ticht om him hinne. De frjemdling naem syn holle fan 'e skouders, treau him ûnder de mantel en stapte mei de holle ûnder de earm efter him oan. De man dy't net oan spoeken leaude glimke wer: ‘Us heit sei al tsjin my: It is better om de nekke to bûgen as de kop kwyt to reitsjen’. Doe't de bui oerdreaun wie sette de frjemdling de holle wer op 'e romp en panderen se fierder. Op in sânbult brânde in great fjûr en dêr dounsen in mannichte wiven omhinne mei biezems tusken de skonken. Yn 't formidden hong in swarte kôkpot oer it fjûr. Under in yslik gekjirm wâlle swarte reek omheech en der hong in bitende lucht fan brânnend fleis. Towyl de wiven der omhinne sweefden en dounsen, songen se in frjemd, gûlend liet. De man seach de frjemdling oan en sei: ‘Us mem hie wol gelyk: Froulju dy't altyd dounsje en sjonge, litte it fleis forbrânne en hawwe gjin sint yn 'e ponge!’
Wer in eintsje fierder moasten se oer in sompich stik heidefjild. Dêr dwarrelen hûnderten wite wiven yn 'e rounte, mei spoekljochtsjes yn 'e hannen. De frjemdling bleau sa't it like skrutel efter, mar de man sei: ‘It binne mar mistdwarrels; men kin de stjerren der trochhinne sjen’.
Se wiene al hast de heide oer, doe't se oan in djippe gloppe kamen. Se hearden alderearmhertichst skriemen en gûlen, der rammelen ketten en troch dampen dy't nei swevel stonken sloech in bloedreade lôge. De frjemdling joech in forskriklike gjalp en doe't de man him oanseach, bigounen syn eagen as koallen fjûr to brânnen, der woeksen twa puntige hoarnen op syn foarholle en in bokkepoat kaem ûnder syn mantel wei. De man skodholle: ‘Jo moatte jo net sa oerstjûr meitsje, man! Der is ommers neat om bang foar to wêzen. Doch mar krekt as ik en slaen in krúske as jo nuvere dingen miene to sjen en to hearren’. Hy sloech in krúske en de frjemdling fleach mei in wjerljocht en in tongerslach de reade lôge yn.
Doe't de man thúskaem, hie syn frou it iten al op 'e tafel stean. Se frege, oft der noch hwat bisonders bard wie. De man sei: ‘Myn maten yn 'e herberch wiene wer oan 't spoekpraten en ik hie selskip doe't ik oer de heide gong. Ien dy't net botte praetsk wie, mar fan spoeken ha wy neat sjoen of heard’.