himel, hwant se moasten earst de wike oan de rêstdei fan God ta fol meitsje. Dêrom songen se it liet fan alle dagen dat se libbe hiene. It wie in sang fan forlangst om hjir fan 'e ierde fuort to meijen en forlost to wurden, mar se koene de ein fan it liet noait bitinke.
Hy gong der by sitten en doe tocht er: Dit binne nou allegearre de sielen fan de net-doopte bern dy't hjir roungeane en net frij binne om ôf to reizgjen, en ien ûnder harren is fan it bern dat by my yn 'e hûs stoarn is - ik moat bisykje om dizzen to helpen. Hy tocht in tiidlang djip nei en doe makke er sels de lêste twa rigels oan it liet en dy learde er har. Fuortynienen bigounen se mei mankoar to sjongen:
Freed en sneon en snein der by:
Lykwols, doe songen se noch fierder, en dy rigels hie er har net leard:
Nei geest en lichem bistou soun
En al dyn sûnden binn’ forjown.
Doe't er dat hearde sei er: ‘Ja, it is wol moai dat jim dit sizze, mar hwat moat ik yn 'e himel? Dêr kin ik sa net forskine mei myn bult op 'e rêch - ik kin net iens rjochtop foar Gods troan stean’. De skimen antwurden: ‘Wy sille dy heger bringe ast oait west haste!’ Se pakten him beet en smieten him heger de loft yn as er oait west hie, en doe't er wer op 'e groun kaem, wie er syn bult kwyt en hy stie rjochtop. De skimen seine: ‘Sa kinne jo wol foar Gods troan forskine’. Doe joegen se him út tankberens noch in sek mei goud mei.
En hy gong werom oer de heide nei syn klinte en hy biprakkesearre by himsels: myn sûnden binne my forjown en dat haw ik allegearre to tankjen oan de frou en dat bern, dy't ik hjir by my ynnommen ha en moat har oantinken hjir nou biwarre bliuwe yn dizze nearzige spittekeet? - Ik moat in nij hûs ha. En doe gong er mei syn sek mei goud nei it doarp.
Dêr wenne in timmerman, dat wie in strieminnen, in trochgemiene keardel. Tsjin him sei er: ‘Dou moatst my in hûs sette op 'e heide, op it sté dêr't nou myn spittekeet stiet, en dat moat in knap, rom spul wurde mei in aparte keamer der yn’. ‘Ja’, sei de timmerman, ‘dou kinst wol hwat sizze, mar hwa biteilet it?’ Hy sei: ‘Dat bitelje iksels’, en hy sette de sek mei goud op 'e tafel. De timmerman skuorde greate eagen op, doe't er dy sek mei goud foar him stean seach, en hy rôp: ‘Hoe komstou hjir oan? Dit hast stellen - dou hast ien formoarde!’ ‘Né’, sei er, ‘ik bin hjir earlik oan kommen. It is myn goud en hjir moat in hûs foar set wurde’. Mar de timmerman pakte de sek mei goud fan 'e tafel, sette him efter de stoel en sei: ‘Harkje goed ta! Ik helje de polysje der by, ast my net forteiste, hoest hjir oan kommen biste; ik siz, datst ien formoarde en goud stellen hast, en dan wurdst ophinge’. Doe moast de man wol fortelle, hoe't er der oan kommen wie. Mar de timmerman bearde as woe er him net leauwe. Hy sei: ‘Dou kinst my wol mear foarlige - ik moat dit earst sels neigean’.
Doe gong dy timmerman de nachts nei it plak dêr't de oare de nacht tofoaren ek west hie. En wrychtich wier, de sielen wiene der noch. De timmerman gong der by sitten lyk as de oare dien hie, en sei tsjin har: ‘Nou moatte jim ris harkje - der hat