It eilân en de gouden appel
Der wie ris in kening, dy hie trije soannen. Doe't er âld waerd, rôp er se by him en sei, dat dyjinge fan har de troan erve koe, dy't him ek wierliken fortsjinne. Om fierrens yn in wylde mar of sé lei in eilantsje en der stiene beammen op, dêr't gouden appels oan groeiden. De kening sei: 'Hwa fan jimme trije nou sa kloek is, dat er dêr in gouden appel wei hellet en my bringt, dy wurdt myn troanopfolger.
De âldste soe it dan earst mar bisykje. Hy foer der mei in boat op ôf, mar doe't se ticht oan dat eilân ta wiene, kaem in stik wyn opsetten en de weagen gongen heech. De boat waerd weromdreaun en waeide tsjin 'e wâl. De prins sei tsjin de skipper dêr't er de boat fan hierd hie: ‘Wy moatte mar ôfwachtsje’. De oare deis foeren se der wer op ôf, mar der stiek allyksa in stoarm op en itselde barde wer. De tredde deis hat er it noch ris bisocht, mar wer om 'e nocht. Hy kaem thús en sei: ‘Né, dit slagget my net’.
Doe soe dan de twadde soan in wraem dwaen. Hy tocht: as ik der nou ris om hinne far - it is in eilân - en dy stoarm stekt wer op en hy waeit út 'e selde hoeke as dat er by myn broer waeide, dan blaest er my krekt nei dat eilân ta. Mar doe't er dêr op 'e mar kaem, wie der hielendal gjin wyn en se dobberen dêr mar om. En hoe't se ek roeiden en hoe ticht as se soms oan it eilân ta wiene, se kamen der net. Se driuwkelen dêr krekt salang om dat se forlet fan iten en drinken krigen en doe foeren se mar werom. Letter bisochten se it noch twaris, mar ek dat wie om 'e nocht.