| |
Fortrou op my!
Efter hege swarte bergen en greate donkere bosken lei in keninkryk. Dêr regearre in kening dy't mar ien dochter hie. It wie in tige kreas, oanfallich fanke en elkenien hâldde fan har. Se woeks op ta in feardich jongfaem en al gau wie bikend dat der gjin fanke yn it hiele keninkryk wie dy't tsjepper wie as hja. Donkerbrún hier hinge har oant fier oer de mil, har eagen wiene blauwer as de himel, har lippen read as klaproazen en as se song wie it oft men de nachtegealen hearde.
Lang wist se net oars of se hie in broer. Dat wie in jonge dy't mei har opgroeide en pas doe't se tolve jier wie, hearden se beide fan de kening, hwat der bard wie op in rûzige nacht efkes neidat it prinseske berne wie. De kening hie mei in mannich freonen op jacht west en doe't se yn 'e lette joun weromrieden, seach de kening oan 'e boskrânne in hert stean mei wol tweintich tûken oan syn gewei, in hert sa't der noch noait ien yn syn ryk sjoen wie. Se wiene der op ôf gongen, mar it hert wie yn it beammeskaed stapt en weiwurden yn it tsjuster. Doe't de kening op it plak dêr't er it hert sjoen hie efkes stean bleau to harkjen, hearde er ynienen hiel sunich in berntsje gûlen yn de strewellen. Hy stapte fan syn hynder en tusken hwat strûkjes en in heapke gers lei in alderleafst lyts jonkje. It hie hiel ljocht hier mei allegear kroltsjes, ien brún en ien blau each, en doe't de kening him bûgde om it op to nimmen, bigoun it to laitsjen en krige it lytse kûltsjes yn 'e wangen. De kening koe it net oer syn hert krije en lit it oer oan de wylde beesten dy't troch de bosken swurven. Hy klom mei it popke op 'e earm wer op 't hynder en ried nei hûs. Sels hie er tige graech in soan ha wollen, mar de keninginne wie in setsje nei't syn dochterke berne wie forstoarn. En nou wie it him oft syn winsk forfolle waerd. It jonkje wie it boarterke fan de lytse prinses en hy waerd bihannele as wie it har broerke. Gjinien fan beiden wist hjir hwat fan.
Doe't de prinses tolve jier wurden wie, fortelde de kening op in joune oan allebeide, dat se winlik gjin broer en suster wiene. De doeken dêr't it jonkje yn foun wie hie er biwarre én doe't se dy noch ris biseagen ûntdieken se dat se makke wiene fan it alderfynste linnen en omseame mei suvere side. De kening fortelde, dat er yn syn hiele ryk neifreegje litten hie, oft der ek in popke wei wie en dat er sels boaden nei oare riken dêromhinne stjûrd hie, mar der waerd nearne in jonkje mist.
| |
| |
De earste jierren dêrnei biskouwen de beide bern elkoar noch altyd as broer en suster, mar doe't se noch hwat âlder wurden wiene, fornamen se dat se op in oare wize fan elkoar bigounen to hâlden. Op in kear dat se togearre yn 'e paleistún boarten, tute de jonge de prinses en se biloofden elkoar foar ivich trou. Se ûnthieten elkoar, dat gjin macht op ierde har twinge koe om mei in oarenien to trouwen, mar dat se altyd op elkoar wachtsje soene. It wie har leafste geheim, dêr't se mei gjin minske oer praetten.
Doe't de kening tochte, dat syn dochter de jierren hie om to trouwen, woe er de dapperste en sterkste man dy't der libbe foar har útsykje. Bûten witten fan syn dochter joech er oarder dat der troch alle ridders út syn keninkryk om har hân striden wurde soe en ek de ridders út alle omlizzende riken waerden oproppen om mei to dwaen. De moedichste en sterkste, dy't alle oaren forsloech, soe mei syn dochter trouwe.
Doe't de jongfeint fan dat bislút hearde, fleach er nei de kening ta en sei, dat er gjin rjocht hie ta sok skandlik dwaen; syn dochter wie to goed om as in stik fé forhannele to wurden. Hysels hie har leaf en hja him en se hiene elkoar troubilofte dien. De kening waerd pûrrazend. Hy sei, dat de jongkeardel as in weismiteling yn 'e bosk foun wie en dat gjin minske wist hwer't er wei kaem - hy koe wol de soan fan in bargehoedster wêze dy't him kwyt moast. En sa'nien wie nou sa ûntankber foar alles hwat hy, de kening, foar him dien hie, dat er him net ûntseach om de kening om syn bislút oan to fallen. It roun sa heech, dat de kening syn wachters bifel joech om him yn 'e djipste hoale ûnder it paleis to smiten. Dêr soe er bliuwe oant de striid tusken de ridders foarby en de prinses troud wie mei de winner fan it toernoai.
De oare deis sei de kening tsjin syn dochter, dat de feint mei in jongfaem út 'e omkriten útnaeid wie nei in oar lân en wol net weromkomme soe. De prinses wie hielendal oerstjûr en forslein, hwant se laude hwat har heit har fortelde. Se skriemde harsels yn 'e sliep en it koe har allegear neat mear skille. Doe't de kening de oare deis tsjin har sei, dat er in wedkamp útskriuwe woe en dat de sterkste ridder har man wurde soe, die se noch neat oars as gûlen en snokken en sei se gjin wurd. Har heit naem oan dat se dwaen soe hwat hy tocht dat it bêste foar har wie.
Doe't de tiid fan 'e greate ridderkampslach oanbrutsen wie, kamen se út 'e hiele wrâld delsetten om foar dizze eare en om dizze priis to striden. Al gau die it bliken hwa't de sterksten wiene en doe't der sawn dagen striden wie, fan moarns ier oant jouns let, wiene der noch twa ridders oerbleaun. De iene ried op in sniewyt hynder en hie in sulverkleurige wapenrissing oan, de oare hie in roetswart hynder en in harnas, dat blonk as goud. Gjin minske wist noch hwa't dizze gouden ridder wie - hy hie syn fizier noch nea omheech slein en hy wie ynskreaun as De Gouden Ridder.
De lêste kampslach duorre ûren en gjinien fan beide ridders joech bilies of waerd troch de oare forslein. Om ta in útdragene saek to kommen soe der fochten wurde mei it swurd. Doe't de beide ridders foarelkoar oer stiene en de hoarnen klonken foar de striid, kaem der in flearmûs oan fladderjen, dy't himsels fêstsette foar de eachsgatten yn it fizier fan De Sulveren Ridder. Dy seach in amerij neat mear en foardat er de flearmûs der wei reagje koe, waerd er troffen troch it swurd fan De
| |
| |
Gouden Ridder en foel er fan syn hynder. Alle minsken jûchheiden de oerwinner ta en dy ried op syn roetswart hynder nei it sté dêr't de kening en de prinses sieten.
De prinses hie noch gjin each slein op it toernoai; se siet mei de hannen foar de eagen en skriemde. Doe't de ridder foar de kening stie, sei er neat oars as: ‘Ik kom om myn priis to heljen!’ De kening antwurde, dat it net de gewoante wie en jow in priis oan immen hwaens gesicht men noch nea sjoen hie, en hy frege him, oft er syn fizier opslaen woe. Hiel stadich skoude De Gouden Ridder syn fizier omheech en der gong in geflúster fan ôfgrizen troch de minsken dy't him seagen. It wie it wrede, noartske gesicht fan in ridder út de swarte bergen, dy't bikend stie as in gefaerlik tovener en de wreedste en hurdste master dy't der ea west hie. Hy hie al trije kear troud west en nimmen wist, hoe't syn froulju oan har ein kommen wiene.
Ek de kening fielde ôfgrizen, mar hy hie syn wurd jown. Hy sei tsjin syn dochter, dat de man dêr't se mei trouwe soe foar har stie en dat se him har jawurd jaen moast. It wie oft de prinses ynienen wekker waerd. Se seach har heit mei eagen fol triennen oan en doe seach se nei de wrede ridder foar har. Wyt as in deade en mei triljend lûd sei se: ‘Leaver soe ik de lilkste frou op ierde wêze, dat gjin libben minske my mear oansjen doar, as dat ik myn jawurd jow oan in man dêr't ik net fan hâld. Heit, jo witte, hwa't ik leaf ha en dat sil nea foroarje’. De kening wist net hoe't er hjir mei oan moast en hy bisocht De Gouden Ridder mei oare oanbiedingen tofreden to stellen, mar dy sei neat oars as: ‘Ik kom om de priis dy't ik woun ha, neffens jou eigen wurd!’ Doe't de kening doch noch oanhâldde waerd de tovener breinroer. Hy seach de prinses oan mei eagen as twa gleone koallen fjûr en hy rôp: ‘Jo hawwe oan fannacht tolve ûre ta de tiid om jo to birieden. Dan kom ik om jo to heljen. Stegerje jo my dan noch ôf, dan sil de winsk dy't jo sa krekt útsprutsen hawwe, yn forfolling gean. Jo sille lilker wurde as de lilkste frou op ierde en nea sil in minske jo noch sûnder grizen oansjen kinne’.
De kening gong mei de prinses werom nei it paleis en hy fortelde har, dat er de jongfeint dêr't se fan hâldde opslute litten hie ûnder it paleis. Sadré't se thús wiene, joech er oarder om him to heljen. De jongkeardel hearde hwat der bard wie, mar yn pleats fan lilk to wurden op 'e kening hie er allinne mar bigreatsjen mei him omdat er sterker wêze woe as de leafde fan him en de prinses. Hy seach it allegear net sa slim yn, nou't de kening sei, dat er mei de prinses trouwe mocht as de saek mei de tovener út de bergen foarby wie. Hy gong mei de prinses nei har keamer om de wacht to hâlden, hwant hja wie as de dea sa bang dat de tovener komme soe om har to heljen. Doe't se allinne wiene, sei it fanke dat se gjin minút mear wachtsje, mar nou, foardat de tovener komme koe om har op to easkjen, har foar ivich as syn frou oan him forbine woe. Hy naem har yn syn earmen en hie har leaf.
It roun al tsjin tolven doe't de prinses tsjin him sei: ‘Nou bin ik fan dy en dou fan my. Ik bin bang en wit net hwat der noch barre kin. Miskien silstou foar my fjochtsje moatte mei dy forskriklike tovener. Jow my dyn swurd en dyn mes, dat ik se hilligje kin mei myn leafde. Sjoch my oan, dat ik dy myn leafde en it ljocht út myn eagen meijaen kin. Dou moatst, ast yn need en gefaer komste, oan myn leafde foar dy tinke, dan silstou troch alle ûnrjocht en kwea hinne sjen kinne!’
Hwat tichter it by tolven kaem hwat banger de prinses waerd. Tsjin 'e klok fan tolven hearden se in hynder oer de brêge nei it paleis fjouwerjen. Dêr stie de tovener en mei in stim as in klok sei er: ‘Ik bin hjir om myn priis op to easkjen. Hwat is it antwurd?’ De jongfeint sloech syn earm om de prinses har skouders en
| |
| |
mei har roun er nei it iepensteande finster. Sêft sei er tsjin har: ‘Dou moatst kieze hwatst dwaen silste. Mar hwatst ek kieste myn leafde foar dy sil nea foroarje. Forjit dat net!’ De prinses rôp nei ûnderen: ‘Jo hawwe myn wurden heard. Leaver bin ik de lilkste frou fan 'e ierde as dat ik trou mei in man dy't ik net leaf ha. Foar myn God bin ik troud mei de man dy't hjir njonken my stiet!’ Der klonk in flok en in aeklik skel laitsjen fan 'e binnenpleats en it hynder mei de tovener waerd wei yn 'e nacht. Yn 'e fierte hearden se syn stim noch: ‘Mei de lêste slach fan tolven sil barre hwat jo oer josels ôfroppen hawwe!’
Doe't de lêste klokslach fan tolven weistoar, foroare de wûndermoaije prinses yn 'e earmen fan de jongfeint yn de lilkste frou fan 'e wrâld. Har eagen waerden skier, har hier en har tosken foelen út, har fel rimpele oft se hûndert jier wie en se roun krûm en kerbintich. Mar de leafde yn de eagen fan de jongfeint bleau en hy tute har. Doe die er syn harnas oan, hinge syn swurd op 'e side en stiek syn mes yn 'e skie. Hy sei tsjin 'e prinses: ‘Fortrou op my. Ik sil de bitovering dy't oer dy leit brekke en de duvel dy't dit dien hat straffe. Wês net bang en wachtsje op my - ik kom werom. Mar sjoch nea yn in spegel, hwant dou bist foar my noch altyd deselde as dyst wieste doest my dyn leafde joechste’. Hy helle syn hynder fan 'e stâl en ried de tsjustere nacht yn, efter de tovener oan. De prinses seach him nei en segene him.
Efkes letter kaem de kening der yn, mar doe't er seach dat syn dochter foroare wie yn in ôfgryslik munster, sloech er de hannen foar de eagen en fleach ta de keamer út. Doe seach de prinses har gesicht, dat troch it kearsljocht yn in finster spegele, en gûlende fan ellinde sleat se har op yn har keamer en woe gjin minske mear sjen. De iennige dy't har bitsjinje mocht wie in âlde bernefaem, dy't altyd foar har soarge hie en dy't nou hast blyn wie.
De jongfeint stoude op 't hynder de tsjustere bosken yn op wei nei de swarte bergen yn 'e fiere fierte, dêr't earne it kastiel fan 'e tovener wêze moast. Sûnder to iten en to drinken en sûnder rêsten ried er troch, de iene tsjustere bosk yn en de oare wer út. De beammen en de toarnestrûken waerden hyltyd tichter en hy moast him op 't leêst in paed kapje om fierder to kinnen. Tsjin 'e moarn wie er sa ynein dat er him oan 'e kant fan in smelle wjittering fan 't hynder falle liet om hwat to drinken.
Wylst er dêr lei om út to rêsten, seach er in greate swarte rooffûgel oan 'e oare kant fan 't wetter deldûken en hearde er it gûlen fan in frommis. Sûnder him to bitinken fleach er troch de tichte toarnestrûken op it lûd ôf. Op in iepen plak seach er in âld minske en boppe har sweefde de ôfgryslike rooffûgel. Syn poaten mei de flymskerpe kloeren hie er nei ûnderen útstutsen. De frou har klean wiene toskuord en it bloed roun har by de holle del. Se draeide it gesicht nei him ta en hy seach it evenbyld fan 'e prinses, sa't se nei de bitovering wurden wie, in gesicht sa forskriklik dat it hert him fan fortriet ynelkoar kromp. Sûnder yn bistân to stean loek er syn swurd, sloech de earm om it âld minske hinne en wachte de oanfal fan it ûndier ôf. Nou seach er pas hoe alderûnbidichste great de rooffûgel wie. De neils oan 'e kloeren wiene wol tweintich tomme lang, de wjukken wiene as de seilen fan in skip en de skerpe bek wie langer as de jongfeint syn swurd. De rooffûgel fleach efkes omheech en wilens lei de jongfeint it minske oer de groun en gong oer har hinne stean. Doe liet de fûgel him falle om de jongeman to deadzjen. Ta syn forheardens seach dy, dat syn swurd al mar langer waerd en as in lâns boppe him stie. De
| |
| |
rooffûgel foel yn 'e punt en spjaltte himsels de kop yn twaën. Stjerrend fladdere hy in djip ravyn yn en bleau dêr lizzen.
De jongfeint holp de âld frou wer op 'e skonken en naem har mei nei it plak dêr't syn hynder stie. Hy forboun de smertlapen oan har holle en skonken, sloech har syn mantel om 'e skouders en partte syn iten en drinken mei har. Op alles hwat er har frege krige er gjin inkeld antwurd, krekt as wie se stom en doof.
Doe't se it iten op hiene sei er heal yn himsels: ‘Hwat moat ik nou? Ik kin dit earm minske net oan har lot oerlitte - dan komt se om en ik kin har ek net meinimme nei it kastiel fan 'e tovener, hwant dat sil foar my al dreech genôch wêze, lit stean foar sa'n âld stumper’. Mei syn swurd kappe er tûken en lytse beamkes ôf en boude der in hutte fan dêr't se hwat biskûl yn hie. Fan gers makke er in bêd en dêr lei er syn eigen mantel oerhinne. It iten dat oerbleaun wie fordielde er earlik en doe klom er wer op syn hynder en woe fierder ride. Ynienen hearde er in stim as sulveren klokjes: ‘Ik wit hwer't jo hjir foar binne. Ik wit hwat de tovener dien hat mei de prinses dêr't jo fan hâlde en dy't sa lilk as ik bin wêze woe, leaver as har leafde foar jo weismite. Sels bin ik yn 'e macht fan 'e tovener en hy hat my ta it lilkste frommis makke dat der bistiet. Ik libje yn 'e bosken omdat gjin minske my oansjen doar. Myn stim hat de tovener my ôfnommen, mar tsjin jo, dy't myn lilkens gjin acht slein hawwe en dy't syn libben weage hat om my to fordigenjen, hat dy bitovering gjin macht’. Forwûndere stie de jongfeint foar de hutte de âld frou oan to sjen, doe't se tsjin him praette mei in stim as sulveren klokjes. Hy sprong fan 't hynder en sei: ‘Wanhoopje net - ik bin ûnderweis nei de tovener en ik sil him deadzje. Dan sil de bitovering dy't oer jo leit ek forbrutsen wêze. Wachtsje hjir oant ik weromkom!’
It âld minske sei: ‘Omdat jo by al jou fortriet bisykje om my to treasten, binne myn lippen net mear forsegele. Ik sil jo sizze, hwat jo dwaen en ûndergean moatte om yn de tovener syn kastiel to kommen. De tagongen ta it kastiel wurde biwekke troch ôfgryslike tovergestalten. Der is fan bûten ôf mar ien tagong, dy't troch in djippe tsjustere hoale yn 'e berch rint. Foar dy yngong leit in draek mei sawn koppen, dy't jo deadzje moatte. As jo de gong trochrinne komme jo yn in greate roettsjustere seal. Yn 'e midden stiet in skatkiste fol mei goud en edelstiennen. Op dy kiste sit it slangewiif. Se is sa sterk as in hiel leger fuotfolk en oan har holle groeije sawn forgiftige slangen, dy't sa tsjok binne as de earm fan in kriichsman. Jo sille earst dizze sawn forgiftige slangen oerwinne moatte en dan it slangewiif sels.
As it jo slagget, doch dan de kiste iepen en nim der neat oars út as de gouden kaei dy't op 'e boaijem leit. Dat is de kaei dêr't jo de doar fan it kastiel mei iepenje kinne. Dy doar sit oan 'e ein fan ien fan de sawn gongen dy't op 'e hoale fan it slangewiif útkomme. Jo moatte de goede gong yngean, hwant kieze jo de forkearde dan stoart dy gong yn en wurde jo bigroeven ûnder it stiente. Dat is miskien it swierste dat jo folbringe moatte, hwant jo moatte geduld dwaen. Jo moatte wachtsje oant der in fjûrflinterke troch de hoale fljocht en jo moatte de gong yn rinne dêr't it fjûrflinterke yn op flein is. Doch sawn stappen fan in jellen foarút - dan is der in djip gat, dêr't jo oer springe moatte. Jo kinne sjen hoefier't jo springe moatte, hwant it fjûrflinterke sil oan 'e oare kant op 'e rânne fan it gat sitte. Hjir hawwe jo in tried dy't krekt in jellen lang is, om út to mjitten hwer't it gat bigjint. Binne jo dêr oerhinne, mjit dan wer sawn jellen út. Dêr sit in spinneweb mei yn 'e midden in forgiftige spin, dy't alles deadet hwat yn syn web komt. Slach mei jou swurd rjocht
| |
| |
foar jo út op it plak dêr't it fjûrflinterke troch it web fljocht en jo sille de spin deadzje. Oan 'e ein fan 'e gong sille jo in hellehoun tsjinkomme mei eagen sa great as itensboarden en tosken as dolken. Deadzje kinne jo him net, mar hjir hawwe jo in pûdtsje mei krûden, dy't iksels socht ha as ik troch de bosken swalke. Dizze krûden kinne de hellehoun sa lang blyn meitsje as jo nedich hawwe om troch de doar oan 'e ein fan 'e gong to kommen. Lit de houn sa ticht as jo doare oan jo ta komme en smyt se him dan yn 'e eagen.
Foar jou striid mei de tovener kin ik jo hast neat sizze dat jo helpe kin. Ik wit allinne mar dat er de mantel oer de holle slacht as der yn 'e fierte tsjerkeklokken liede en dat er nea nei in tsjerketoer sjen doar. Mochten jo him oerwinne, dan krije jo noch to dwaen mei syn broer. Dat is in reus dy't de útgong fan it kastiel fordigenet tsjin elk dy't der út wol. Gjin minske kin him sjen of hearre. Men kin him allinne mar rûke, hwant hy hat in ôfgryslike stank om him hinne. Pas hwannear't jo him ek forslein hawwe, is de toverkrêft dy't fan it kastiel útgiet forbrutsen en kinne wy frij wurde fan dizze fors krikking’.
De âld frou wiisde de jongfeint hoe't er ride moast - bûten de tichte toarnen om - om by de yngong fan it kastiel to kommen. Hy ried de hiele dei troch en by it fallen fan 'e joun seach er in greate swarte hoale oan 'e ein fan it paed. Hy boun it hynder losjes fêst en roun der op ôf. Ynienen hearde er in geweldich gerommel yn 'e hoale; reek en flammen sloegen der út en in draek, sa great as in foech haiwein, kaem nei bûten. Ut syn grouwe bealch stiek in hals sa tsjok as in beam en boppe ût dy hals groeiden wer sawn oare halzen. Op alle sawn halzen hie de draek in kop. In greate kaem mei flymskerpe punten stie him op 'e rêch en syn sturt wie bigroeid mei stikels fan wol in foet langte. De koppen fan 'e draek hiene eagen dêr't it bloed út dripte en reek en strielen fjûr spuiten him út de noastergatten. De jongfeint pakte syn swurd en gong mei de rêch tsjin in rotsblok stean. De draek kaem lyk op him yn en stiek ien fan syn koppen út om him to gripen. It swurd waerd ta in wite flamme yn syn hân en alle kearen dat de draek in kop nei him útstiek blikseme it swurd troch de loft en waerd de kop der ôf slein. Doe't de lêste fallen wie, stiek er de draek it swurd yn it hert en it munster bleau dea njonken de yngong lizzen.
De jongfeint roun mei it swurd yn 'e hân de tsjustere hoale yn dy't yn 'e berch wie. Yn 'e fierte hearde er al gau in feninich blazen. Hwat tichter as hy der oan ta kaem hwat lûder as it waerd, en op 't lêst wie it noait liker as spuiden tûzenen slangen har fenyn nei him. Hy skuorde it mes út 'e riem dy't er om 'e mil hie en hâldde it yn 'e oare hân. It mes bigjint to ljochtsjen as in brânnende fakkel en flak foar him sjocht er de koppen fan it slangewiif en de blazende bekken mei de greate giftosken, dy't nei him bite. It liket wol oft it ljocht fan it mes har forblinet, hwant de koppen slagge nou doelleas hinne en wer. Stik foar stik flimet it swurd se der ôf en as de lêste kop fallen is, sjocht er in liif as in berch midden yn 'e hoale fan in kiste of kommen en op him ta wraggeljen. Hy grypt syn mes by de punt en smyt it nei de reuzinne. It fljocht as in wjerljocht troch it tsjuster en mei in forskriklik grauwen rôllet se om. Op 'e taest krûpt er nei de kiste en tilt it lid op. Yn syn hannen fielt er jildstikken en kâlde glêdde stiennen. Lofts en rjochts taest hy der yn om en dan fielt er op 'e boaijem in greate kaei. Hy stekt him yn 'e bûse en giet op 'e kiste stean. Oeral om him hinne binne gelûden en it tsjuster drukt him swier op 'e skouders. Hy wit fan ûre noch tiid mear, it liket wol oft der ieuwen en ieuwen foarbygeane.
| |
| |
Dan sjocht er ynienen in ljochtstipke troch de hoale fleanen en hy kin it fan blydskip wol útskreauwe. It ljochtstipke giet rjocht foar him lâns en mei it swurd noch yn 'e hân rint hy der efteroan. It liket wol oft er al ûren roun hat yn it roettsjuster as er mei in útstutsen hân tsjin 'e rotsen oankomt. Foarsichtich fielt er om him hinne en hy fornimt dat er foar in nauwe yngong stiet. Hy hellet de jellenstried út 'e bûse en mjit fan 'e yngong ôf sawn jellen út. Krekt op dat plak fielt syn hân dat de flier ophâldt. Rjocht foar him oer sjocht er it ljochtsjende stipke fan it fjârflinterke, dat oan 'e oare kant op 'e rânne fan it gat sit. Yn 'e djipte heart er it lûd fan wetter, dat oer rotsblokken brûst en siedt. Stilstâns springt er mei it swurd yn 'e hân foarút yn it tsjuster. Dan reitsje syn fuotten de groun oan 'e oare kant. Wer mjit er sawn jellen út oer de groun en bliuwt deastil stean. Dan fljocht it fjûrflinterke him oer it skouder en efkes sjocht er it liif fan in krússpin, sa great as in kroade, flak foar him yn in web sitten, dat de hiele gong ôfslút. Hy slacht ta en fielt dat it swurd syn wurk docht. Mei in pear houwen slacht er it web yn flarden en giet fierder.
Dan heart er in gegûl oft alle duvels losbrutsen binne en twa brânnende eagen sa great as itensboarden fan de hellehoun komme op him ôf. It ljocht dat se útstrielje, is sa skel dat er de greate slachtosken en de flibe dy't him út 'e bek dript sjen kin. De houn krûpt op him ta en dûkt ynelkoar om him to bispringen. Krekt as it ûndier taspringe sil, smyt de jongfeint him in hânfol fan de fine krûden dy't it wyfke him jown hat yn 'e eagen. As in wyld byt en graut de hellehoun om him hinne en stout mei in gegûl dêr't de berch fan trillet de hoale dêr't er út kommen is wer yn.
De jongfeint rint yn 't tsjuster sa hurd as er kin de gong troch om by de doar oan 'e ein to kommen. Efter him heart er it janken en grânzgjen fan 'e hellehoun, dy't al wer út syn hoale kommen is. De stappen fan it beest komme tichterby en dan fielt syn hân in houten doar flak foar him. Nou moat er it slot noch fine om de doar iepen to krijen, mar al hoe't er siket, hy kin it kaeisgat net fine. Krekt as er de brânnende eagen fan de hellehoun om 'e hoeke fan 'e gong oankommen sjocht, giet it fjûrflinterke op 'e doar sitten en yn 't ljocht sjocht er it kaeisgat. Yn in sucht hat er de kaei der yn stutsen en de doar iepenskuord, en as er dy efter him tichtslacht, bonket de hellehoun der tsjin oan en bisiket mei neils en tosken de doar oan flarden to skuorren.
Foar him rint in stiennen trep nei boppen en as er der by op klommen is, stiet er yn it kastiel fan 'e tovener. Oeral binne gongen en dêr komme ûntelbere doarren op út. De iene seal rint oer yn 'e oare en rounom binne brede treppen nei boppen. De flierren binne fan klinkklear goud en de stuollen fan goud en sulver. Alles hwat der om him hinne stiet is ôfset mei edelstiennen en skalen fol diamanten en robinen steane op alle tafels en kasten.
Mar hy moat de tovener fine. Hy rint keamers yn en út, komt fan 'e iene seal yn 'e oare en biklimt safolle treppen dat er op it lêst net mear wit hwer't er bidarre is. Dan sjocht er hoe't in greate swar te rooffûgel mei it lyk fan in oare rooffûgel yn 'e kloeren delsaeit op in greate toer en der weiwurdt. Hy siket krekt salang dat er in trep fynt dy't as in slange yn 'e toer omheech wynt. Boppe oan 'e trep is in gouden doar en as er dy iepensmyt stiet de jongfeint lyk foar de tovener dy't de frou dy't er leaf hat, ûngelokkich makke hat. Syn swurd fljocht him yn 'e hân, mar al hoe't er nei de tovener slacht en stekt, it liket wol oft dy fan loft is en der neat fan fielt. Dan grypt de tovener in swiere striidbile fan in tafel en wreed laitsjend komt er op 'e
| |
| |
jongfeint ôf. De bile fljocht omheech en dan sjit de jongfeint yn 't sin hwat it âld wyfke yn 'e bosk sein hat - de tovener koe net tsjin kloklieden en hy doarst net nei in tsjerketoer sjen. De jongfeint grypt syn swurd by it limmet beet en hâldt it hânfet, dat in krús wie, de tovener foar de eagen. Dy tûmelt efterút en lit de bile falle. Hy skronfelt ynelkoar en foroaret foar de jongfeint syn eagen yn in flearmûs, dy't troch in gat yn 'e muorre nei bûten fladdert. De jongfeint siket syn paed wer út it kastiel. It liket wol oft alle treppen, keamers en sealen fuort binne, hwant sûnder muoite rint er de binnenpleats op.
De iennige útgong út it kastiel wie de greate poarte yn 'e kastielmuorre. It binnenplein lei fol mei bonken en der hinge in ôfgryslike stank, dy't him de siken hast ôfkniep, doe't er midden op it plein stie. Hy hearde en seach neat, mar hy fielde en rûkte dat de ûnsichtbere reuzebroer fan 'e tovener op him ôfkaem. Efkes wie er sa bang dat er flechtsje woe, mar doe tocht er oan syn leafste, dy't op har forlossing wachte. Hy hearde har stim wer: ‘Dou moatst, ast yn need en gefaer komste, oan myn leafde foar dy tinke, dan silstou troch alle ûnrjocht en kwea hinne sjen kinne!’ In amerij skimere it him foar de eagen en doe seach er de reus as in swart skaed boppe him út rizen. Hy wie sa heech dat er boppe de toer fan it kastiel út kaem. Der wie noch mar ien ding dat de jongfeint dwaen koe - hy swaeide syn swurd yn 'e rounte en it snie dwers troch de hakspieren fan 'e reus hinne. Earst de iene foet en doe de oare. De reus bleau noch efkes oerein en forlear doe syn evenwicht. As in blok stien plofte er del en forbrizele de poarte yn 'e kastielmuorre. De jongkeardel syn swurd makke dat er nea wer kwea dwaen koe.
Sadré't de reus net mear libbe, wie it oeral om de jongfeint hinne ien bliid sjongen en laitsjen - stiennen, beammen, fûgels en dieren foroaren yn bliere jonge minsken. Se kamen frij fan 'e bitovering dy't oer har lein hie. As in stoarmwyn kaem syn sniewyt hynder it paed nei it kastiel op fjouwerjen en der siet in kreaze frou op, dy't klaeid wie yn flewiel en side. Se sprong fan it hynder en rôp: ‘It is dy slagge. Hjir is dyn hynder. Ik bin de âlde frou dystou holpen haste, doe't de rooffûgel fan de tovener my deadzje woe. Mar ik bin dyn mem en ik bin keninginne yn in ryk oan 'e oare kant fan 'e bergen. Ik bin troch de tovener foroare yn 'e lilkste frou op ierde, doestou noch in lyts berntsje wieste. Ik koe dy net mear forsoargje troch dy bitovering en doe haw ik dy út 'e wei lein yn it gers ûnder in boskje’.
Se foelen elkoar yn 'e earms, mar de jongfeint stie net lang yn bistân. Hy sprong op syn hynder en út in fjouweren ried er werom nei it paleis fan 'e kening, dêr't de prinses op him wachte. Doe't er nei har keamer fleane soe, stie se al boppe oan 'e trep op him to wachtsjen. Se wie moaijer as se ea west hie - it hier hinge har oant oer de mil, har eagen ljochten as de himel op in simmerdei, har lippen wiene read as klaproazen en har stim klonk as sulveren klokjes. Togearre binne se nei de kening gongen en gjin minsken op ierde koene gelokkiger wêze as dizze trije.
De oare moarns is de jongfeint nei de hoale fan it slangewiif riden en hat de swiere kisten mei de skatten nei bûten brocht. Doe't er bûten de hoale wie, stoartten de gongen yn 'e berch mei tongerjend geweld yn en stie it kastiel op 'e top fan 'e berch yn ljochte lôge. It lêste dat er seach wie in greate flearmûs, dy't de flammen yn fleach en der net wer út kaem.
De jongfeint is mei syn prinses troud. Op 'e brulloft kamen ek syn heit en mem. En doe hearde er, dat it greate hert, dat oan 'e rânne fan 'e bosk stien hie, syn heit
| |
| |
west hie, dy't troch de tovener yn in hert foroare wie. En dy hie de kening, doe't er op 'e jacht wie, dêrhinne lokke, dat dy it bern fine en meinimme soe, omdat it oars omkomme moast. De skatten út 'e berch hawwe se fordield ûnder de minsken dy't safolle lit hiene ûnder de kweade tovener. Doe't de kening kaem to forstjerren waerd de jongfeint kening en syn prinses keninginne fan it lân en se libben noch lang en gelokkich.
|
|