Lytse Pino
Der wie ris in keninginne, dy krige gjin bern en de kening woe der har om forstjitte. Se wie de doar út roun en stie bûten to skriemen. Doe kaem dêr in hiel lyts keardeltsje lâns, in soarte fan dwerch. Dy seach har skriemen en frege: ‘Hwat skeelt der oan?’ Se sei: ‘De kening wol my yn nije wike fuortstjûre’. ‘Nou, hwerom?’ ‘Wy krije gjin bern. Nou wol er in oar wiif nimme’. ‘O’, sei it mantsje, ‘in bern dêr kin ik jo wol oan helpe. Mar... inkeld oan in tiid ta. As it bern trije jier âld is, moat ik it wer ha’. Se sei: ‘Dat is net sa aerdich’. ‘Nou né, jo moatte it sels witte. Jo binne dan ynearsten to minsten holpen’. Se tocht, dat kin ik sachts weagje en dy dwerch koe yn 'e tuskentiid ris deagean. Doe moast se mei safolle eden bikrêftigje, dat se har tasizzing om it bern nei trije jier ôf to stean neikomme soe. Fuortdêrnei krige se in jonkje.
De trije jier wiene sahwat om, doe kaem dy dwerch by har. Se wie der mei oan. As se it net ôfstie, soe it stjerre en dan wie se it likegoed kwyt. Se skriemde har oan wetter. En doe sei de dwerch: ‘Der is noch ien mooglikheit: as jo efter myn namme komme, dan meije jo it bern hâlde. Mar jo hawwe mar in pear dagen de tiid mear’.
Doe stjûrde se boaden troch it hiele lân hinne, dy moasten alle minsken nei har namme freegje en dy optekenje. Dy boaden kamen jouns fan har reis thús - it sil wol net sa'n great keninkryk west ha - mei in hiele rûfel nammen en dêrnei kaem it keardeltsje om dy nammen to hearren. ‘Né’, sei er, ‘myn namme is der net by’. De oare deis gong it wer krekt sa. Mar de tredde jouns wie ien boade oan 'e lette kant. ‘Nou, hawwe jo ek nammen?’ ‘Ja, ik haw al nammen. Mar der is ien by, dat is hwat in nuvere namme en ik haw him ek op in frjemde manier opdien. Jo moatte witte, ik kaem op in trijesprong en dêr stiene hwat beesten to sjen. Dat kinne se soms sa