| |
De trije prinsen en de falske prinses
Der wie ris in kening, dy hie trije soannen en by syn dea soe elk fan har in stik fan syn keninkryk to bistjûren krije. Der kaem in oarloch mei in oar lân. De kening focht mei trije legers en oan it haed fan elk leger stie ien fan syn soannen. Mar se koene it net tsjin de frjemde kening hâlde en alle trije legers waerden oan 'e lêste
| |
| |
man ta forslein. De trije prinsen moasten flechtsje en namen har heit mei. Mar de reis wie to swier foar de âld man; boppedat koe er it forlies fan syn keninkryk net forkropje en dat wie fan dy gefolgen dat er ûnderweis kaem to forstjerren.
De prinsen bidarren yn in fier lân, en omdat se alle trije har gelok sykje woene, gongen se op in fjouwersprong elk in kant út. Se hiene fan har heit elk in sniewyt hynder meikrige en se droegen alle trije in sulveren swurd op 'e side. Mei in jier soene se elkoar op itselde sté wer moetsje. De âldste broer ried rjocht nei it noarden en kaem op 't lêst yn in feanich lân torjochte. Oeral om him hinne leine greate heidefjilden en by elke stap sakken de hoeven fan syn hynder djip yn 'e modder wei. Greate slangen glieden troch it wetter en reiddompen en ûlen rôpen dea en fordjer.
Yn 'e nacht hearde er de stimmen fan gedaenten dy't oer reid en wylgen dreauwen en rounom seach er ljochtsjes dy't foar him út sweefden. Op in nacht dat er yn syn mantel birôlle lei to slomjen, hearde er om help roppen. Hy seach neat, mar hy koe it ek net oer syn hert krije en stean immen dy't yn need forkearde net by. Yn it tsjuster socht er mei it hynder by de teame it paed nei dejinge dy't rôp. Op in stuit koe er net fierder, hwant de groun gong yn baren as in oerstjûre mar. Hy stie foar in djipte yn 'e sompe en seach op in stienwerp fan him ôf in lyts mantsje yn in bosk spinreagen hingjen. It hie in lampke yn 'e hân en die neat as help roppen.
De prins rôp, hwat er foar him dwaen koe, hwant hy koe net by him komme. It mantsje rôp werom: ‘Ik bin de kening fan de wettermantsjes en dizze triedden binne sa sterk dat se net toskuord wurde kinne. It iennige dêr't ik se mei stikken snije kin, is in sulveren swurd en dat is my ûntfallen doe't ik ûnderweis wie hjirhinne. De prins rôp, dat er in sulveren swurd op 'e side hie, mar dat er net oer de weakte koe. It mantsje bigoun hast to gûlen en sei: ‘Gau, smyt it my ta, hwant de spin komt sa werom en dan bin ik forlern!’ De prins stie mei syn swurd yn 'e hân en bitocht dat it it iennige wie dêr't er him yn gefaer noch mei fordigenje koe, mar doe't er seach en hearde, hoe deabinaud as it mantsje wie, pakte er it swurd by de punt beet en goaide it krekt foar it mantsje syn hân yn 'e groun. Hy seach noch, dat er it opkrige en de triedden trochsnie, en doe waerd alles tsjuster. Der gong in gerûs troch de reiden en út 'e fierte hearde er de stim fan it mantsje, dy't rôp: ‘Folgje it reade ljochtsje dat jo nou sjogge, en alles komt goed’. De prins seach flak by him in read ljochtsje en doe't er it folge, fielde er by elke stap, dat er op hurde groun roun. Op in droech plak sette er it hynder fêst en birôlle him wer yn syn mantel.
Doe't er de oare moarns wekker waerd, lei syn swurd njonken him en der stie iten en drinken foar him ré. Yn 'e hân hie er in jildponge en doe't er him losknope, seach er in goudstik lizzen. Hy krige it der út, mar ta syn fornuvering siet der op itselde stuit wer in goudstik yn 'e ponge. En hoe faek as hy der ek in goudstik út naem, iderkear siet der ek wer in oarenien yn. It wie in jildponge dy't nea leech rekke, mar ek nea fol wurde koe. Doe't er de gouden munten der stik foar stik wer yn die, waerden se ek stik foar stik wei en der bleau op it lêst mar ien oer.
De prins ried fierder en fierder, mar der kaem gjin ein oan de heide en de sompen. Iten en drinken krige er gjin forlet fan, hwant alle moarnen as er wekker waerd, stie it njonken him ré, alhoewol't er nea hwat seach. Hy hearde ek nea wer de stim fan 'e reiddomp en de ûlen dy't dea en fordjer om him hinne rôpen. Gjin ûndier noch njirre trof er oan op syn paed en nacht en dei wie it reade flamke der om him to hoedzjen foar de weakten.
| |
| |
De middelste prins wie rjocht nei it easten riden en bilânne yn in wrâld dy't út neat as stien bistie. Oeral om him hinne riisden de bergen oan 'e himel ta en ravinen dêr't er de boaijem net fan bi-eagje koe leine njonken syn fuotten. Greate rotsblokken kamen fan 'e hichten ôf del, wylde rivieren stoartten nei ûnderen, de snie forbline him en de wyn skuorde him de mantel hast fan 'e skouders. Mei syn hynder by de teame wraksele er al mar fierder. Munsterlike fûgels dûkten op him del en bisochten him mei bek en neilen to forskuorren. Op oare mominten tearde de wrâld om him hinne ticht as in tekken en stie de skiere damp as in muorre om him hinne.
Op in nacht doe't er him yn syn mantel birôlle deljown hie yn in hoale dêr't er mei syn hynder biskûl yn foun, hearde er om help roppen. It kaem fan 'e oare kant fan in ravyn dat mei de eagen net to bidjipjen wie, en doe't er hoeden nei de kant kroep, seach er in lyts mantsje mei in lampke yn 'e hân, dat siet fêst yn in toarnebosk. ‘Help my!’ rôp it mantsje, ‘ik sit fêst yn 'e toarnen boppe it nêst fan in njirre. Dizze toarnen binne sa hurd dat se allinne mar mei in sulveren swurd trochsnien wurde kinne. Myn eigen swurd is my ûntfallen en yn 'e ôfgroun torjochte kommen!’ De prins rôp werom, dat er sels wol in sulveren swurd op 'e side hie, mar dat de ôfgroun fiersto breed wie om it mantsje to help to kommen. It mantsje rôp: ‘Ik bin de kening fan de berchmantsjes en it sil jo net komme to muoijen as jo my helpe. Smyt jou swurd nei my ta, mar gau, hwant de njirre komt der oan en dan moat ik stjerrre!’ De prins stie in tel yn birie mei it swurd yn 'e hân. Hy bitocht dat er inkeld syn swurd hie om him to fordigenjen tsjin de ûndieren dy't yn 'e hoalen húsmannen en tsjin de rooffûgels dy't him oanfoelen. Mar hy koe it mantsje de dea troch in njirre net stjerre litte; hy krige syn swurd by de punt beet en saeide it oer de ôfgroun. It kaem flak by it mantsje to lânne. Hy seach noch, dat it mantsje it beetpakte en de toarnen stikken bigoun to kapjen, mar op dat stuit waerd it roettsjuster om him hinne en hy hearde de stim fan it mantsje roppen: ‘Folgje it ljochtsje op 'e sturt fan it fjûrflinterke dat nei jo ta komt en jo sille feilich wêze!’ Doe seach er dat in read ljochtsje oer de ôfgroun hinne by him kaem en foar him út fleach. Hy folge it earst nei de gloppe dêr't syn hynder stie, en doe't it ljochtsje flak foar him út hiel súntsjes fierder dounse, koe er it net litte en gean it efternei. It wie oft syn fuotten en dy fan syn hynder laet waerden, hwant de groun wie sa sljocht as 't mar hoegde en der wie gjin útgliden en gjin misstap mooglik. Se kamen yn in rûmte dêr't it noflik toevjen wie en de prins fielde droech sân ûnder de fuotten. Hy birôlle him yn syn mantel en joech him del om to sliepen.
Doe't er de oare moarns wekker waerd, lei syn sulveren swurd njonken him en der stie iten en drinken foar him ré. Yn in herne fan in rûme hoale ûnder yn in berch stie syn hynder smaeklik to fretten fan farsk hea. Ut in iepening yn in rots streamde suver wetter. Yn 'e hân hie de prins in sulveren fluitsje en doe't er der foar aerdichheit ris op blaesde, stie de hiele hoale fol lytse mantsjes. Se wiene allegearre krektallyk yn 'e klean as de kening, dy't flak foar de prins stie. De kening fan 'e berchmantsjes sei: ‘As jo ea echt yn gefaer komme, blaes dan op dit fluitsje en hwer't jo ek binne, de berchmantsjes sille der wêze om jo to helpen’. Op itselde stuit wiene alle berchmantsjes fuort.
De prins ried al mar fierder en de bergen waerden hyltyd heger, woester en forlittener, mar de prins folge alle jounen it ljochtsje fan it fjûrflinterke en altyd wie der in waerm skûl, dêr't iten, drinken en hea klear lei. Der wie gjin ûndier dat de prins to nei kaem en gjin rooffûgel dy't der mear nei taelde om him oan to fallen.
| |
| |
De jongste prins ried nei it suden en kaem yn in tichte bosk. Yn earsten koe er noch gewoan trochride, mar de beammen waerden aloan tsjûker. It leaf boppe syn holle waerd sa ticht dat er omtrint neat mear ûnderskiede koe. De strûken krigen lange, skerpe toarnen; twigen setten har fêst om it hynder syn poaten en lieten it stroffelje. De prins rekke njonkenlytsen alle bisef kwyt, hokker kant as er út moast. Hy stapte fan 't hynder en avensearde geandefoet fierder oer in smel paed dat er himsels earst kapje moast. Nou en dan hearde er it lûd fan wylde beesten dy't troch de strûken brûsden en seach er grouwe slangen út de beammen rûgeljen. Greate flearmûzen fladderen om him hinne en doe't ien it hynder yn 'e nekke biet, sipele it bloed der út. De prins liet syn swurd net los en doe't de joun foel, birôlle er him yn syn mantel en joech him njonken it hynder del.
Midden yn 'e nacht hearde er om help roppen. Hy joech him oerein en dikere om him hinne. De stim kaem fan boppen en doe't er omheech seach, bispeurde er in lyts mantsje, dat opsluten siet yn in aksternêst op 'e tokke fan in beam. It mantsje hie in lyts lampke yn 'e hân. It nêst siet sa heech, dat de prins koe der net by, ek al gong er syn hynder op 'e rêch stean, en de beam wie fiersto tsjûk en to glêd om der yn op to klimmen. ‘Help my!’ rôp it lyts mantsje, ‘ik sit hjir biknypt yn in aksternêst en dizze tokken binne sa hurd dat se allinne mar weisnien wurde kinne mei in sulveren swurd. Myn eigen swurd is my ûntkrige troch de akster en dy komt sa werom om my to deadzjen. Ik bin de kening fan 'e boskmantsjes - jo moatte my helpe!’ De prins rôp, dat er in sulveren swurd hie, mar dat er gjin kâns seach om by it mantsje to kommen. It mantsje sei: ‘It sil jo net komme to muoijen, as jo my helpe. Goai jou swurd nei my ta!’ De prins bitocht dat it swurd syn iennige wapen wie om alle ûndieren om him hinne fan him ôf to hâlden, mar hy koe doch sa'n lyts mantsje ek net deadzje litte. Hy pakte syn swurd by de punt en goaide it omheech nei it mantsje. Hy seach noch dat it mantsje it heine koe en doe waerd alles tsjuster. Hy hearde noch de stim fan it mantsje, dat út 'e hichte wei rôp: ‘Folgje it reade ljochtsje dat brânt op in krobbe dy't jo de wei wize sil en alles komt goed!’ De prins krige syn hynder by de teame en gong efter it ljochtsje oan. Hy seach net in hân foar de eagen, mar der wie gjin beam op syn paed, gjin tokke of beamwoartel dêr't se oer stroffelen en gjin toarne dy't him stiek. Hy kaem yn in rûmte dêr't er gjin kjeld fielde en dêr't de groun droech en sêft wie. Hy birôlle him yn syn mantel en foel yn 'e sliep.
De oare moarns doe't er wekker waerd, seach er dat er yn in greate holle beam lein hie en der stie genôch iten en drinken njonken him. Foar syn hynder wie der hea en út 'e holle beam dripte suver wetter nei ûnderen. Syn hân rêstte op in hiele fine mantel en syn swurd lei njonken him. De prins foun alles mar frjemd, en omdat er hjir net bliuwe koe, stiek er syn swurd wer yn 'e skie en burch de mantel yn 'e sadeltas. Fan dat stuit ôf oan wie er neat mear brek en syn hynder likemin. De toarnen forlearen har skerpte as hy se oanrekke, de slangen en de ûndieren bleauwen fan fierrens en de flearmûzen kamen net mear del om to biten. Alle jounen wie it reade ljochtsje der en as hy it folge, wie der oan 'e ein fan 'e tocht in holle beam en stie der de oare moarns iten en drinken foar him en syn hynder ré.
Krekt in jier letter kamen de trije bruorren wer byelkoar op 'e fjouwersprong dêr't se útelkoar gongen wiene. De âldste kaem út it noarden, de middelste út it easten en de jongste út it suden. Se fortelden hwat se bilibbe hiene en it die bliken, dat se alle
| |
| |
trije salang yn 'e rounte riden hiene troch de sompen, de bergen en de bosk, dat se der krekt op 'e tiid út kommen wiene om elkoar hjir to moetsjen.
De jongste sei: ‘Dou hast in jildponge dy't nea leech reitsje kin en dou hast in fluitsje dêrst de berchmantsjes mei roppe kinste, mar hwat soe dizze mantel nou bitsjutte, dy't ik krige ha?’ Hy naem de mantel út 'e tas en se biseagen him. De jongste sei: ‘Hy is gans better as myn eigen mantel, hwant dy is toskuord troch de toarnen doe't ik de bosk yn gong’. Hy hinge de mantel om 'e rêch en sei: ‘Dit is in mantel dêr soe ik my bêst ris mei thús fortoane wolle’. Hy hie it noch net sein of hy wie fuort en ear't syn bruorren fan har forheardens bikommen wiene, stie er ek al wer foar har. Hy sei: ‘Dit is in wondermantel. Ik hie sa gau noch net sein dat ik wol ris thús sjen woe, of ik fleach as in stoarmwyn troch de loft en wie thús. De kening dy't ús forjage hat is stoarn, en syn dochter, de prinses, moat nou regearje. Lit ús der hinne gean. Miskien dat alles foroaret!’
Se rieden sa hurd as se koene troch bosken en oer fjilden, mar doe't se tichte by de grinzen fan har heite ryk kamen, sei de âldste: ‘It soe ûnforstannich wêze en gean alle trije tagelyk. Lit my earst gean - der is gjin minske dy't my mear ken, ik haw jild om to soargjen dat it jimme hjir oan neat ûnbrekke sil ûnder it wachtsjen en ik kin my dêr ek rêdde. Ik gean der op ôf om de boel ris troch 't gat to sjen en krekt mei in moanne bin ik hjir wer. Kom ik, dan hearre jim hoe't it der foar stiet - kom ik net, dan moatte jim mar sjen hwat jim dogge’.
De âldste prins ried syn heite ryk yn en kaem yn 'e haedstêd. En omdat er doch jild genôch hie, koft er foar himsels it moaiste fan it moaiste om oan to lûken. De prinses, of eigentlik de jonge keninginne, hearde dat der in skatrike frjemdling yn 'e stêd wie en noege de prins út op it paleis. It wie slim wegerjen, mar doe't er de prinses sjoen hie, koe er allinne noch mar oan har tinke. Se wie sa moai en like sa leaf dat hy waerd tige foreale.
Op in joune dat se togearre sieten, fortelde er de prinses hwa't er wie en hwat hy en syn bruorren bilibbe hiene. Hy liet har de jildponge sjen en de prinses pakte der it iene goudstik nei it oare út. Doe't se de ponge opbergje woe, sei er dat se him wol hâlde mocht, as se mei him troude, hwant dan partten se ommers doch alles.
De prinses hie as bitsjinden in kloft lytse mantsjes en se woe der wol in hiel paleis fol fan ha, sei se. De prins fortelde har dat syn broer in fluitsje hie dêr't er allegear tige lytse berchmantsjes mei roppe koe, en doe't de prinses dat hearde, sei se him ta om mei him to trouwen, sadré't er har dat fluitsje brocht hie. De prins biloofde it har en ried werom nei it sté dêr't syn bruorren pleisteren.
Hy fortelde harren dat er it bitrouwen fan 'e prinses woun hie en dat alles goed kaem, as er it fluitsje fan syn broer mar ha mocht - der moast in heap wurk forset wurde en dat koene de berchmantsjes skoan dwaen. Hy praette sa moai dat hy krige it fluitsje en se sprieken ôf dat er har mei in moanne wer forslach dwaen soe.
De prins kaem opdaegjen mei it fluitsje, en sadré't de prinses der op blaesd hie, forskynden de berchmantsjes op it paleis en se moasten alles dwaen hwat de prinses mar yn 'e holle opkaem. De prins frege, hwannear't se trouwe soene, mar nou't de prinses de jildpong en it fluitsje hie, liet se de berchmantsjes de prins opslute yn in hoale ûnder it paleis.
De earste nachts dat er yn dat hounegat gefangen siet, kaem de kening fan 'e berchmantsjes by him en sei dat er troch eigen skuld alles bidoarn hie. It iennige dat hy, de kening, noch dwaen koe wie him frijlitte, en fierder neat, hwant hy wie it
| |
| |
fluitsje kwyt en nou wie de prinses de baes oer de berchmantsjes wurden. It keninkje tikke op 'e tsjûke stiennen muorre en dy gong iepen. Dêr lei in lange gong efter, dy't ûtkaem bûten de stedswâllen. Ta ôfskie sei it lytse mantsje: ‘Ik stean net ûnder de ban fan it fluitsje. Jo kinne my noch ien kear roppe en ik sil komme om jo rie to jaen. Goai trije wite stientsjes yn 't wetter, dan kom ik mei in boat. Goai trije yn 'e loft en ik kom as fûgel. Goai trije op it lân en ik kom as in hart dat oer it lân strûst’. De prins wie hielendal forslein, mar syn leafde foar de prinses wie sa great, dat hy tocht, alles soe wol goed komme, as se earst mar hielendal fan him wie.
Hy socht it sté wer op dêr't syn beide bruorren wachten en fortelde har dat alles klearkaem. De berchmantsjes soene der foar soargje dat de soldaten fan 'e prinses ûntwapene waerden en dan koene hja mei har trijen yn har ryk weromkomme. De jongste prins woe der wol efkes hinne mei syn fleanmantel, om to sjen hoe't it gong, mar syn âldste broer praette him dat út 'e holle. It wie folle better dat hysels dat die. Mei de fleanmantel wie er yn in pear tellen hinne en wer. Syn beide bruorren fortrouden him en hy krige de wondermantel.
Doe't er as in stoarmwyn by it paleis oanfleanen kaem, seach er de prinses yn 'e tún kuijerjen. Sûnder him to bitinken grypte er har om 'e mil en naem har mei nei in eilân oan 'e oare kant fan 'e wrâld. Nou wie se fan him en nou soe alles wol goed komme tusken har.
It wie in eilân fol palmbeammen, oeral groeiden yn it wyld nuten en apels en glêsheldere rivieren streamden nei sé. Doe't de prinses fornaem dat er har yn syn macht hie, waerd se ynienen de leafste faem dy't men jin mar tinke kin. Se sei, dat se him mar op 'e proef stelle wollen hie om to sjen hoe great oft syn leafde wol net wie. Se hie altyd fan him hâlden en wie o sa bliid dat nou alles yn oarder wie. Se praette en flaeike krekt salang dat de prins har leaude en hy fortelde har, dat er har helle hie mei syn fleanmantel, dy't jin as in stoarmwyn brocht hwer't men wêze woe. De keninginne taelde net nei de mantel en sei, dat se altyd wol by him op it eilân bliuwe woe, hwant nou earst wie se echt lokkich.
Op in nacht waerd it swier waer en der stiek in kâlde wyn op. De prinses bigoun to triljen as in blêd oan 'e beam en bistoar it op har manear fan 'e kjeld. De prins hinge har syn fleanmantel om 'e skouders om har waerm to hâlden, mar se hie him noch net om of se rôp: ‘Dou silst hjir bliuwe, greate gek ast biste - ik gean nei hûs!’ En foardat de prins har gripe koe, wie se fuort en hy bleau lykme-allinne efter op it eilân.
Op in joune siet er oan 'e kant fan 'e sé en boarte hwat mei de stientsjes oan syn fuotten. Ynienen skeat him yn 't sin hwat it keninkje fan 'e berchmantsjes sein hie: ‘Goai trije wite stientsjes yn 't wetter en ik kom mei in boat!’ Sûnder birie goaide er trije wite stientsjes yn 'e weagen. Fuort dêrop seach er yn 'e fierte in wyt boatsje, dat as in séfûgel oer de krunen fan 'e weagen tipte. It sylde rjocht op him ôf en flak foar syn fuotten roun it fêst op it strân en it lyts keninkje stapte der út.
Hy wist alles al hwat der bard wie en seach de prins skodholjend oan. De prinses hâldde al wer yn har paleis ta en de prins wie se nou net mear brek. Se wie ryk, hie alle help dy't se nedich wie en koe fleane hwer't se woe. ‘Mar’, sei it keninkje, ‘der is noch ien middel om har to straffen en om datjinge werom to winnen dêr't jo en jou bruorren rjocht op hawwe’. De prins sei fuort, dat er neat mear foar himsels winske, mar dat er syn bruorren tokoart dien hie en dat woe er wer yn 't lyk bringe. It lyts keninkje sei: ‘Riede kin ik jo, mar helpe net. Jo moatte alles sels dwaen. Op
| |
| |
'e heechste berchtop fan dit eilân stiet in beam mei wondermoaije nuten der oan. Se bite jin de eagen út, mar hwa't se yt sit binnen it etmel ûnder de grouwe warten en tsjûke pûsten, en gjin dokter dy't der hwat oan dwaen kin. Mar foar de hoale dêr't it wetter út komt fan de rivier dy't hjir yn sé streamt, stiet in beamke mei fjûrreade beijen. Hwa't it sop fan dy beijen drinkt, rekket binnen fjouwerentweintich ûren alle warten en pûsten ek wer kwyt. Tink der mar ris oer nei hwat jo dêrmei dwaen kinne. Ik moat werom, en as jo wolle, kinrie jo farre, hwant ik mei jo wol riede, mar net helpe’.
De prins plôke trije nuten fan de beam en strûpte in hânfol reade beijen fan it beamke. Doe gongen se yn it boatsje en de prins naem it roer. Se roerden de weagen amper en ear't de prins it wist, stie er oan 'e oare kant fan 'e sé.
Hy ruile syn sulveren swurd oan in hynder en ried sa hurd as er koe nei de haedstêd. Hy forklaeide him as keapman en doe't de prinses útried, seach se in man yn bonte klean mei in kappe djip oer de holle oan 'e. kant fan it paed sitten. Foar him hie er in stik seildoek útspraet en dêr leine de moaiste en greatste nuten op dy't de prinses ea sjoeh hie. Se liet de keapman in goudstik tasmite en naem de trije nuten mei. Se liet se stikken slaen en se smakken har sa lekker dat se hie se alle trije mei gauwens op.
De jounes soe se mei har hofhâlding oan tafel en ynienen fielde se dat der op 'e punt fan har noas in grouwe wart opkaem. Se fleach by de tafel wei en doe't se op har keamer yn 'e spegel seach, bisaude se, hwant warten en pûsten sa great as ierdbeijen hongen har oan noas, wangen, foarholle, lippen en kin. Se strûpte de klean út en seach dat se der fan top ta teil ûnder siet. Der wie gjin plakje to finen dêr't se net sieten.
Op slach joech se oarder, de bêste dokters komme to litten om har der ôf to helpen, mar hwat dy ek diene en prebearren, it joech neat. Der wie gjin krûd foar woeksen en yn gjin inkeld boek stie hwat it wêze koe. Der kamen dokters út frjemde lannen, hwant de prinses hie bikend meitsje litten, dat de man dy't har hjir of holp sels útmeitsje mocht hwat syn lean wêze soe en it soe útbitelle wurde. Se tocht, dat se mei har jildponge dy't nea leech rekke, mei har fluitsje dat har macht joech oer de berchmantsjes en mei har fleanmantel alles ta har foldwaen hie hwat in minske mar oan lean freegje koe.
Op in joune krige se tynge, dat der in wonderdokter út in fier lân oankommen wie, dêr't se miskien baet by fine koe. Se liet him fuortendalik komme, en de prins, hwant dy wie it, hy hie him as dokter forklaeid, kaem by har. Doe't er seach hwat der fan syn moaije prinses wurden wie, krige er hast al wer meilijen mei har, mar doe't er bitocht hoe gemien en hurd as se wêze koe, wie syn leafde foar ivich en altyd bikuolle.
Hy stjûrde elkenien ta de keamer út. Doe't se togearre oerbleaun wiene, frege de prinses, oft er wist hwat har skeelde, en de frjemde dokter knikte. Doe frege se, oft hy har der ôf helpe koe en de dokter knikte wer. ‘Nou, doch it dan en sit dêr net sa om to neuljen!’ snibbe se tsjin him. Mei in fordraeide stimme sei de frjemde dokter earnstich: ‘Jou sykte komt fuort út ûnrjocht dat jo dien hawwe en der is gjin middel dat jo helpe sil, salang't jo de dingen dy't jo nou forgiftigje, net kwyt binne. Lean wol ik net hawwe, mar jo sille my trije dingen jaen moatte dy't jo stellen hawwe. Trije dingen dy't tovermacht oer jo hawwe, en as jo dat net dogge, sille jo bliuwe moatte, sa't jo nou binne en dêroan stjerre’.
| |
| |
Earst fleach de prinses op en drige dat se de frjemde dokter deameitsje litte soe, mar doe't se fielde, dat de wart oan har noas útsakke oant oer har kin, waerd se binaud en bigoun to skriemen en to smeken om holpen to wurden. De prins sei allinnich: ‘Jo moatte sels kieze - dwaen hwat ik freegje en better wurde, of hâlde hwat jo hawwe en bliuwe sa't jo binne’.
De prinses stiek de hân yn 'e bûse en smiet de jildponge foar de prins oer de flier. ‘Lit dit genôch wêze’, sei se, ‘nou binne jo sa ryk as jo mar wêze wolle, hwant dy ponge rekket net leech’. Mar de prins bleau stean hwer't er stie en sei: ‘Der binne trije dingen!’ Doe smiet de prinses it fluitsje der njonken en sei: ‘Nou binne jo net allinnich ryk, mar jo hawwe ek alle help fan 'e berchmantsjes dy't jo mar bigeare, byhwannear't jo op dat fluitsje blaze. Sjit op en help my!’
De prinses tjirge har as in wyld; se skelde en drige de dokter mei opsluting yn de djipste kelders ûnder it paleis, dêr't er opfretten wurde soe troch de rotten, mar de prins bleau rêstich stean en sei noch ris: ‘Der binne trije dingen!’ De prinses woe net om lyk, oant se fielde dat de earen út bigounen to sakjen en har op 'e skouders kamen to hingjen. Doe taestte se ûnder it kessen dêr't se op lei en smiet de fleanmantel njonken de beide oare dingen oer de flier.
De prins stiek de jildponge yn 'e iene bûse en de mantel yn 'e oare. Dêrnei krige er it fluitsje en blaesde der op. Op itselde stuit stie de keamer fol mei de berchmantsjes. De prins joech oarder om alle soldaten fan 'e keninginne to ûntwapenjen en gefangen to nimmen. It keninkje fan 'e berchmantsjes sei, dat se dêr net machtich genôch foar wiene, mar dat er help freegje soe fan de boskmantsjes en de wettermantsjes. Hy blaesde op twa hiele lytse sulveren fluitsjes en út de djipten fan de donkere bosken en út de reiden op 'e weake sompen kamen de boskmantsjes en de wettermantsjes om de berchmantsjes to helpen.
Alle soldaten en helpers fan de prinses waerden gefangen nommen en hjasels krige in fleske mei sop fan de beijen dy't har better meitsje koene. De prins warskouwe har om it net earder to nimmen as hwannear't se bûten de grinzen fan syn ryk wiene, en doe waerden se allegear it lân út set. De prinses krige de ynsizzing mei, dat se sels tusken de rotten opsluten wurde soe as se ea wer in foet binnen de grinzen fan dit lân sette doarst.
De prins hearde fan de lytse mantsjes hwer't syn beide bruorren wiene. Hy helle se op mei de fleanmantel en fortelde har alles hwat der bard wie. De iene broer joech er syn fluitsje werom en de oare syn mantel. De jildponge skonk er har boppedat, hwant hy woe boete dwaen foar alles hwat er to weech brocht hie. Mar syn beide bruorren ornearren, se hiene nou alles werom hwer't se foar striden hiene, en se joegen de trije keningen fan de lytse mantsjes werom hwat se fan elk fan har krige hiene.
De mantsjes gongen werom nei de sompen, de bergen en de bosken en se hawwe har nea wersjoen. De bruorren bistjûrden trijerisom it greate ryk en it is har nea kommen to muoijen dat se gjin tovermiddels mear ta har foldwaen hiene.
|
|