It fanke dat mei sawntjin jier stjerre moast
In ridder wie al in hiel set troud, mar der woene gjin bern komme en omdat er graech in stamhâlder ha woe, gong er nei de pryster ta om to freegjen hwat er dwaen moast. Doe sei de pryster, miskien soe God him genedich wêze as er in krúsfeart die. De ridder gong nei hûs, fortelde syn frou hwat syn doel wie en makke alles ré foar de krúsfeart. Hy slepte de lêste nacht by har en de oare moarns reizge er ôf. Mei in krúsleger teach er nei Turkije en dêr roun er yn 'e striid in forwouning op oan ien fan syn skonken. It libben rêdde hy der ôf, mar hy bleau kreupel en koe gjin tsjinst mear dwaen yn it leger. Syn langst nei hûs wie great en nei likernôch acht moanne fuort west to hawwen koe er de weromreis oannimme.
Hwat tichter as er by hûs kaem, hwat mear as hy der oan bigoun to twiveljen, oft er syn bilofte om in krúsfeart to dwaen wol neikommen wie. Oan 'e iene kant woe er noch graech in bern ha, oan 'e oare kant tocht hy der oan, dat it bern dan mar in kreupele heit ha soe. Mar hy moast nei hûs en doe kaem er troch in bosk. En wylst er op in omfallen beam siet om efkes út to rêsten, seach er in âld wyfke oankommen mei in takkebosk op 'e rêch. Doe't se oan him ta wie, gong se op 'e oare ein fan 'e beam sitten. De triennen rôllen de ridder fan ellinde en noed oer de wangen. It âld wyfke seach fansiden nei him en frege: ‘Hoe komt it doch, dat jo sa'n fortriet ha?’ Earst woe er it net sizze, mar njonkenlytsen fortelde er har doch in part fan syn skiednis. Doe sei se: ‘Jo hoege doch net sa fortrietlik to wêzen, as jo nei hûs geane’. ‘Né’, sei er, ‘mar ik bin op krúsfeart gongen om Gods genede to winnen, dat wy in bern krije mochten, mar ik ha mar amper yn 't easten west, doe moast ik de striid al forlitte fanwegen myn forwouning. Hwat is der fan it folbringen fan myn bilofte torjochte kommen!’ It âld wyfke antwurde: ‘Dêr hoege jo net oer yn to sitten - as jo dat sa graech wolle, kin ik jo wol helpe. Gean jo mar nei hûs, en as jo thús komme, dan sil der in famke berne wurde. Allinnich der is ien ding: dat famke sil by jo bliuwe, oant se sawntjin jier âld is, dan moatte jo har klokslach tolve ûre oan my ôfstean’. De ridder tochte, ik kin doch gjin bern krije - hwat jowt it ek. As ik né siz, haw ik neat. Dat hy antwurde: ‘Ja, it is goed’. En dat waerd op hânslach biklonken.
De ridder kaem troch de poarte fan syn slot en syn boaden wiene tige bliid dat se him werseagen, mar se seine, hy moast op slach meikomme, hwant syn frou hie de fleagen en it wie oan 'e bifalling ta. En krekt doe't hy der yn kaem, waerd der in bern berne en dat wie in famke.
Ynearsten tocht er net oan hwat der yn 'e bosk foarfallen wie mei dat âlde wyfke, mar doe't it bern hwat greater waerd en hy siet der sa ris nei to sjen, doe kaem it him wer yn 't sin. Hy skoude it fan him ôf - dat healwize âld wiif dat dêr sitten hie, hwat hie er der winliken mei to meitsjen, it wie baerlike ûnsin. Mar it bern waerd jongfaem en doe bigoun hy der hyltyd mear oer to prakkesearjen. Syn frou fornaem wol oan him, dat der hwat oan mankearde - hy siet soms hiele skoften foar him út to stoarjen en hy wie net mear deselde as foarhinne, mar hy utere him net. Syn dochter wie nou al sa âld, dat er gewoan mei har prate koe, en doe op in kear dat se oan 't miel wiene - syn dochter en syn frou sieten der beide by - fortelde er hwat der destiids bard wie yn 'e bosk. De frou waerd tige kjel, mar de dochter lake der om. ‘Heit moat him net sa oerstjûr meitsje! Hwat sil my nou oerkomme? Ik