him earst ek bitelje moast, mar hy sei, dat koe de oare kear wol en oars wie myn faem der wol goed foar - hy wist wol dat ik hjir myn kommen hie’.
Dat forhael hearde tige oannimlik en der waerd fierder gjin notysje fan nommen. Mar de jouns, doe't se togearre sieten, tochte de faem al, hy is hwat oars as oars. Hyltyd mar op 'e âlde Fryske klok sjen. Se koe net krekt sizze hoe en hwat, mar hy wie oars. En doe't de klok tolve ûre slein hie - de slaggen wiene amper kâld - doe krige er de jas en hy stapte op, wylst er oars wol oan in ûre of twa, soms healwei trijen ta bleau. Se sei: ‘Hwat bist hastich!’ Nou ja, hy hie de wyks net tofolle sliep hawn en hy wist net krekt hoe't it hynder op 'e gong wie, dat sadwaende ...
Hy roun it paed del en oars skoattele se fuort ynienen de doar, mar nou seach se him efternei. En hwat wol it gefal - hy rint de oare kant út as dêr't de smid wennet. Doe skeat it troch har hinne: blikstiender, soe er hjir soms noch in faem ha dêr't er nou op ta sil? Hwant hy sette de stap der mei-iens fiks yn; it paed wist er wol, sa faek hie er hjir al west, dat hy moast op in doel ôf gean. Se fljocht yn 'e hûs, grypt in slingerdoek fan 'e kapstok en giet him efternei, stikemwei, troch de berm. En doe is er oan 't tsjerkhôf ta en dêr bliuwt er stean.
Hy seach om him hinne en doe't er hielendal gjin ûnrie fornaem, gong er troch de hikke en stoep it tsjerkhôf op. Der wiene dy wyks in pear farske grêven kommen en dêr bleau er by stean. Mar de faem slûpte súntsjes by de hage lâns dy't om it tsjerkhôf roun, krekt sa fier dat se flak njonken him wie. Troch de hage hie se him wol op 'e kuer, mar hy har net. Hy stie wer efkes to sjen en to harkjen, oft der ek ûnrie wie, en doe't er neat seach en gjin gewach hearde, doe - ja, hoe't er it sa gau foarinoar hie en hwer't er in skeppe wei hie, dat wist se ek net - mar doe wie er al mei geweld oan 't dollen yn dy beide grêven (se leine flak bymekoarren); hy graeft de kisten bleat en hyst se omheech. Hy makket se iepen, kriget de liken der út en leit se op 't tsjerkhôf. Dan lit er de kisten wer yn 'e grêven sakje en dy smyt er wer fol, wylst de liken dêr yn 't gers lizze. Nou, dêr griisde de faem suver fan en tagelyk frege se har binijd en forheard ôf, hwat soks nou yn hie.
Mar se soe noch mear grize, hwant doe't er dan de grêven wer knap tichtmakke hie en alles sekuer oprêdden, dat gjinien de oare deis merkbite soe dat der yn groeven wie, doe bigjint er mei ien fan 'e liken. Hy byt der in stik út, hy kôget hwat er kôgje kin en fret it op. Yn in omsjoch hie er it lyk op. En doe bigoun er mei it oare. Mar dat hat se net mear sjoen, hwant se foel fan harsels. En doe't se wer bykaem, wiene de liken fuort en hy wie ek fuort. Neffens har koe der net folle tiid oer forroun wêze, mar likegoed wie der nearne mear hwat to sjen.
Se sei it de oare moarns net tsjin har folk, hwant se tocht, se leauwe my doch net en dan tinke se dat ik dreamd ha. De hiele fjirtjin dagen siet se op hjitte koallen, dat de feint werkomme soe. Oan 'e iene kant seach se der nei út en oan 'e oare kant soarge se der tsjin oan. Doe't er kaem, liet se har neat skine. It hynder waerd op 'e stâl set, de skoattels waerden op 'e hynstestâlsdoar strutsen en doe kaem er yn 'e hûs. En och heden, bêst op 't skik. Hy praette nearne oer en hja praette nearne oer. En de âldelju wiene sa mei him ynnommen, de joun fleach om. Mar sa gau sieten se net togearre, of it kroppe har ta de kiel út en doe flapte se der út: ‘Hwat dyngstou dêr op it tsjerkhôf?’
Hy sjocht har oan, hy seit neat. ‘Ja’, forfette se, ‘ik woe wol ris witte hwatstou dêr op it tsjerkhôf moaste! Dat griisde my oan hwatstou dêr útfierd haste. Hwat bistou eigentlik foar in keardel?’ Hy seit noch neat, en dêr ynienen dêr stout er op