Sterke Freark
Der wie in jongfeint, dy neamden se wol Wylde Freark, mar ek wol Sterke Freark. Hy kaem út in greate húshâlding. Syn heit wie boer, om it wurk koe er him skoan brûke, mar hy iet har thús de earen fan 'e holle. Sa rekke er by in oare boer. Dat soe oars goed gongen wêze, mar dêr woene se him njonkenlytsen om syn iten ek slite. Hy fortsjinne it measte net, mar hy kaem har doch to djûr.
It wie in rare knaep, hy stie nearne foar. Hy hie it ek al ris mei de duvel oanpast yn 't meanen. Ja, der hie neat tusken sitten, hwant syn siel sette er net yn 'e kiif, sa gek wie er nou ek wer net. Mar de duvel woe wolris witte, oft er tsjin 'e minsken meane koe. Doe wiene se elk op in ekker oan 't meanen, mar de duvel koe him net foarbykomme. Nou, doe hie hy der ek mar ôf sjoen om it fierder mei Freark to bisykjen.
Doe't yn 'e neisimmer it rûchste wurk oan 'e kant wie, praette de boer der op om, dat er mar fuort moast, mar dêr woe Freark neat fan witte: ‘As ik hjirwei gean,