Dit bistie net, neffens him. Der hie nimmen by west, gjin minske en gjin beest, hoe donder koe dit? Hawar, hy smiet it gat wer ticht, stapte op syn hynder en ried fuort. Hwat moast hy der mear oan dwaen?
Hy ried fuort. Hy ried in hiel ein fuort. Hy wie op reis earne nei in stêd ta. In pear dagen wie er al ûnderweis, doe krige syn hynder toarst en dêr stie net fier fan 'e wei in hiele moaije greate hearehuzinge, mei stâllerij en alles der efter. Hy tocht, hjir kin it hynder wol in amerfol wetter krije. Nou, dat krige er dan ek, mar it tilde dêr op it hiem op fan folk. En doe kaem hy der al gau efter, dat it gjin gewoane arbeiders wiene, mar slaven. De rike mynhear dy't dêr wenne wie in slavehanneler, dy't syn waer fan sérovers kocht. Hy forkocht se troch, mar hy hâldde sels ek altyd in hiele ploech om syn eigen spul yn oarder to hâlden. It muoide de jonge keapman, dat er safolle sinten net yn 'e bûse hie dat er se allegear frij keapje koe, hwant se hiene dêr in min libben, in wier slavelibben, dat seach er wol.
Hy sjout hwat om hûs hinne en doe komt er efter by de bargehokken en dêr is in fynboud jongfaem oan 't bargemjuksjen. En it wie ek gjin dong fan in pear dagen, dat dy siet sa fêst as in hûs. Dy moast se yn 'e kroade lade en op 'e dongbuit bringe. Hy seach wol, dat dit wurk har mânsk genôch wie, mar ja, der stapte in opsichter by om mei de swipe ûnder 'e earm! Dat bigreate him ta de teannen út. Dat hy socht de hear op en sei: ‘Hwat moat ik foar dy slavin jaen?’ De man frege in ûnbidich stik jild. Hy bigriep wol dat dy rike hear net fansels ryk wurden wie. Mar aldergeloks hie er safolle jild wol by him, dat dy jongfaem kocht er frij.
Dy faem kaem by him op 't hynder, en doe't se dan fan 't hiem wiene, fortelde se him, dat se in Ingelske prinses wie. Ienris, wylst se har op 't strân formakken, wie se mei har spylfammen pakt troch sérovers. Dy hiene har meinommen hjirhinne en forkocht. ‘Ik ha hjir al gâns in skoft west’, sei se, ‘mar ik koe it wurk hast net dwaen, dat ik bin o sa gelokkich dat jo my frijkocht ha, en ús heit sil jo dat grif tige leanje’. Nou, se moasten noch al in deimannich reizgje, mar de keapman bitelle nachtloozjys en alles foar har, dat dy faem kaem wer aerdich ta harsels, en doe krige se sin oan dy keapman en woe wol mei him trouwe.
Se kamen yn 'e havenstêd en founen in skip dat har meinimme woe. Mar de bimanning dat wie gjin foarnaem folk en se kamen der efter, dat it fanke in Ingelske prinses wie. Dat doe hie de boatsman wakker bilang by har en hy sil it oare skipsfolk wol tasein ha, dat se der net minder fan wurde soene as hy it mei har klear krige. Mar doe sieten se mei de keapman fansels. En hwat dogge se? Se hâlde op in ûnbiwenne eilantsje oan en dêr sette se him ôf. Foar in goed wike kriget er iten mei, fierder moat er him mar rêdde en it skip fart fierder.
En doe twingt de boatsman de jongfaem om as se yn Ingelân oankomme to sizzen, dat hy har frijkocht hat en dat sy him dêrom troubilofte jown hat. Dêr siet de faem mei. It wie har min nei 't sin, mar hwat moast se, se wie wer lytsman. Mei drigeminten krige er har safier dat se dêr in eed op ôflei, en it skynt dat se foarhinne goed oan dy eden fêsthâldden.
De keapman siet op it strân en eage it skip nei. Alle dagen siet er dêr to stoarjen, mar it eilantsje lei net yn in koers dat der skippen by lâns foeren. Lang koe it net duorje, dan moast er forhongerje, hwant der wie neat to iten en to biten op dat eilantsje. It wiene hwat rotsen, allinne in pear fûgels dy't yn in pear keale strûken sieten. It skip wie in pear dagen fuort, en wylst er dêr sa sit to digerjen oer de sé, heart er fuort by him hwat omplúmpen. Hy sjocht om en dêr stekt in dolfyn de kop