jildpine helpe kinnen, as wy him fortelden hwer't er dy skat fine kin’. ‘Ja, ja’, naem de twadde it wer oer, ‘dy skat dy't de ierdmantsjes ûnder de blauwe stien bigroeven ha’. ‘Krekt, dy leit hjir flak foaroer oan 'e oare kant fan 'e rivier. Spitich sikerwier, hwant de kening is lang de minste net’.
De bline hearde dat allegearre. Hy tocht by himsels, hjir moat ik al mear fan witte! Sa gau as er de roeken opfleanen hearde, bigoun er taestende en teantsjendewei to sykjen en op 't lêst kaem er by in welle. Hy bigoun syn eagen to waskjen en it duorre net lang doe koe er al ljocht bispeure. Noch in pear kear oerwaskje en doe waerd er suver bang: hy seach de mânske beammen en de blauwe loft en it griene gers - och heden, hy wist him gjin rie. Nou hinge er net mear ôf fan in maet, dy't him samar oan 't lot oerlitte koe.
Dy skat koe him yn earsten it measte net skele. Hy sette al efkes oer de rivier en hy foun de blauwe stien ek, mar hy liet alles dêr lizze sa't it der hinne lei. De prinses spile him yn 'e holle om - sjoch, hy wist hwat blynwêzen bitsjutte. Hy hie in learen wettersek by him, dy hie er fol dien mei genêzend welwetter en sa sette er de stap nei de stêd. Doe't er by it paleis kaem, fornaem er al gau, dat syn maet him al foar wie. Hy hie him noch noait sjoen, mar hy hearde oan 'e stimme wol hwa't de persoan wie, dy't in hiel forhael tsjin 'e paleiswacht ôfstiek. It wie in hiele mynhear, sa to sjen, en dat die de oare net in bytsje nij. Dy hâldde himsels efterbaks en sa seach er dat de man yn it paleis talitten waerd.
Dy man liet him by de kening oantsjinje en sei dat er twa bisûndere soarten krûden wist. As de iene net foar de prinses har blinens holp, dan soe de oare it grif dwaen. De kening woe syn dochter sa graech better ha en dêr makke de dogeneat misbrûk fan. It wie moai, sei er, dat de kening de prinses biloofde oan hwa't har better makke, mar hy moast fan tofoaren winlik hwat hânjild barre. Hy krige hwat er frege, net iens sa'n bytsje. Ridlik gau kaem er wer opdaegjen mei syn krûden. Hy struide de prinses der hwat poeijer fan oer de eagen, de nedige merakels hie er der by, mar it holp allegearre neat. Doe sei er: ‘Ik ha de forkearde krûden. Dan sil ik de bosken yn moatte, gâns in ein fuort, om de goede to sykjen. It nimt in dei of trije om se to finen’. Dêr moast er op 'e nij jild foar op 'e hân hawwe en diskear noch mear. Dêr wie it him ek allinnich mar om to rêdden; hy striek der op ôf mei it jild yn 'e bûse, en doe't de trije dagen om wiene, en de fjirde, en de fyfte dei, doe bigounen se yn it paleis foar it forstân to krijen dat se it mei in oplichter to dwaen hiene. Se lieten wol om him sykje, mar hy wie grif al in goed ein út 'e reek.
De bline (sa sil ik him noch mar neame) hie dat ek al heard en doe meldde dy him oan. De paleiswacht hie in skean each op him, hwant hy wie sjofel yn 'e klean. Mar ja, de kening hie sein, elkenien talitte dy't sei dat er de prinses better meitsje koe, dat hy moast doch mar trochlitten wurde. Hy waerd nei de seal brocht dêr't de prinses lei - se lei in part fan 'e tiid op bêd, hwat moast se ek oars? - en dêr sieten de kening en de keninginne ek. Hy makke in bûging en hy lei út: sa en sa. Doe spuiden de dokters dy't dêr by omsprongen raer guod. Hwat soe sa'n skarminkel - it like wol in skoaijer. Sa'n keardel moasten se it gat fan 'e doar wize, sa gau mooglik! Mar de prinses hearde dat ek, en dy rôp fan it bêd ôf: ‘Lit him hjir mar komme. It kin my neat skele, troch hwa't ik holpen wurd - oft it in skoaijer is of in mynhear. It sit him yn 'e gaven en net yn 'e klean’. En doe tsjin 'e bline: ‘Kom hjir mar hinne’. Hy roun nei it bêd ta en hy lústere har sunich yn 't ear, dat se de hiele seal ûntromje