plak op 'e heide gean dêr't er it akkoart mei de duvel sluten hie, en him roppe. As er kaem, moast er syn biklach dwaen, dat it rinteniershûs der net by wie. ‘Siz mar dat ik dy stjûrd ha’, sei se, ‘en doch him de groetenis. As de duvel dan freget, oft ik fan jim hannel ôf wit, dan seist mar dat ik op 'e hichte bin en dat ik ek wol saken dwaen wol. Siz mar tsjin him dat ik myn skaed ek wol op deselde bitingsten kwyt wol’. De feint stoude oerein en sei dat er dat noait lije wolle soe. Leaver gong er sels nei de hel. Mar de faem bêdde him del en sei, hy moast it nou mar oan har oerlitte. As er har mar krekt fortelde hwat de duvel sizze soe.
De oare deis sette er nei it plak op 'e heide en doe't er klokslach tolve ûre de duvel rôp kaem dy der wer yn syn twirre oan waeijen. De feint biklage him oer it rinteniershûs en sei dat syn faem hjir net kontint mei wie. De duvel frege oft it fanke dan wist hwat se ôfpraet hiene en hy antwurde, dat er it har forteld hie en dat it har fierder tige nei 't sin wie - se woe sels wol saken mei him dwaen. Doe't de duvel sei, dat dat bêst koe, bigoun er him as in wyld to tjirgjen, hy rôp dat de duvel mei syn kloeren fan har ôfbliuwe moast. De duvel liet him bitsjen en sei glimkjend, dat it fanke âld en wiis genôch wie om op harsels to passen. Se moast mar komme en oars soe hy har wol opsykje. Mei it hûs kaem it bêst yn oarder; dat soe er wol efkes regelje mei de notaris en de abbekaten. Dêr koe er mei lêze en skriuwe.
Hy fortelde syn faem wurd foar wurd hwat de duvel sein hie. Se woe de oare deis om tolve ûre mei him nei it duvelsplak op 'e heide ta. Dêr woe er wer neat fan witte, mar it fanke sette troch. Hy moast wer krekt dwaen sa't hja sei en fierder moast er mar ôfwachtsje.
In dei letter wiene se togearre om tolve ûre op it duvelsplak tusken de stiennen op 'e heide. De feint rôp de duvel en doe't dy út syn twirre stapte naem er mei in bûging de hoed ôf foar de faem. Mei in bulte moaije praetsjes en fizefazen noege er har út om op ien fan 'e stiennen sitten to gean. Hy hie noch noait safolle wille oan syn saken bilibbe, sei er. It fanke like mar hwat skrutel en draeide lytse kroltsjes yn 't hier. De duvel sei, hy hie fan har feint heard, dat se har skaed ek wol kwyt woe. Nou, hy bea har it dûbelde fan hwat er foar de feint sines jown hie. Hy biloofde har fan alles - in himel op ierde soe se krije. De jongfeint bigoun wer to swarren en to winskjen, mar hja sei, hy moast net tinke dat er in bern foar hie - se koe har sels wol rêdde. Tsjin 'e duvel sei se, dat se bêst sûnder skaed libje woe, mar dat se tsjin it ôfnimmen oanseach, hwant se wie fjûrbang fan pine en it soe wol ôfgryslike sear dwaen. Dêr fielde men neat fan, sei de duvel - se moast har feint mar freegje. Mar dy hie de smoar yn en skodholle allinnich mar. En hoe't de duvel ek oanstie, se doarst net. ‘Ik soe o sa graech wolle’, sei se, ‘koene jo my mar ris foardwaen, hoe't it yn syn wurken giet’.
De duvel seach har oan en biprakkesearre: Har eigen skaed kin ik net oankomme, salang as se sels net wol, mar dy fint sines ha 'k al. As ik dy greate moksis syn skaed efkes werjow, om har sjen to litten hoe't ik it oprôlje, dan is der neat stikken, en dan haw ik har der by! Hy sei tsjin de faem: ‘Ofpraet! Ik sil jo sjen litte, dat it neat om 'e hakken hat’. Hy stiek de hân yn 'e binnebûse en helle it oprôlle skaed fan 'e jongfeint der út. De iene ein plakte er mei de tomme wer oan 'e klompsoallen en doe rôlle er it skaed plat oer de groun út. ‘Sjoch nou mar’, sei er tsjin it fanke, ‘it giet krekt sa maklik as hwat’. Se kaem tichter by en frege, oft der gjin bloed út kaem. ‘Né’, sei de duvel, ‘sjoch sels mar!’
It fanke gong op 'e knibbels njonken it skaed lizzen en pinne it by it hollenein mei