stien by set hiene, dat koe er, him net bigripe. Sadwaende foun er gjin rêst yn 't grêf en de hjerstmis tocht er op in joune, ik moat mar ris om my hinne sjen. Hy gong út it grêf en kaem op 'e pleats. Dêr wie it allegear ryk-eastyndysk. Ut 'e forhalen dy't se dêr hiene koe er wol opmeitsje dat de arbeider fuort soe. Dêr bigriep er neat fan, mar hy koe ek net sa lang fuort, dat hy kaem wer yn 't grêf torjochte. Mar de oare jouns gong er wer op in paed en doe seach er yn 'e arbeiderswent. Ja, dêr siet syn jongste arbeider mei de húshâlding by de kâlde kachel en neat op 'e tafel, de bern bleek en ûngedien, omdat se tomin iten krigen. En dêr hearde er dan, dat se de oare moarns ek noch út it hûs moasten. De âld boer frege him ôf, hoe kin dit nou? Ik ha se doch elk de heale pleats tamakke? Nou sit de âldste arbeider, dy't ik yn 'e groun 't minst lije mocht, prinshearlik op 'e pleats en dizze komt sahwat fan honger en ellinde om! Dat de tredde nachts, hy wer út it grêf. Hy giet nei de notaris ta, hy bigjint syn papieren nei to sjen en dêr fynt er it testamint ek. Dat hie de notaris nei de bigraffenis meinommen en opburgen. Doe seach de âld boer dan hwat der yn stiê. Ja, tocht er by himsels, mar sa haw ik it net bisteld! Dat testamint is forfalske en dit kin oars gjinien dien ha as de nijboer, de âldste arbeider, yn 'e tiid dat ik op bêd lei. Dat hy krige guozzepylk en inket en hy foroare it testamint op 'e nij. Dat testamint die er net wer yn 'e slúf dêr't it yn sitten hie, en hy lei it boppe-oan yn it laed fan notaris syn buro. Dat as de notaris der by kaem, foel syn each grif op it testamint. En de âld boer waerd wer wei.
De oare moarns komt de notaris op it kantoar en hy lûkt it laed iepen. Hy tinkt, hwat eigenaerdich - dat testamint leit boppe-oan. Hoe kin dat? By myn witten hat der gjinien by west, hwant it laed siet op slot. Hy kriget it testamint ris op en bigjint der yn to lêzen. Doe seach er, dat it dé jongste arbeider wie, dy't rjocht op 'e pleats hie en net de âldste. En der stie ek hielendal net yn, dat de âldste twahûndert goune ha moast. Hoe ha 'k dat doch hawn, frege er himself ôf. Hy smiet it op syn âlderdom. Hy wist eigentlik wol, dat it him by tiden justjes trochroun en dat er nedich ophâlde moast. Mar dit koe net! Dat hy stjûrde de faem mei in brief nei de nijboer ta, dêr't er him yn forsocht om op it kantoar to kommen. Mar dêr hie de boer it boarst al to heech ta. Hy sei: ‘Ik prakkesearje der net oer. As notaris boadskip hat, dan komt er hjir mar’.
Doe't de faem mei dy tiding by de âld man weromkaem, wie it hoarntsje danich kniesd. Hy tochte by himsels, ik sil dy helpe, maet! Dat hy liet it hynder ynslaen en hy ried nei de rjochtbank. ‘Ja’, sei de rjochter, ‘dat is in rare boel’, en hy forwiet de notaris syn sleauwens. ‘Ja, hoe't it kin is mysels ek in riedsei, mar it is mis’. Doe ha se de boer wer birjocht dien, mar dy kaem net. ‘Dit moat ûtsocht wurde’, sei de rjochter tsjin 'e notaris, ‘wolle jo moarnier werkomme?’ De oare moarns bitiid stjûrde de rjochter in doarwaerder en twa tsjinners fan it gerjocht en dy hellen de boer op. Doe't se him op it harspit namen, hakkele hy der yn om, mar de wierheit krigen se der net út, en op 't lêst woe er hielendat neat mear sizze. Doe gongen de rjochter en de notaris efkes apart. ‘Dat testamint hat er grif op 'e iene of oare manier forfalske en dat koe, hwant de âld boer biwarre it yn it kammenet’. Mar hoe't der dan nou wer hwat oars yn stean koe, dat bigriep gjinien fan beiden. Doe liezen se de boer it testamint foar en dy flokte as in kriichsheld. Fan 'e pleats ôf, dat fordomde er ivich.
Mar de oare moarns wiisde de rjochter fonnis: ‘Fan 'e middei ruilje jo mei de arbeider. Jo yn 't arbeidershûs en de arbeider op 'e pleats!’ De rjochter stjûrde der