sodze; gjin wûnder dat wy earm binne’. De frou sei neat, mar sobbe op 'e pink en gûlde. Efkes letter krige de skipper wer byt en hy fong in knaep fan in mûdhoun. Hy goaide him op 't dek en hy sei tsjin syn frou: ‘Krij him en sied him!’ It minske woe de mûdhoun pakke, mar dy sloech har mei de sturt op 'e tomme en sprong wer yn 'e feart. De man sei: ‘Ik ha 't al sein, dou bist in sodze; gjin wûnder dat wy hongerlapje’. De frou sei neat; se siet op 't dek mei de fuotten yn 'e waring op har tomme to sûgen. Fuort dêrnei krige de skipper in greate gouden fisk oan 'e heak. Hy sei tsjin de frou: ‘Krij him en bried him!’ It minske pakte de fisk hiel foarsichtich beet, mar se foun him sa moai, dat se de fingers net goed tichtknipe doarst. Dat de fisk sprong der út en plompte yn 't wetter. De man smiet de angel op 'e roef en sei: ‘Dou bist in sodze en dou silst altyd wol in sodze bliuwe’. Hy gong op 'e koai en foel yn 'e sliep. De frou siet noch mei de fuotten yn 'e waring en mei de finger yn 'e mûle to gûlen.
Mar efkes letter krige se de angel en bigoun sels to fiskjen. It duorre mar koart doe hie se deselde prachtige gouden fisk wer oan 'e heak. Se sei: ‘Dou bist ek in sodze, krekt as ik!’ en se woe him mar gau wer yn 'e feart smite. Mar de fisk sei: ‘Krij in mes en skrabje my!’ It minske bigoun fan nijs to skriemen en sei: ‘Né, dat kin ik net!’ Mar de fisk sei noch ris: ‘Krij in mes en skrabje my!’ Doe pakte se in mes en skrabbe de fisk. Doe't se him hielendal skrabbe hie, krige se doch wer bigreatsjen mei him en smiet him yn 'e feart.
Sadré't de fisk it wetter rekke, krige er al syn gouden skobben werom, mar de skobben dy't de frou fan him ôfskrabbe hie, foroaren op it dek yn gouden tientsjes.
Sûnt dy tiid hawwe se noait wer earm west en de man hat syn frou noait wer foar in sodze útmakke.