keamer. Mar de prinses hie nuten en fruchten fan 'e gouden skalen nommen, dy't oeral op tafels yn it paleis stiene, en om klokslach tolve ûre is it fanke ta it finster út gongen en hat har by de muorre del nei ûnderen sakje litten. De fruchten en nuten naem se yn in kuorke mei.
Se gong de bosk yn en hat der de hiele nacht yn om swurven. Har klean wiene hielendal toskuord, se siet ûnder de skrammen en har fuotten roun it bloed út troch de skerpe stiennen, dêr't se op trape hie. Se koe hast net fierder. Op 't lêst gong se dea-ynein oan 'e kant fan in lyts boskmarke sitten. Se barstte yn triennen út en tocht dat se wol fan honger en ellinde stjerre soe. Ynienen hearde se heech yn 'e loft de rop fan oerfleanende guozzen. Se sprong oerein en fielde gjin wurgens en gjin pine mear. Se tocht, ik moat doch fierder en roun sa hurd as se koe it weistjerrende lûd fan 'e guozzen efternei. Yn 'e moarntiid doe't de earste sinnestrielen oer de ierde foelen seach se in sniewyt kastiel midden yn in greate tsjustere bosk lizzen. Om it kastiel hinne roun in hege muorre fan swiere rotsblokken. Se roun der omhinne, mar se koe nearne gjin yngong fine. Doe't se der hast hielendal omhinne roun wie, foun se yn 'e muorre in lyts poartsje, dat iepen stie.
Foarsichtich glûpte se der troch en doe seach se in great gersfjild. Midden op dat fjild stie in greate tafel mei tolve gouden stuollen der omhinne. Sûnder har to bitinken roun se der op ta en doe't se tichterby kaem, seach se der tolve gouden boarden op stean. En wylst se dêrnei stie to sjen, hearde se ynienen in gerûs fan wjukken en tolve sniewite guozzen kamen oer de beammen oanfleanen en saeiden op it gersfjild del. Sadré't har poaten it gers roerden, foroaren se yn tolve kreaze jongkeardels, dy't om har hinne stean gongen mei earnstige gesichten. De prinses wist, dat it har bruorren wiene, mar de bruorren koene har net. Doe frege ien fan 'e tolve har: ‘Hwat dochstou hjir?’ Se sei oars neat as: ‘Ik bin fordwaeld’. Doe sei dyselde wer: ‘Dat is tige slim. Ik bin de âldste en ik moat it dy oansizze. Jierren lyn binne wy om wille fan in fanke, dat ús suster wie, alles hwat wy hiene kwyt rekke en binne wy hjir hinne band. Dêrom hawwe wy in eed sward dat it earste fanke of de earste frou dy't hjir op ús gerjochtichheit komt, stjerre sil. Meitsje dy dêrop klear, ik bin de man dy't deadzje moat’. It prinseske barstte yn gûlen út en rôp troch har triennen hinne: ‘Mar dat kinne jim net dwaen! Ik bin jim suster en ik haw alles hwat ik hie yn 'e steek litten om jim to sykjen, hwant ik wol jim helpe. It is myn skuld net, dat ús mem dy forskriklike winsk dien hat’. Alle tolve bruorren seagen elkoar forslein oan, mar de âldste sei fortrietlik: ‘Wy hawwe der allegear nei útsjoen om ús suster in kear to moetsjen, en nou't wy har sjoen hawwe moatte wy har deadzje. Mar wy kinne ús eed net brekke’.
Ynienen stie it âlde wyfke dat ek it boadskip oan har mem brocht hie oan 'e ein fan 'e tafel. Se sei: ‘Skamje jimme jim net, dat jim sa'n freeslike eed hâlde soene. As der ek mar ien fan jim in finger nei dit fanke útstekt, dan foroarje ik jim yn tolve podden en sille jim, sa âld as jim wurde, yn modder en slyk omkrûpe moatte. Se is hjir kommen om jim to helpen en as se moed en geduld hat, sil se de bitovering dy't oer jim leit forbrekke. Se moat alle moarnen de tún troch gean en alle spinreach byelkoar fandelje. Fan dat spinreach moat se mei har eigen hannen triedden twine. Boppe yn it kastiel stiet in weeftou en dêrop moat se fan de triedden tolve lapen weve. Fan elke lape moat se in mantel meitsje, foar elk fan jim ien, en as jim dy mantels oanlûke, sil de bitovering fan jim ôf falle. It sil seis jier nimme, foardat se mei dat wurk klear is. En der is ien bitingst - yn 'e tiid dat jim suster dit docht, dat