To plak brocht
Dit is in forhael dat ús omke Haring, dy't sei dat er fan 'e sigeuners ôfstamde, wol ris fortelde.
Hjir of dêr (hwerre, sei er net) hie in part fan in sigeunerstam in kampemint boud en doe waerd in jonge sigeuner der op útstjûrd om in boadskip oer to bringen oan in oar part fan 'e stam, dat earne fier fuort húsmanne. Dizze jongfeint, dy't de bêste rinner fan 'e sigeuners wie, stie op trouwen. Mar de opdracht om it boadskip oer to bringen achte er heger en dêrom sette er foar de brulloft fuort. Syn faem praette mei him ôf, se soe op it plak dêr't se ôfskie fan him naem, op him wachtsje.
It roun de jonge sigeuner ûnderweis allegear tsjin, dat de reis naem folle mear tiid as er tocht hie - it duorre omtrint in jier ear't er syn opdracht folbrocht hie. En doe't er nei in jier weromkaem, seach er fan fierrens al, dat it kampemint hielendal opbrutsen wie. Der wie gjin sigeuner mear to finen en it frjemde wie, alle tinten dy't dêr stien hiene wiene oan 'e groun ta ôfbrând - hy wist net hwat hy der fan tinke moast. Mar doe't er op it sté kaem dêr't er ôfskie fan syn faem nommen hie, siet hja dêr noch op him to wachtsjen. Hy wie tige bliid dat er har seach, en hy frege: ‘Hwat is hjir bard?’ ‘Ja’, sei se, ‘wy binne oerfallen troch rovers, mar in part fan ús stam is aldergeloks noch oerbleaun, mar dat forkeart op 't heden op in hiel oar plak en ik ha hjir op dy wachte om dy thús to bringen’.
Doe is se mei har feint gongen en se hat him it paed wiisd dwers troch de bosken en oer greate heidefjilden hinne, krekt salang dat er oan in kampemint kaem. Op in distânsje koe er syn âlders al ûnderskiede en ek oare bikenden dy't yn 't libben bleaun wiene. Oan 'e rânne fan 'e bosk liet er syn faem efter, hy fleach syn heit en mem yn 'e earmen en hy sei: ‘Hjir bin ik wer!’ Syn âlden wisten har gjin rie fan blydskip, dat se de forlerne soan wer hiene. Mar doe frege syn heit: ‘Hoe hastou oait de wei foun om hjir wer by ús to kommen?’ Hy sei: ‘Dat moatte jim doch witte! Myn faem hat ommers op my wachte om my hjirhinne to bringen’. Syn heit seach him drôvich oan en sei: ‘Dyn faem is al in moanne neidatstou fuortgien biste forstoarn, en wy hawwe se dêr bigroeven’.