hie en oft er ek wist fan hwa't dat wie. It iisfûgeltsje fortelde him, dat der in bitovere prinses wenne yn 'e djippe hoale ticht by it plak dêr't de rivier ûntsprong en dat se sa moai wie dat sels it wetter foreale op har wie. Der hie noch nea ien west dy't de macht fan 'e tovener oer har brekke koe.
It iisfûgeltsje rette him oan om nei in hekse to gean, dy't yn in holle beam wenne. Dat wie de iennige dy't witte koe, hoe't de macht fan 'e tovener brutsen wurde koe. De jongfeint gong nei har ta, mar de hekse woe him neat fortelle. Se hie in greate ûle op it iene skouder sitten en in swarte raven op it oare. Doe sei de jongfeint yn 'e tael fan 'e fûgels, dat er it net foar himsels witte woe en dat it iisfûgeltsje him stjûrd hie. De ûle en de raven diene nou in goed wurdtsje foar him by de hekse en dy sei: ‘Hwatstou dwaen wolste is net ienfâldich en de kâns dat it de prins en dy it libben kostje sil is great. Alle kearen dat it folle moanne is, wasket de prinses har yn it wetter fan 'e rivier, krekt bûten de hoale dêr't se wennet. Mar de hiele omkrite wurdt dan biwekke troch forgiftige njirren. Der binne tûzenen om har hinne en gjin libben wêzen kin de prinses binei komme. En as ien fan jimmen har der al wei kriget dan bigjinne de gefaren pas foar dejinge dêr't se fan hâlde soe. De macht fan 'e tovener is great en hy sil alle prikken yn 't wurk stelle om him to deadzjen en de prinses werom to krijen. Ik kin dy fierder net helpe en dou moatst sels mar útsykje, hwat dy to dwaen stiet. Tink der lykwols om, dat hwannearst ek mar ien kear in forklearring jowste fan hwatst dochste en litste om de prins to helpen, datst dan yn stien foroarje silste!’ De jongfeint kaem werom by de prins en sei, dat er in great skip klear lizze moast by de mouning fan 'e rivier en dat er dêr wachtsje moast. Hy mocht fierder neat freegje en alles soe wol yn oarder komme.
De prins die it en de jongfeint sette de bergen yn nei it nêst fan 'e earn dy't him greatbrocht hie. It wie dyselde jounes folle moanne en sadré't de moanne boppe de bergen útkaem, fleach de earn mei de jongfeint op 'e rêch heech de loft yn en bleau stean boppe it plak dêr't de rivier út 'e rotsen sprong. De jongfeint seach, dat doe't de earste moannestrielen op it wetter fan 'e rivier foelen, der in wûndermoai jongfaem ta de hoale út kaem en har oer it wetter bûgde. Se wie sa moai dat it wetter bigoun to glinsterjen oft de sinne der op skynde. Mar der krûpten ek ûntelbere slangen ta alle gatten en iepeningen fan 'e bergen út, it like wol oft de groun libbe. Mar de earn dûkte út 'e hichte as in stien nei ûnderen en flak boppe it wetter bûgde de jongfeint him oerside en pakte de prinses om 'e mil. De slangen strûsden der fan alle kanten op ôf, mar foardat se der by wiene, fleach de earn al wer boppe de toppen fan 'e bergen en droech de jongfeint en de prinses nei it skip dat to wachtsjen lei.
De jongfeint brocht de prinses nei de kajút, dêr't de prins lei to sliepen en doe't se der yn kaem en hy har seach, hâldde er op itselde stuit mei syn hiele hert fan har en doe't hja de prins seach, wist se dat se graech foar altyd fan him wêze woe. De prins frege fan alles, mar de jongfeint sei neat, en de prinses koe net prate. De jongfeint sei allinnich, dat de prins syn rykdommen, dy't al yn it rûm fan it skip leine, meinimme en mei de prinses nei in fier lân flechtsje moast, omdat er har oars forlieze soe. De prins woe syn freon it kastiel en al syn bisittingen skinke, dan koe er dêr út 'e romte fan libje, mar doe't de jongfeint swijend fan board gean soe, bitsjutte de prinses dat se net sûnder him ôfstekke koene. Doe't de prins him frege oft er mei woe, it ûnwisse tomjitte, hoegde er him gjin momint to bitinken. Alle seilen waerden der by set en se stieken yn sé.