nei it nêst ta, krige it koekoeksjong der út en sette it eigen jong fan it fûgeltsje der foar yn 't plak. It koekoeksjong naem se mei nei it paleis en dêr hat se it sels fuorre en greatbrocht, oant it flechtich wurden wie. It jong yn it nêst groeide ek op en doe't se der op in moarntiid wer by kaem, sieten de âlde en it jong togearre op 'e rânne fan it nêst, allebeide op 'e sprong om út to fleanen. Doe sei de âlde fûgel tsjin de prinses: ‘Omdat jo toand hawwe sa'n leafde to bisitten, dat jo bigripe kinne, dat in mem har eigen bern kieze en net forlieze wol, krije jo fan my it foarrjocht, dat josels, as it oait to pas komt, winskje kinne fan hwa't jo swier wurde’.
Hja waerd âlder en de tiid kaem dat de kening in man foar har keas. Se hie him al ris moete, mar se fielde dat se noait hwat om him jaen soe. Doe, op in kear dat se op it binnenplein omkuijere, wiene dêr forskate ridders en ien fan harren hie in paezje by him. En mei dat se him seach wist se, dit is de man dêr't ik fan hâld; ik moat miskien wol trouwe mei dy oare en dan sil ik in bern krije fan immen, dêr't ik neat om jow. En doe ynienen tocht se oan hwat it fûgeltsje tsjin har sein hie, en se winske dat se, ek al soe se mei de keningssoan trouwe moatte, doch in bern krige fan dizze paezje.
It duorre in setsje doe ûntdiek se dat se swier wie. De dei dat se mei de keningssoan trouwe soe, kaem tichter by, mar it wie har al oan to sjen dat der hwat by har skûle en op in kear seach de keningssoan ek dat it net mei har doogde. Hy gong nei har heit ta en sei: ‘Wolle jo jou dochter ris ûndersykje litte, hwant it liket my ta dat se swier is’. Doe waerd der ûndersyk dien en it wiisde út dat er gelyk hie. Se woene witte, hwa't de heit wie, mar dat woe se net sizze, al hoe't se der op ferge waerd. Doe waerd se opsluten, krekt salang dat it bern to wrâld kaem, en ek doe't it bern der al wie, waerd de prinses yn ôfsûndering hâlden. It wie in tige kreas berntsje en se kamen al gau ta de ûntdekking, dat it presys like op ien fan 'e paezjes, dy't se dêr wol faek yn it paleis seagen. De paezje waerd ophelle en yn it forhoar nommen, mar hy ûntkende fûl, dat er omgong mei de prinses hawn hie - hy wist ek fan neat. Mar se leauden him net en hy en de prinses waerden beide ta de dea foroardiele. Se waerden, mei it bern, opsluten yn in greate kiste. Dy waerd nei sé ta brocht en mei ebbe lieten se him op 'e stream sé yn driuwe, dat se meiïnoar omkomme soene.
Mar de kiste spielde oan op in ûnbiwenne eilân en de jongelju avensearden krekt sa lang dat se romte krigen om der út to kommen. De paezje boude fan 'e planken en fan hwat strânhout in foege hutte en doe't de honger har bigoun to pleagjen, socht er by leech wetter de holle plakken op it strân, dêr't wetter net út fuort komme koe, ôf om to sjen oft der ek fisk yn efterbleaun wie. Op in stuit seach er yn sa'n plak wetter in greate fisk en krekt doe't er him oppakte, seach er dat dy fisk libbene jongen to foarskyn brocht, dy't yn 't wetter foelen, en dêr forwûndere hy him oer. Hy tocht, dizze fisk kriget jongen en dy sille harsels sûnder de âlde wol net rêdde kinne. Hy krige ynienen sa'n bigreatsjen dat er de fisk swimme liet. En doe't de fisk wer yn 't wetter wie, draeide er de kop nei him ta en sei: ‘Omdat jo sa'n greate leafde hawwe, dat jo net ha kinne dat myn jongen sûnder mem wêze soene, krije jo it foarrjocht dat jo trije winsken dwaen meije’.
De paezje hoegde him net lang to bitinken. Syn earste winsk wie in boat, dêr't er mei de prinses en it bern yn fuortfarre koe. Hy hie it amper winske of dêr kaem de boat al oan. Doe sei er: ‘Myn twadde winsk is, dat ik mei de kening, de heit fan de prinses dy't hjir by my is, yn goedens libje mei, hwant ik hâld net fan skeel en spul. En myn tredde winsk is, ik soe lokkich wêze wolle en ik soe alle minsken om my