Doe op in kear dat de hear op reis gongen is, komt de jonge de gong lâns en dêr sjocht er de kaei yn 't slot sitten. Hy loert om 'e hoeke fan 'e doar, eaget de keamer ris yn 't roun - nou, hy sjocht al hwat raer op: in pear deadskoppen gniisden him fan 'e skoarstienmantel ta, op 'e tafel leine gâns dingen dy't er net thúsbringe koe en in steapel boeken. Hy tochte, ik kin hjir wol sitten gean en lês dy boel nei, mar it is better, dat ik de kaei der út lûk en meitsje dy nei, dan kin 'k der letter wer yn komme. Dat hy naem de kaei mei nei de smidte, makke der krekt sa'nen by en brocht de kaei wer to plak. Hy hie nearne oan west yn 'e keamer, allinne mar om 'e hoeke sjoen, dat dêr soe de hear neat oan fornimme. Krekt hie er dat saekje birêdden, dêr komt de hear thús, mar de jonge wie al yn 'e timmerwinkel mei it iene of 't oare to wurk. De hear stoude fuortendalik op 'e keamer oan. Ja, de kaei siet der noch yn. Hy hie him mist en himsels ôffrege, ha 'k him nou weibrocht of him yn 't slot sitte litten? Nou, hy siet der noch yn, en doe't er de jonge yn 'e timmerwinkel dwaende seach, wie er gerêst en hy praette nearne oer.
Nei in skoftke moast de hear in pear dagen op reis en doe sloech de jonge syn slach. Hy gong yn 'e keamer en die him fan binnen op slot - de âlde húshâldster kaem der eigentliken noait, mar se koe him ris oer 't mêd komme. Doe sjocht er de boel nei en dêr fynt er fan alles - hiele frjemde dingen, dy't er doe net to plak bringe koe, mar letter wol. Doe't er him yn 'e boeken fordjippe, murk er al gau dat it toverboeken wiene. Hy der yn oan 't lêzen en doe learde er alles út 'e holle, al de toverformules en ek de hannelingen dy't er by it útsprekken dêrfan dwaen moast. Dat koe er yn ien kear net allegear yn him opnimme, mar de hear gong wol faker op reis en dan wie hy yn dy keamer to finen. Dat op 't langelêst wie er krekt sa toverkundich as de hear, hwant hy naem der wolris proeven mei en dy bisloegen bêst.
Doe op in kear wie de hear wer fuort, mar dy is bidder wer thús as soe en komt er de jonge dêr net oer 't mêd! De hear waerd pûrrazend en foroare himsels yn in liuw en dy soe de jonge opfrette. De jonge wist sa gau net hwer't er krûpe soe en foroare him yn in sweal. It glês stie op in kier en dêr skeat er ta út. Doe foroare de hear him yn in wikel en sette de sweal efternei. Sadré't de jonge de wikel kommen seach, hie er wol foar it forstân, dat dat de hear wie, en dêr siet er wer danich mei yn 'e knoei. Dat hy foroare him yn in rébok en sette de spat der yn. Doe waerd de wikel in wynhoun en stoude de rébok efternei. Dy wie al in hiel ein út 'e reek, mar hwer't er net op rekkene hie: hy kaem foar in brede rivier dêr't er net oerhinne koe, en de wynhoun wie koart efter him. Doe foroare er him yn in swan; sa koe er oer de rivier en de wynhoun hie it neisjen. Hwat moast dy? Hy foroare him yn in earn, hwant dat wie de iennichste fûgel dy't in swan yn 'e loft oan koe. En de earn de swan efternei. Blikstiender, hoe moat dat? frege de jonge him ôf, hwant hy forskuort my! Dat de swan saeit tusken in keppel wylde hynders del en dêr wurdt er sels ek in wyld hynder.
It wiene mear fan dy heal forwyldere hynders, dy hie in boer dêr rinnen. Nou en dan forkocht dy der ien fan en dat hynder moast dan fongen wurde. De earn koe gjin hynder oan. Hy hoegde him ek net yn in forskuorrend wyld dier to foroarjen, hwant dan gongen de hynders op 'e rin. Hy fleach nei hûs ta, foroare dêr yn 'e tovener en tocht oer de saek nei. Hy tinkt, witt' je hwat! Ik forklaei my as hynstetysker, ik stap nei dy boer om in wyld hynder to keapjen en dan sykje ik it hynder dêr't de jonge yn sit der út. Nou, dy boer wol wol hannel dwaen, dat se geane nei de