helpe!’ Se krige in lyts koperen fluitsje en doe't se der op blaesd hie, kamen alle dieren dy't op 'e heide libben nei har ta. Allinnich de njirre kaem net. Se frege de dieren, oft se ek wisten, hwer't in prinses mei gouden hier opsluten siet, mar gjin beest dat it fortelle koe.
Doe sei it twadde wite wiif: ‘Dou hast goed foar my west - as ik kin, sil ik dy helpe!’ Se blaesde op in sulveren fluitsje en alle fisken dy't yn 'e dobben húsmannen kamen boppe. Allinnich de iel kaem net. Se frege oan 'e fisken, oft se ek wisten hwer't in prinses mei gouden hier opsluten siet, mar gjin fisk dy't it fortelle koe.
Doe sei it tredde wite wiif: ‘Dou hast goed foar ús trijen west, miskien kin ik dy helpe!’ Se blaesde op in gouden fluitsje en alle fûgels út 'e bosken en fan 'e heide saeiden om har hinne del. Allinnich de flearmûs kaem net. Se frege oan 'e fûgels, oft dy ek wisten hwer't in prinses mei gouden hier opsluten siet. Dêrop antwurde de wikel: ‘Doe't ik boppe de bergen stie, haw ik sjoen dat in tovener út de swarte bosk in prinses mei gouden hier opsleat yn in tsjustere hoale’. De wite wiven seine tsjin de beesten, de fisken en de fûgels dat se de jongfeint gjin kwea dwaen mochten en de wikel moast him it paed wize nei it plak dêr't er de prinses fine koe.
De wikel fleach wikeljend foar de jongfeint út en de dieren soargen, dat er neat brek wie; altyd leine der nuten, woartels en beijen njonken him hwannear't er moarns wekker waerd. Op in nacht fielde er, dat in njirre him om syn holle kronkele. Dy sei dat er tabite soe, as de jongfeint net swarde, dat er it sykjen oerjaen en weromgean soe. De jongfeint wegere, mar foardat de njirre tabite koe, waerd er grypt troch in stikelbaerch, dy't him de kop ôf biet.
Op in oare nacht kaem der in greate flearmûs, dy't him op 'e hals sitten gong en dy't woe dat er swarre soe it sykjen om de prinses op to jaen. Oars soe er him deabite. De jongfeint wegere, mar foardat de flearmûs tabite koe, sûze der in rooffûgel del, dy't him mei de kloeren pakte en him fan 'e jongfeint ôf skuorde.
Op in kear dat de jongfeint him wosk yn in dobbe, kaem der út de djipte in iel mei tosken as eidetinen. Dy easke dat de jongfeint swarre soe om net fierder to gean, oars krige de iel him by de skonk en loek him nei de boaijem. De jongfeint wegere, mar foardat de iel tagripe koe, kaem der in ôfgryslik greate snoek omheech sjitten, dy't de iel yn stikken biet.
De jongkeardel reizge al mar fierder. De wikel gong mei, oant se by in djippe, swarte mar kamen. Nou koe de fûgel neat mear foar him dwaen, hwant de hoale lei oan 'e oare kant. De skieppehoeder foun in boat foar de wâl, mar der sieten gjin roeipinnen yn. Hy stiek twa fan de roeipinnen dy't er makke hie yn 'e gatten en se pasten krekt.
Hy roeide de mar op, mar de wyn helle hyltyd mear oan en de weagen waerden al mar heger. It duorre net lang doe brieken de roeipinnen midstwa, hwant de skieppehoeder moast der mei al syn macht op hingje. Hy stiek twa nije yn 'e gatten en roeide fierder. Doe't er oer de mar wie, hie er njoggen pear roeipinnen stikken hoart. Omdat it dielen fan syn heite swurd wiene, stiek er alle heale roeipinnen by de twa hielen dy't er noch oer hie yn 'e bûse.
Geandefoet sette er fierder en nei in skoftsje hearde er in heislik lawaei. De groun bigoun to triljen en to skodzjen en greate stikken stien rôllen oan alle kanten nei ûnderen. Foar him lei in berch en it like wol oft it fjûr der as wetter by del spielde. Yn 'e berch wie in greate hoale en foar de yngong stie in draek. Ut syn noastergatten rôllen weagen fjûr en hy draeide syn trije koppen fan lofts nei rjochts hinne en