tocht dat er net wiis wie, hwant hwat moast er nou mei sa'n ûnnoazel lyts dinkje tsjin har bigjinne? De prins gong nei syn keamer om de mantel út to lûken en ruile dêr fan plak mei de sterke broer.
Se kamen elk oan in kant fan it greate fjild foar it paleis to stean. De prinses sette de bôge op en naem de pylk, dy't trettjin man oandroegen. De sterke jongfeint stie, de akse losjes yn 'e hân, der rêstich nei to sjen. Der waerd frege oft se klear wiene, en doe't de sterke jonge ja sei, liet de prinses de pylk fan 'e snare sûzje. It wie noait liker oft der in greate beam op 'e jongfeint ôf kaem, mar hy stiek op it lêste stuit de stâlle fan syn bile foar him omheech. De pylk skampte der op ôf en fleach mei sa'n feart by him lâns, dat er in toer fan it kastiel omreage. De sterke jongfeint hie him net iens forweegd en line wer op 'e stâlle fan syn bile. De prinses wie springende lilk en frege, hwerom't er net as in keardel focht? Mar de sterke jongfeint sei, hy hie net goed yn 'e rekken hawn, dat se al bigoun wiene. Lykwols, nou't dat sa wie, moasten se mar trochgean. De prinses pakte nou it swurd, dat trettjin man oantôgen, en wer kamen se foarelkoar oer to stean op it fjild.
Doe't it sein om to bigjinnen jown waerd, sprong de prinses yn ien sprong oer it fjild. Se hantearre it swiere swurd oft it neat woech, en it flitste rjocht omheech boppe de holle fan 'e sterke jongkeardel. Dy bleau stean sa't er stie, en stiek allinnich de akse mei ien hân rjocht omheech boppe syn holle. De prinses houde ta mei it swurd yn beide hannen en doe't it delsûze fluite it der oer. Mei dat it de rêch fan 'e bile rekke, bûgde it troch, briek ôf as in woartel en fleach noch sawn jellen djip yn 'e rotsgroun. ‘Och’, sei de jongkeardel, ‘dat muoit my stom - nou haw ik jou swurd fornield. Krekt nou't ik bigjinne woe to fjochtsjen. Mar jo hawwe, mien ik, noch in foech prikke meinommen om der mei to slaen. Nim dy dan mar. Dan kinne wy bigjinne’. De prinses raesde as in wyld en fleach nei it plak dêr't de knots lei dy't trettjin keardels mar amper risse koene. Se pakte him op as wie it in swevelstok en se liet him sa hurd yn 'e rounte giselje, dat men him mar amper mear sjen koe. Op it sein dat se los koene stoude se op 'e sterke jongkeardel ôf, om him yn in pear klappen ynelkoar to slaen. Doe't se flak by him wie, wie it krekt, oft se lyk yn 'e sinne op sjen moast, hwant it blêd fan 'e akse sette in tsjil fan fjûr foar de jongfeint en by elke hou dy't se mei har knots nei him die, waerd der in daelderke ôf snien as fan in woarst by de slachter. Ear't se der erch yn ha koe, hie se neat mear yn 'e hân as it eintsje hout dat se tusken de fingers hie.
Se hie nou de striid op alle wapens forlern en moast har tawurd wol jaen om mei de winner to trouwen. Mar fan herten gong it net.
Deselde jouns roun de snoade prins mei de fordwynkappe op troch de tún en hearde in petear tusken de prinses en in man dy't er wol hearre, mar net sjen koe. Hy hearde de prinses sizzen: ‘It earste diel haw ik wol forlern, mar sadré't ik mei him troud bin, druk ik him dea’. De snoade prins fortelde it syn broer en se praetten úf dat dy nei de bruiloft de prins syn plak ynnimme soe.
Doe't de bruiloft ôfroun wie en de prins en de prinses nei har keamer soene, sei de prins tsjin har, dat er noch efkes nei syn eigen keamer moast om hwat to heljen. Dêr wiksele er fan plak mei syn broer en dy gong nei de breidskeamer. Sadré't er de keamer yn gong, kaem de ûnsichtbere prins him efternei om to sjen hwat der barde. De prinses sei tsjin de sterke jonge, dat er yn har earms komme moast, hwant se woe him tútsje. Sadré't se him bineikomme koe, sloech se de earms om him hinne