Heideskyn
Ja, der waerde by ús in forhael forteld oer in lyts mantsje dat yn 'e groun wenne. Nachts koe er him foroarje yn in kreas jongfeint. Doe krige er in kear in praetsje mei in fanke en dat foel der oan wjerskanten wol yn. Hy praette altyd mei har ôf, dat se inoar yn 't tsjuster moetsje soene. It waerd sib spul, en doe diene se inoar op in nacht troubilofte en dêr liet er har djûre eden op swarre. De nacht wie swiet en it wie midsimmer. Se bleauwen sa lang op 'e heide sitten, dat de dage oer de loft roun. En doe't de jongfeint by har wei gong, seach se dat er foroare yn in lyts mantsje en dat er weiwaerd yn in gat yn 'e groun. Doe bigriep se, dat it in kweageast of in dwerch wêze moast. Mar se hie har wurd jown om mei him to trouwen en eden koe men net brekke.
De oare jounes is se der wer hinnegongen en wer kaem de kreaze jongfeint by har. Doe sei se tsjin him: ‘Dou hast my noch noait forteld hoest hytste. Hoe is dyn namme?’ Dat woe er har net fortelle, en doe sei se tsjin him: ‘Astou my dat net sizze wolste, dan wol ik fan myn troubilofte ôf’. Hy antwurde: ‘Der is mar ien manier om der ôf to kommen, en dat is astou myn namme witste’.
Doe is dat fanke nei hûs gongen, mar om middernacht hinne is se stiltsjes nei it plak weromroun dêr't se sitten hiene. En doe seach se, dat flak foar de hoale dêr't er de foarige nachts yn fordwoun wie, in fjûr baernde, en dêr dounse er omhinne. En hy song: