar hoe kom ik oan sa'n berch gouden aeijen? De fûgel leit alle dagen ien en dat moatte wy fuort forkeapje om in mannich sinten om hannen to hâlden’. Doe sei se tsjin him: ‘Dan moatst dy fûgel mar slachtsje; hy hat de bealich fol gouden aeijen. Ast dêrmei komste, wol 'k mei dy trouwe’.
De man gong nei hûs en hy trof it, syn eigen frou wie net thús. Hy slachte de fûgel, mar doe't er him iepensnien hie, siet der net ien gouden aei yn. Hy kaem wer by it frommis en fortelde har dat er gjin gouden aeijen hie en doe woe se neat mear fan him witte. Doe't er wer thúskaem, hie syn frou al sjoen dat er de fûgel slachte hie en se wie fuortroun mei de beide bern. Hy bleau allinne oer en is yn 'e earmoed stoarn. Sa giet it as immen noait tofreden is.