| |
It geloksmantsje
Ik hearde ris in forhael dat spile hjir yn 'e omkrite en sa goed as ik it wit, sil ik it fortelle. Yn 'e Wulpeweide - dy lei yn 'e Reahel, doe't it dêr noch lân wie - dêr wenne in Ulfert mei syn beppe, hwant syn folk wiene oan 'e cholera stoarn. Syn beppe wist mear as in oar, hwant se wie mei de helm geboaren. Beppe wie tige âld en doe't se op har stjerbêd lei, sei se tsjin Ulfert: ‘Jonge, ik kin dy net folle neilitte, mar der lizze yn in doaske yn 't kammenet noch twa gouden riders. Dy binne foar dy, mar dan moatste nei it Nijegeaster tsjerkhou gean en ûnder de heechste eskenbeam moatst grave. Dêr sit in woartel yn 'e groun dy liket presys op in lyts keardeltsje, en dat is in geloksmantsje. Mar dou moatst de wanten oandwaen, hwant dou meist der net oan komme ast him der út hellest. Ast him der ien kear út hast, dan is it goed’.
Ulfert gong nei it tsjerkhou fan Ouster Nijegea. Dêr stiene yndertiden allegearre hege esken omhinne, en ûnder de heechste eskenbeam bigoun er to graven. En doe foun er dat woarteltsje. Earst wist er net hwat er der mei moast, hwant it wie mar in ûneachlik ding, mar it like presys in keardeltsje. En hwat langer as hy der nei seach, hwat mear as de boppe-ein fan dy woartel ek in gesicht krige, mar sjoch, dat kin ek ynbylding west ha, krekt as mei de wolkens oan 'e loft - as men dêr lang nei sjocht, ûntdekt men der ek allerhanne figueren yn.
Ulfert droege it mantsje hwat ôf en stiek it boppe yn 'e mouwe fan 'e jas, dat it gjin each joech. Hy hie doe al forkearing yn 'e Wulpeweide, mar hy sei tsjin syn faem: ‘Ik gean earst it fjild mar ris yn en sjoch, oft ik in goede post krije kin. En as ik dan in goede baen ha, kom ik wol werom’. Hy sei net, dat er in geloksmantsje hie, ek net doe't er fornaem dat se net botte wiis mei syn fuortgean wie. Hy brocht syn bytsje húsrie, it kammenet en in pear âlde stuollen, by har folk. ‘Dan ha we to minsten in bigjin fan in húshâlding’, sei er, ‘as ik weromkom. Miskien binne we it wol net nedich, as it my goed giet, mar dat wit men net’.
Hy reizge de wrâld yn en om't er oars gjin jild hie - yn 'e feanjerij dêr't er arbeide hie, wie it gjin fetpot - moast er earst ien fan syn twa gouden riders forsulverje. Sadwaende gong er nei in goudsmid en dy bea him fierstento min. Dat hie er earst noch net yn 'e rekken, mar doe't er earne tsjinoan line, gong it der ûnder de toanbank forskriklik omwei - it rattele der oer. En doe't de goudsmid it laed
| |
| |
iepenloek, sprong it jild der boppe ta út. Doe krige er it foar 't forstân: dat kaem troch it woarteltsje. It joech oan, dat dy goudsmid net earlik oan syn sinten kommen wie. Doe tocht er, lit my mar efkes wachtsje mei myn gouden rider to forkeapjen. Hy roun fierder, hy pluze syn bûsen út en foun noch in dûbeltsje, sadwaende koe er in pear stûrtske boltsjes keapje. Mei de bakker krige er in hiel forhael: ‘Jonge, hwat ha jo hjir in moai spul!’ ‘Ja’, sei de bakker, ‘dat ha 'k hielendal fortsjinne. Ik bin mei neat bigoun, hwant ik wie bakkersfeint, en nou bak ik mei fiif feinten’. Mar Ulfert rekke by ûngelok de útstalkast oan en doe bigounen de baktrompen, de dúmkes en hwat der mar yn stie, to dounsjen; de bôllen stouden fan 'e planken ôf en de breaën fleagen alle kanten út. De bakker bisaude. Hy frege: ‘Binne jo faeks in tovener?’ ‘Né’, sei Ulfert, ‘net dat ik wit’. Mar doe loek er him tobek en it lawaei en gehossebos hâldde op. ‘Mar ik bin der nou al efter’, sei Ulfert, ‘dat jo hjir net earlik oan kommen binne’. ‘Hwat wolstou, smoarge smjunt!’ rôp de bakker breinroer, ‘it skeelt my de helt net of ik lit dy troch de polysje oppakke. Ik ha hjir by elkenien kredyt en ik stean bikend as in oppassend persoan! Der út, dou lider!’ ‘Nou’, sei Ulfert, ‘jou brea is to licht, jo hawwe der tofolle simmels yn, of jo hawwe to heech mei de priis west’. De bakker woe him to liif, mar hy rekke noch efkes de útstalkast oan en doe koene de bôllen de bakker net gewurde litte en de bakkerinne, dy't der op ta rinnen kaem, fleagen de weesper moppen oan, dat se stouden allebeide fan binaudens de bakkerij yn.
Doe frege er by in herberge om in glês wetter. ‘Wolle jo net leaver bier ha?’ sei de kastlein. Hy antwurde: ‘Dat mei my net barre. Ja, ik ha noch al in gouden rider en dy moat ik mar forsulverje - witte jo hjir ek in goede goudsmid?’ Doe neamde de kastlein it adres dêr't er al west hie. ‘Dy ken 'k al’, sei Ulfert, ‘mar dat is in dogeneat’. ‘Dat moatte jo net sizze’, sei de kastlein, ‘hy hat de foarnaemste goudsmidswinkel fan 'e stêd’. ‘Dat kin wol wêze, mar ik moat him net’. Doe neamde de kastlein noch in stikmannich oare goudsmidden op. ‘Binne se dat allegearre?’ ‘Né, yn in efterôfstrjitsje wennet noch ien. Dy man sil it wol net oprêdde. It rint him altyd mar efterút. Dat er makket is wol goed, mar hy is fierstento djûr. Hy wrot der himsels op sa'n manier út. En ja, hy wol ek krekt sok goud ha en net oars’. ‘Dy man moat ik ha’, sei Ulfert en hy socht him op. Hy gong by dy goudsmid yn 'e hûs al ris hjir en dêr tsjinoan stean, mar alles bleau stil lizzen. Hy woe dêr syn beide gouden riders forkeapje, mar de man hie safolle ré jild net lizzen dat er se bitelje koe. Doe hâldde Ulfert mei ien op. De man joech der trije kear safolle foar as de earste goudsmid jaen wollen hie. Ulfert sei: ‘Jo binne in earlik man en ik leau, dat jo it op 'e lange dûr wol rêdde sille’. ‘Hoe witte jo dat?’ frege de goudsmid. ‘Ha jo sa'n forstân fan 'e dingen?’ ‘Né’, sei Ulfert, ‘ik bin mar in gewoane arbeidersjonge, mar ik ha in middeltsje om soks to witten. Dêrom ha ik jo der ek út socht. De oare goudsmidden hjirre binne allegear greate ynklauwers en biskiters. Se leverje gjin echt goud’. ‘Né’, sei de man, ‘dat wit ik wol, dêrom kin ik ek net meikomme yn 'e priis. Mar hwat hja dogge, dat forpof ik. Ik wol earlik troch de wrâld’. ‘Jo winne it by einsluten’, sei Ulfert, ‘jo moatte mar moed hâlde’.
Hy naem syn yntrek yn 'e herberge, hwant nou hie er sinten. Krekt doe't de kastlein in praetsje mei him makke, kaem dêr in omtrommer foarby - sjoch, kranten wiene der doe noch net, de measte minsken koene ek net lêze - en dy makke bikend, dat de boargemaster immen socht dy't dieven en dogeneaten fange of oanwize koe; as dat nei winsk bisloech, dan krige dy persoan tûzen goune. Ulfert
| |
| |
stiek de earen op, hwant tûzen goune wie in grouwélich stik jild yn dy tiid. De kastlein wist der mear fan to fortellen. De boargemaster wie in man fan hege adel en hy wenne op in great slot mei in leger personeel. Dy man rekke alles kwyt hwat mar kostber wie en hy koe noait de dieder snappe, dat hy wie syn rie to'nein. Ulfert frege fuortendalik pinne en papier fan 'e kastlein, hwant hy woe him dêrfoar opjaen. De kastlein seach nuver op, dat er skriuwe koe, hwant dat wie er fan sok folk net wend. Mar Ulfert hie dat fan syn beppe leard; dy hie fan komôf hwat mear west, mar har folk wiene oer de kop gongen en doe wiene se yn 'e feanjerij bilânne. Dat Ulfert skreau yn moaije krolletters in brief oan 'e boargemaster. En de oare deis, doe't Ulfert efkes fan hûs wie, kaem der al in boade fan 't stedshûs, dat hy moast by de boargemaster komme. Doe't er tsjin 'e joun thúskaem, brocht de kastlein him it boadskip oer en hy woe der fuort mar hinne. ‘Wachtsje efkes’, sei de kastlein, ‘ik ha noch in kado foar jo’, en hy kaem mei in moaije sidene halsdoek oanrinnen, dy't er him om 'e nekke lizze soe, mar dat slagge him net, hwant dy doek fleach der hyltyd wer ôf. Dêr bigriep de kastlein neat fan, mar Ulfert sei: ‘Dat hoege jo net to bisykjen, hwant dy halsdoek binne jo net earlik oan kommen’. De kastlein spatte op: ‘Nou moat it net mâlder!’ Mar de kastleinske, dy't der ek by stie, sei: ‘Jo hawwe gelyk! Forline jier hat in reizger him hjir lizze litten - it is sines net’. ‘Merakels allegearre’, sei de kastlein en woe him Ulfert oerrikke, mar dy sei: ‘As dy doek net by my wêze wol, dan doocht it net. Ik wol him net iens ha’. De kastlein wie springend, omdat er foar in gaudief oansjoen waerd, mar Ulfert joech him ôf sûnder halsdoek.
Mar doe't er by it stedshûs kaem wiene se dêr al ticht. Nou, tocht er by himsels, dan gean 'k fuort mar nei de boargemaster syn hûs ta. Doe't er op 'e stoepe fan it slot stie, rôp er in kear of hwat fan folk, mar hy krige hielendal gjin gehoar. Lykwols, hy koe der wol yn komme, hwant de doarren stiene los. Hy weage it der mar op - hy bigoun al hwat dryster to wurden. Se koene him noait mear as weromstjûre. Doe hearde er efter in doar guon konkelfoezjen. Dy wiene der bliid om, dat dy keardel yn 'e herberch net thús west hie; hwant ja, men koe it noait net witte mei sa'n frjemde snoeshoanne. Hy tocht, dit slacht op my, fansels. En dêr fleagen him twa keardels hast ûnderste boppen en dy fûteren mar raer op him. Mar hy frege, oft de boargemaster ek thús wie. ‘Flean op, fint!’ rôpen se, ‘hwat kin ús dy smoarge boargemaster skele!’ Nou, tocht er, de boargemaster binne se net sa botte wiis mei, liket my ta. En doe kaem der in lyts mantsje op him ôf, dy frege him mar frijhwat brimstich: ‘Hwat moatstou hjir?’ Ulfert sei: ‘Binne jo soms de boargemaster?’ ‘Ja’, sei er, ‘hielendal! Bistou ek al ien fan dy dieven dy't my de boel ûntstelle?’ ‘Ikke net!’ sei er, ‘ik bin Ulfert fan de Wulpeweide. Jo hawwe my tynge dien’.
Doe bikaem de boargemaster al hwat. Hy sei: ‘Kom mar mei, hjir yn dizze keamer!’ Ulfert kaem yn 'e keamer; hy rekke dêr al it ien en oar oan, mar der barde neat. De boargemaster neamde op hwat him allegearre net ûntstellen wie. En nearne wie der hwat fan werom to finen, likemin as de dieven to finen wiene. Of miskien wie der mar ien dief, hwant de boargemaster hie in skalk each op in âld koetsier. Dat wie in man dy't gjin tsjinst mear die, hwant de hynders wiene him net mear tabitroud. Hy wenne yn in lyts húske by it slot. Der wie al ris hússiking dien, mar om 'e nocht. ‘Nou’, sei Ulfert, ‘ik wit net... wy moatte earst it slot mar ris troch. Né, we hoege net yn alle keamers - as ik de hân mar efkes op 'e doar liz, kin
| |
| |
ik al fornimme, dat der stellen guod yn is’. Ulfert lei de hân op 'e earste de bêste doar en doe hearden se wol, dat it dêr bigoun to rammeljen dat it sahwat die. ‘Ja, dit doocht net’, sei Ulfert, ‘dêr is stellen spul’. ‘Dan moatte we der fuort mar ris yn sjen’, sei de boargemaster. ‘Né’, antwurde Ulfert, ‘dat dogge wy net. Dan ha wy noch mar ien dief en der moatte folle mear wêze. Wy moatte efkes fyn-ynlein to wurk gean. Fortel mar, dat jo hommels fuort moatte, en dan komme wy ûnforwachts wer thús’. Dat like de boargemaster skoan ta, hy naem it haed fan syn personeel apart en sei: ‘Ik gean in deimannich fan hûs. Ik ha hjir dy Ulfert fan de Wulpeweide by my, dy't him útjowt foar dievefanger. Dy fint stean ik net. It gerjocht moat mar útsykje, hwat persoan dat is. Ik ha al klachten oer him krige, fan in bakker en in goudsmid, en niissakrekt stjûrde in kastlein my noch boadskip; dy fortroude him ek lang net. Miskien ha wy wol mei in gefaerlike oplichter to dwaen. Hy hâldt der nuvere praktiken op nei, faeks wurdt er wol ophinge as kweade tovener. Ik rekkenje dat it iene mei it oare gâns tiid fergje sil’. Foardat se ôfstieken, seagen se noch efkes yn it húske fan 'e âlde koetsier, mar dêr wie alles yn oarder.
Se rieden fuort, mar de jouns om alve ûre kamen se ûngemurken wer thús en doe wie 't allegearre feest op it slot. It personeel hie de wynkelder omraek oansprutsen, de kok hie greate taerten bakt, it like Luilekkerlân wol. Der waerd dounse dat it klapte. De bûtedoar stie oan, mar de binnendoarren hiene se op slot skoud. Lykwols, Ulfert makke mei de hân de biweging fan weistriken. Doe fleagen de skoattels der ôf en koene se der samar yn op rinne. Dat wie dêr in hiel feestfierend selskip: it personeel, dat op himsels al machtich wie, hie der freonen en freondinnen út 'e omkrite by helle. Se hiene tocht, sjesa: dy fint, dêr't wy doch wol hwat skoftich foar wiene, binne wy kwyt - op syn moaist wurdt er wol ophinge en wy ha de baen rom. Dat se hiene in wakker skoan sin. Doe't de boargemaster en Ulfert yn 'e doar stiene, kamen fan bûten de twa manlju moai hastich oanrinnen, dy't Ulfert earder op 'e joun tsjin 't liif roun wiene. Dat wiene it haed fan 't personeel en de man dy't oan him folge yn rang. Se waerden alderheislikste kjel, doe't se mynhear dêr seagen. Se woene it noch foarkomme litte, oft se kommen wiene om in pintsje foar 't feest to stekken, mar de boargemaster en Ulfert hiene har op 'e gong wol fûterjen heard, dat de oaren al mei it feest bigoun wiene, ear't sy fan 'e partij wiene.
De boargemaster en Ulfert draeiden dat folkje de rêch ta en rounen de keamers troch. Hwer't mar in kiste of in kast stie dêr't hwat yn sitte koe, dêr hâldde Ulfert de hân efkes op en dan koene se fuort wol hearre, dat der stellen guod yn siet. It slot fleach der ôf, as Ulfert dat woe, en de boargemaster wist net hwat er seach! ‘Wel’, sei er, ‘ik ha dy tûzen goune biloofd, mar dou krijst fiiftûzen, boppedat in bêste post by de stêd, hwant dou bist dyn jild wurdich’.
De boargemaster hie earne op in oar plak noch in lânhûs. Dêr moasten se dan ek mar ris sjen, faeks doogde it dêr ek net. Mar se wiene dêr noch mar krekt, doe bigoun it hiele hûs to skodzjen. ‘Hwat is my dit hjirre?’ frege de boargemaster. ‘Dit spul hat luzen’, sei Ulfert, ‘yn jou eigen slot wie neat fan soks to rêdden. Hwat is 't forskil?’ ‘Dat slot’, sei de boargemaster, ‘ha 'k erfd fan ús heit, en dit ha 'k kocht’. ‘Dat tocht ik al’, sei Ulfert. ‘Hwerom tochten jo dat?’ ‘Omdat it iene of 't oare lang net yn oarder is. Jo binne net earlik oan dit hûs kommen, of net earlik oan 'e sinten dêr't jo it mei bitelle ha’. De boargemaster wie pûrrazend, mar hy roun doch mei Ulfert nei binnen. Dy gong efkes tsjin in kezyn oan hingjen, en och, och, och, de kasten sprongen wol in meter fan 'e groun en it âld porslein dat der op stie foel oan
| |
| |
| |
| |
diggels. De boargemaster sei: ‘Wel, dou smoarge smjunt! Ik ha dy fiiftûzen goune biloofd, mar ik lit dy ynpleats yn 't hounegat smite en dan kinst ophinge wurde! Hwat mienstou wol!’ ‘Ik kin it net helpe’, sei Ulfert bidaerd, ‘mar it bistiet net, dat jo hjir earlik oan kommen binne’. ‘Ik bin ien fan 'e riedshearen fan 'e kening’, rôp mynhear, ‘en ik lit my net biledigje troch sa'n turftraper’. ‘Dat kin wol wêze’, sei Ulfert, ‘mar ik sprek de wierheit’. Mar de boargemaster tjirge him sa, dat der kamen in stik of fjouwer feinten oan rinnen en hy hiet harren: ‘Smyt dizze keardel ûnder de toer, op slach, hwant it is in gefaerlike dogeneat. En jow him iten noch drinken’.
Dêr siet Ulfert yn 't tsjuster hounegat. Hy tocht, ús beppe hat my moai to pakken - yn pleats dat dat ding my gelok oanbringt, wurd ik ophinge. Fan ellinde foel er yn 'e sliep en doe seach er syn beppe wer. ‘Jonge’, sei it âld minske, ‘sitstou hjir!’ ‘Ja, beppe hat my knap to fiter’. ‘Dit wie mar in les foar dy, jonge’, sei it sloof, ‘datste witte soeste hwat der yn 'e wrâld to keap is’. ‘Dêr ha 'k net folle oan, as se my ophingje. Siz mar ris, hoe kom ik hjir wer út?’ ‘Nou’, antwurde se, ‘dou hast ommers dy springwoartel - dat geloksmantsje. Mar nou giest mar nei hûs en dou bidobbest him mar wer op it plak dêrst him foun haste. Mei forrin fan jierren sil wol wer ris ien him fine - miskien dat dy it better ôfgiet as dy. Mar dit hast der fan leard: earlik duorret it langst. Hwant dy boargemaster, al hoefolle as er byinoar skrabbe hat - op syn âlde dei sil er noch troch de mannen’ (beppe bidoelde de earmfouden) ‘ûnderhâlden wurde’.
Ulfert wie wekker. Hy hâldde it woarteltsje tsjin 'e doarren oan; de slotten sprongen der ôf en hy makke dat er út 'e kinken kaem. De boargemaster sil de oare deis wol op 'e noas sjoen ha, hwant Ulfert hie gjin spoar efterlitten. Hy is nei de Wulpeweide weromgongen. Hy hat it woarteltsje bigroeven op it Nijegeaster tsjerkhou; syn baggelark en syn trapbuorden hat er wer opsocht en hy is altyd turfgraver bleaun. Hy is troud en hwat bisûnders is der fierder net oer syn libben mei to dielen. It geloksmantsje is oant nou ta net werfoun. Jeep Meester, de turfgraver dy't my dizze skiednis forteld hat, hie der oars wol om socht, en hy net allinne. En mei't se ornearren, dat der wol jonges fan it mantsje kommen wêze soene, ha se der letter yn 't sûkerei-lân ek wol om socht. In stikmannich woartels dy't sa'n bytsje de foarm fan in mantsje hiene, ha se wol opdroege en it dêr dan mei bisocht, mar it wie allegear om 'e nocht. Jeep leaude der oars wol oan. ‘Mar it wurdt in toer’, sei er, ‘om sa'n geloksmantsje to finen’.
|
|