| |
De jongkeardel dy't troch de Dea dokter waerd
Der wie ris in earme skuonmakker - skuonmakkers wiene noait ryk, nou? - dy hie in soan dy't syn nocht hie om alle dagen foar in pear sinten op 'e trijepoat to sitten en in oar syn stikkene skuon to lapjen. Sa'n sinterse negoasje - hy woe ris hwat oars. Syn heit gong dêr altyd tsjinyn. Dy sei: ‘Jonge, dou kinst de wrâld wol yn tsjen, mar dêr fleane dy de brette douwen ek net yn 'e mûle. En wy hawwe hjir altyd noch in stikje brea hawn’. ‘Ja, dat seit heit goed: in stikje brea, mar neat der op’.
Dêr op in moandeitomoarn dêr lei wer in bult skuon en learzens, hy wie hast net oer to sjen. It waerd de soan great foar de eagen. Hy hie efkes sitten to lapjen, doe krige er doch sa'n wjeraksel yn dy stikkene boel, dat hy griep de trijepoat en soalde him bûtendoar. ‘Hwat silst nou?’ frege syn heit. Hy sei: ‘Ik ha myn nocht! En skjin myn nocht! Dat heit kin prate hwat er wol, mar ik set de nuddel yn 't spek’. Syn heit stie der forslein by. Hy tochte, ja, diskear is der neat mear oan to dwaen. Syn mem kaem der ek by. Hwat soe se sizze? De jonge hie faeks wol gelyk, mar seach er yn 'e fierte gjin gouden bergen dy't der net wiene? Lykwols, hy sette ôf. ‘It spyt my om heit’, sei er, ‘mar ik bin net fan doel en slyt myn libben as baes piktrie, sa is 't al’.
De jongkeardel tochte mei in pear dagen wol wurk to finen, mar dat foel ôf. De stikken brea dy't syn mem him meijown hie, wiene gau bihimmele en de pear sinten dy't er fan syn heit krige hie, de lêsten dy't se yn 'e hûs hawn hiene, kaem er ek net fier mei. Hy hie al yn 'e rekken krige, dat de lju yn 'e frjemdte wol op syn sinten loerden, mar dat har oan himsels neat gelegen lei. Mei gauwens moast er libje fan hwat it fjild oplevere, hwat knollen, in woartel, in hânfol boskbeijen en toarnbeijen, mar dêr koe er syn lichem net mei yn stân hâlde. Hy waerde hwat langer hwat slopper. Op 't lêst wie 't al safier hinne, dat hy moast in stôk brûke om to rinnen, mar ek dat hâldde op. Op in joun kaem er by in boskje, in eintsje fan 'e wei ôf. Hy tochte, hjir moat ik mar bliuwe, it is my to fier om by in hûs to kommen en ûnderdak to finen. Dat hy joech him del en foel fan ellinde yn 'e sliep. Hy waerde wekker, mar hy wie sa slop as in dweil, hy koe it net iens mear op fuotten hâlde. De hiele dei lei er dêr noch en hy waerd der mar biroerder tsjinoan. It boskje wie to
| |
| |
fier fan 'e sânwei ôf om minsken to biroppen en dêr wie er ek to swak ta. As der gjin help opdaegjen kaem, soe er fan 'e honger omkomme.
Sa dommele er wer wei, yn 'e sûs, yn 'e sliep, en hy bigoun lûdop to dreamen: ‘Och, och, ik woe dat de dea mar kaem en helje my op!’ Mei heart er gerattel njonken him. En fordoarje, stiet dêr de Dea net njonken him! ‘Hiest boadskip, jongkeardel?’ ‘Ja en né’, seit er kjel. ‘Hoe dat sa?’ ‘Ik bin der wol min oan ta, mar ik bin noch mar goed ienentweintich jier. Sa kin 't net, mar om nou al dea... Witte jo der faeks rie op?’ Hwant hy tochte by himsels - sa helder wie er noch wol - ik moat it mar mei de Dea sjen to roaijen. De Dea sei: ‘Dou hast gelyk, jonge. Dou hast gelyk. En - dou bist fortúnlik’. ‘Hoe nou sa?’ ‘Ik stean oan 't hollenein fan dy en dan kin 'k noch krekt dwaen, sa't ik wol. Mar hie 'k in pear dagen letter kommen en ik wie op 't fuottenein kommen to stean, by gefal, dan hiest foar de
| |
| |
bakker west. Dêr hie ‘k neat oan dwaen kinnen, hwant dat binne fêste wetten en dêr mei ik net ôfwike, oars rint myn hiele boekhâlding yn 'e war. Stean ik oan 't hollenein, dan rint it meast mei in warskouwing ôf. Ik sil dy ek rinne litte. Ja, ik bin der wol mei op 'e hichte, hoestou hjir tolânne kommen biste ...’ En doe hie er in hiel forhael mei de jongkeardel. Dy foel it net ienris ôf, dat de Dea sa reedlik wie, suver minsklik, nou en dan like it wol oft er lake mei syn lange tosken. De Dea sei: ‘De wrâld is hurd, myn jonge. Mar ik sil dy helpe. Dou moatst mar dokter wurde’. ‘Dokter!’ rôp de jonge, ‘mar ik haw gjin dokterjen leard’. ‘Dat hoecht ek net’, sei de Dea, ‘ik sil dy it formogen jaen om to sjen, oft in pasjint it der ôfrêdt, al hoe min as 't liket, of dat er it der net ôfrêdt, en dêr hast genôch oan. Ast my oan 'e pasjint syn fuottenein stean sjochst, dan moatst dy der net mei bimuoije, mar stean ik oan 't hollenein, al is de pasjint noch sa sober, dan jowst him hwat krûden en dan jow ik my wol ôf. Dy krûden litst dy bitelje en dêr kinst skoan fan libje, hwant dou krigest drokte genôch. Dou moatst my bilove datst dy hjir oan hâlde silste’. De jongfeint biloofde dat, de Dea rattele efkes, hy knikte him noch in kear ta en fuort wie er.
De jongfeint tocht, ja, de Dea kin wol hwat sizze, mar hy sil aensen doch wol werkomme moatte, hwant ik rêd dit net op. Mar hy foel wer yn 'e sliep. Hy lei to sûzen fan minnichheit, hoelang wist er neitiid sels net. En doe waerd er wekker fan bernestimmen. In pear bern wiene by it boskje oan 't toarnbeisykjen en founen him dêr. De âldste rôp: ‘Dy man is dea!’ ‘Né’, sei de jongste, ‘hy knippert noch mei de eagen!’ Nou, se gongen by him stean. ‘Hoe komme jo hjir?’ frege ien. Hy antwurde: ‘Ik wie op reis en doe bin ik sa raer wurden en ik ha my hjir deljown. Sa ha 'k hjir al in pear dagen ûnder 'e bleate loft lein, hwant ik kin net mear rinne’. De bern draefden fuort en warskôgen har folk. Se hellen him thús mei de wein, joegen him iten en drinken en doe knapte er aerdich op. Mei in deimannich koe er wer stean en in fjirtjin dagen letter roun er al wer, mar it wie noch net fortroud dat er him ôfjoech. Hy wie tolânne kommen by in tuskenbeiden boer; hy hie wol in hynder en wein, mar hy en de frou moasten togearre de buorkerij dwaen, help koe der net op stean.
Se sieten drok yn 't sie en de jongkeardel sei: ‘Ik koe jo wol hwat helpe’. Dat kaem aerdich út, hwant fuortdêrnei waerd de boerinne siik. Fan fuortgean wie doe gjin sprake mear. It gong efterút mei de boerinne, de dokter dy't der by helle wie, hie hwat pillen en in drankje jown, mar it holp allegear neat en de boer freesde it slimste. De jongkeardel hie al wakker om him hinne eage, mar hy seach de Dea nearne stean, oan 't hollenein net en net oan 't fuottenein. Mar doe kocht er fan 'e pear sinten dy't de boer him foar syn help tatreau yn it stedtsje dat dêr tichte by lei, in útdragerspak fan in dokter, in lange swarte jas en in hege punthoed. It wie hwat in sjofel spultsje, mar hy like doch in dokter. Yn 't lân socht er hwat krûden, sa't de Dea him leard hie. En doe't er thúskaem waerd er kjel, hwant de Dea stie oan 't fuottenein! Hy wie der mei oan. Hwat moast er tsjin 'e boer sizze? En it bigreate him sa om 'e fiif jonge bern dy't der wiene. Hy hie al sein, dat er forstân fan dokterjen hie, mar ja, hy mocht der yn sa'n gefal neat oan dwaen; dat hie de Dea him goed yndruid.
Hy siet ûnder yn 't bûthús mei de hân oan 'e holle en sei heallûd yn himsels: ‘Jonge, koe 'k nou mar efkes mei de Dea prate’. Gerattel! Dat lûd koe er al. De Dea sei: ‘Hwat wie der oan, myn jong?’ Hy lei út, hoe'n bigreatlik gefal it wie. ‘It spyt my’, sei er, ‘dat ik net earder ôfstutsen bin. Witte jo hjir ek noch rie op?’ ‘Dat is wol
| |
| |
min!’ sei de Dea, ‘ik ha hjir al sa faek yn dit hûs west en oan 't fuottenein fan dat bedsteed stien en dan is der gjin forwin op. Mar ik sil dy in middel neame, dat meist mar by in hiel inkelde tige hege útsûndering tapasse - de boerinne moat mar yn 't ledikant; dat moatst foar 't finster sette litte en krekt oarsom as se nou yn 't bedsteed leit. Dan kom ik oan 't hollenein to lânne, hwant ik bleau op 't selde plak stean. It is tsjin de regels, mar sa'n hiel inkelde kear dêr rekket myn boekhâlding net fan yn disoarder’.
Dat de nije dokter joech de boerinne in kopkefol ôftreksel fan 'e krûden en tsjin 'e boer sei er: ‘Wy moatte sa hurd as wy kinne in foech ledikant ynmekoarslaen, hwant de boerinne mei perfoarst net mear yn dat dompige bedsteed lizze. Se moat oer de keamer foar 't glês’. Dat wie de boer goed - alles wie him goed, hwant hy wie syn rie to'nein. To'n rûchstenwei timmeren se in foech sliepbank ynmekoar en dêr leinen se de boerinne yn, sa't de Dea sein hie. De jongfeint hie syn wurkklean oan, doe koe er de Dea net sjen. ‘Nou moat ik har nochris ûndersykje’, sei er en doe't er yn syn doktersklean wer yn 'e keamer kaem, seach er him stean, nou oan 't hollenein. De Dea knikte him ta en gong fuort. De jongkeardel ûndersocht de boerinne op syn manier en sei tsjin 'e boer: ‘Der is wer in lyts bytsje hoop. As wy earst mar in pear dagen fierder binne’. De pasjinte krige in pear kear deis in kopkefol krûdeôftreksel, men koe sjen dat se opknapte en mei in fjirtjin dagen roun se wer bûtendoar. De oare dokter hie wol sjoen hwat har skeeld hie en stie foar in riedsel.
En doe't de boerinne har mantsje wer stean koe yn 't wurk, sei de jongkeardel: ‘Nou wurdt it myn tiid om de wrâld wer yn’. De boer woe him in goed stik jild meijaen, mar hy woe net mear ha as in pear bûssinten. Doe kaem er yn in stêd en dêr naem er syn yntrek yn in herberge. Hy sette in boerd by de doar, dat dêr in dokter wenne. De kastlein tocht dat der gâns to heljen wie en it duorre net lang of de nije dokter wie troch syn pear sinten hinne. Mar hy hie ûnderwilens al in stikmannich pasjinten krige en doe hierde er in âld forfallen húske en dêr kaem it boerd wer foar to stean. De lju biskôgen him sahwat as in wûnderdokter. Dat kaem noch net sa min út, hwant nou hellen se him der earst by, as de dokter de sike al opjown hie. As er de Dea oan 't fuottenein seach, sei er: ‘Dy dokter fan jimmes is der wol efter, dat ik bimuoi my der net mei’, en dan gong er fuort. Mar stie de Dea oan 't hollenein, dan joech er krûden en de pasjint knapte hurd wer op. Sadwaende duorre it mar efkes, doe gong der al gâns rop fan him en syn praktyk waerd linkendewei greater. Hy libbe der sober fan, hwant hy woe leafst safolle oersparje, dat syn folk der ek hwat rommer fan libje koe. Tige hurd fleach it net, hwant der sieten noch al hwat pasjinten ûnder dy't it net bitelje koene. Mar krige er it ris mei in rikenien to dwaen, dan moast dy knap ta de bûse.
Doe op in kear waerd de prinses siik. Dy wenne yn in oare stêd. Der sprongen forskate liifartsen omhinne, mar se wie siik en se bleau siik. Bûtenlânske professors waerden der by helle, mar alles om 'e nocht, de prinses gong hurd efterút. De kening en de keninginne wiene forslein, se hiene mar ien bern. Foar it lân soe it ek in ramp wurde, as de kroanprinses wei kaem to reitsjen. Se soe trouwe mei in prins út in oar lân, dy't goed bikend stie, mar as se forstoar, soe letter in greate neatnutter en loskop troch erfopfolging op 'e troan komme. Op 't lêst joegen ek de liifartsen en de professors gjin hoop mear. Doe makke ien fan 'e lakeijen de kening der attint op, dat der yn in stêd net sa fier ôf in wûnderdokter wenne, dêr't in geweldigen rom
| |
| |
fan gong. De kening sei: ‘Fuort in wein der hinne en helje him op!’ De professors gniisden hwat, mar dêr joech de kening neat om. Doe't de jongkeardel mei syn tas mei krûden yn 'e seal kaem dêr't de prinses lei, stie it dêr smoarfol - as de prinses net oan 'e sykte stoar koe se wol oan 'e waermte en de bidoarne lucht biswike. Hy sei tsjin de hearen: ‘Der út! Allegearre!’ De kening knikte en doe moasten se, mar se rounen as spande hazzen sa stadich en de iene spytgnyske noch mear as de oare, doe't se him dêr seagen, hwant hy hie noch itselde útdragerspakje oan fan altyd.
Hy kaem by it bêd, en... (nou't der romte wie, hie er der pas sicht op) dêr stie de Dea oan 't fuottenein! De prinses sykhelle noch al, mar se wist fan 'e wrâld net mear ôf en mei in healûre koe it wol dien wêze. De âlden en har oansteande wiene allinne yn 'e seal efterbleaun; de kening frege al gau, hwat him der fan tochte. Hy sei: ‘Ik wit net, ik wit net. Ik moat der earst noch efkes oer neitinke, oft der noch hwat oan to dwaen is. Hwant oars bigjin ik der net oan’. Hy roun de paleistún yn en hielendal efteryn gong er op in grouwe balstien dy't dêr foar forsiering lei sitten. Hy wist ek wol, hoe't it der mei de erfopfolging foarstie, dat hy sei by himsels, it is leau 'k de baes en rop de Dea mar ris op; dy kaem dêr by him en frege: ‘Hwat is der oan, myn jong?’ Hy lei him it hiele gefal út: ‘En hwat sizze jo dêr nou fan?’ ‘Ja’, sei de Dea, ‘dêr hast wol in bytsje gelyk oan, mar... Hawar, dou dochst mar, sa't it dy goedtinkt. Ik sil dy net yn 'e wei stean’. Doe wist er genôch en hy roun op in draef werom.
De seal wie al wer fol roun. Hy rôp: ‘Meitsje dat jim der út komme, hwat ha jim hjir noch to meitsjen!’ De hege en de gelearde hearen wiene dêr min oer to sprekken, mar se rounen hurder as de earste kear, hwant hy prissentearre har de learzens. Doe sei er tsjin de kening en de prins: ‘Help my efkes!’ En se setten mei har trijen it bêd oarsom. Hy gong nei de koken en kaem al gau mei syn ôftrekseltsje werom, mar de prinses wie net mear yn steat om to drinken. Doe soarge er mei in fearke, dat se hwat oer de lippen krige. Hy seach wer en doe stie de Dea oan 't hollenein. Hy lake hwat, safier't de Dea laitsje kin, groete en waerd wei. Doe bleauwen se der in ûre by sitten. De kening hie al tocht, it is mei in kertier ôfroun. En sa hie 't ek kommen; dat hie de Dea de jongkeardel al forteld en dêrom wie dy ek sa hurd de paleistún troch draefd en hie er al dy minsken der sa rimpen út reage. Nei in ûre wie der noch gjin foroaring en hy joech de prinses mei it fearke noch hwat guod yn. Doe sei er; ‘It is better dat wy der mar út geane, de prins mei hjir allinne mar bliuwe. It moat sa rêstich mooglik wêze. Mei in ûre sille wy wer sjen’. Mar de ûre wie noch net om, dêr kaem de prins oan stouwen. Se tochten, nou is se wei! ‘Né’, sei de prins, ‘se is by! Se hat de eagen opslein en ik ha mei har praten’. Doe liet er har mear drinke en dêr knapte se noch mear fan op, hwant se hie de lêste tiid to min focht hawn. Wer in ûre en doe koe se al efkes oereinsitte. Hy bleau der noch in fjirtjin dagen. Doe sei er: ‘Nou kin ik wol fuort; ik ha mear pasjinten’. De kening woe him liifarts meitsje, mar hy sei: ‘Né, der binne safolle minsken dy't holpen wurde moatte, hjir mei ik net op yngean’. Hy liet in flesfol guod efter en reizge ôf.
Sadré't de prinses genôch oansterke wie, waerd de brulloft hâlden. De wûnderdokter wie ek noege. Hy kaem en hy liet him sels biprate om salang in moai pak as hofarts to dragen. As gunst frege er, oft syn âlden ek komme mochten en doe waerden de skuonmakker en syn wiif mei de koets ophelle. Hofarts woe er noch likemin wurde as earst, mar hy naem wol in hege bileanning fan 'e kening oan. Dêr kocht er in rom hearehûs foar. Yn 'e iene helte kaem er to wenjen mei de sniders- | |
| |
dochter fan syn doarp, dêr't er al lang in bytsje gedoente mei hawn hie, en yn 'e oare helte wennen syn heit en mem, dy't er yn syn foarspoed meiparte liet. It earste dat er die, doe't er jild oerhâldde, wie de boer dy't him destiids it libben rêdden hie, op in greater spul sette. Hysels wie al op hege jierren doe't de Dea him helle. En doe't dy kaem, wiene se de bêste freonen, hwant hy wie âld en útlibbe.
|
|